Willem Winters

It keunstynstinkt, earste haadstik

logo.ensafh

Yn it Darwin-jier ferwachte men boeken oer Darwin en werprintigen fan syn ferneamde boeken. Dy binne ek wol útbrocht. Safolle dat jo se dit jier by de Slegte fine. Fierder binne der boeken ferskynd dy’t Darwin’s teory op in ûnferwachte wize tapasse. Bygelyks Dennis Dutton yn The art instict, [Zit kunst in onze genen?] Ít earste haadstik – ‘Landschap en verlangen’ – smiet fragen op; genôch foar dizze kollum.
Duttons antwurd is ja, fansels; oars hie er dit boek net skreaun. Hy hellet in ûndersyk oan fan in pear jier tebek wêryn’t twa wittenskippers útsochten wat – per lân – de minsken it ideale skilderij fûnen, wat moast der op te sjen wêze? Útkomst: in lânskip, bytsje deldrachtich, mei in soad blau en wetter en in bekende histoaryske persoan. Guon skilderijen fan Gerrit Benner komme, útsein dy histoaryske persoan, wol wat yn dy rjochting
Skaaimerkend foar it meast winslike lânskip dêr’t minsken har feilich by fiele, binne iepen romtes, ôfwiksele mei strewellen en beammen. Der moat wetter tichteby wêze en op syn minst rom sicht nei ien kant. Der rinne bisten en der is in ferskaat oan begroeiing.

2009-12-09-22-41-27_edited

Foto by Dennis Dutton: manlju, jacht, boskjes, rjochts in stikje hoarizon, heuvels en miskyn wetter


Nim de Prinsetún yn Ljouwert, dat is it idee yn miniatuer, sa omtrint.
Dêrfan útgeande soe it meast populêre Fryske skilderij der sa útsjen: Op in moaie simmerdei stiet Gysbert Japicx of Waling Dykstra of Douwe Kalma oan de igge fan de Burgumer Mar oer it wetter te digerjen.
Dutton beweart dat dizze foarkar gjin gefolch is fan de wrâldwide fersprieding fan kalinders mei sokke plaatsjes. Krekt oarsom, dy foarkar levere ea genetysk foardiel op en is sadwaande yn ús instinkt, as in grûnpatroan hingjen bleaun.
Hoewol’t Dutton nochal wurdryk is, is er hiel wat kearen koart om ’e hoeke. Byglyks as er it oer beammen hat. ‘In beam dêr’tst yn klimme koest wie yn it Pleistoseen in manier om oan rôfdieren te ûntsnappen, en dy kwestje fan libben en dea foarmet hjoed noch in oanpart yn ús estetyske gefoel foar beammen en yn it spontane plezier dat bern hawwe as se deryn klimme.’
Sûnt ûnderfine wy en bern beamkeklimme noch altyd as ûntsnappe oan gefaar.
In ûntrochkringber oerwâld of in flakke iepen prairy dêr hâlde minsken net fan. Yn in noflik lânskip slingert him in rivier of paad om ’e bocht, it hat in dúdlik middelpunt, wylst de oanlûkingskrêft ferhege wurdt troch in stikje hoarizon.
Ek wiist Dutton noch op in ferskil tusken manlju en froulju. Manlju hawwe ljeaver in lânskip mei rom sicht, fanwege de jacht en ferkenning, wylst froulju in taflechtrike, mei fruchten en blommen oerladen lânskip preferearje, in ferskil dat wierskynlik in evolusjonêre oarsprong hat, hâldt Dutton út.

Dat men hjir yn Fryslân altyd mar wer praat oer dat prachtige, unike lânskip, dêrt men net sûnder kin, is de minsken net kwea ôf te nimmen. Neffens Dutton sit it byld fan it ideale lânskip, sa’t dat yn de oertiid wie, ferankere yn de genen. Hja sjogge gjin woekerjende yndustry, gjin 4-baans wegen, gjin wite skimmel. Elke ½ km² dêrt it lânskip noch in kromke skaaimerk fan it ideaal fertoant, makket al wat los yn ’e minske.
It binne de genen, seit Dutton, dy’t ús langst nei it ideaal stjoere.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op