Hidde Boersma

Frits syn streken

logo.ensafh

Wannear is eat ôf genôch om mei nei bûten te kommen?

Ferline jier hobbele ik op ’e fyts op wei nei hûs by de rivier lâns. By de Mûne, dêr’t in stel bankjes op ’e ouwer steane, stie in bestelauto parkeard. In man en in frou tilden der mei muoite in gefaarte út. Ik stoppe om te sjen wat dy lju útheefden. It gefaarte bliek in selsfabrisearre wetterfyts, dy’t bestie út in kiste omliste mei in laach polyester en dêryn it mechanyk fan in âld fyts. It seach der slim amateuristysk út. En no soene se it apparaat foar de earste kear te wetter litte. Dat koe sa op it each nea in sukses wurde. Dêrom bleau ik dêr mar stean, want oars moast dy earme frou aanst har fint it wetter út lûke.

Se lieten it bousel by de kade delsakje en doe klom de fint der yn. En dêr gie er, oardel meter op paad, oer de side.

‘Tja,’ sei de frou, ‘Frits syn streken.’

Ik bin bliid dat Frits die wat er die.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *