Piter Boersma, Bartle Laverman

Ta de essinsje fan de poëzy fan Bartle Laverman + Frysk Folksliet

logo.ensafh

Ta de essinsje fan de poëzy fan Bartle Laverman

Hoe kin Bartle Laverman syn poëzy karakterisearre wurde? Hy skriuwt frije fersen. Se binne tagonklik en to the point. Direkt en keal. De fokus leit by de ynhâld, net by de taal. Mar dizze oriïntaasje is, liket my ta, net de wei nei de kearn. Wy komme fierder as sjoen wurdt nei de titel fan syn bondel dy’t hjoed presintearre wurdt: In echte Fries.

Fan de Sineeske poëzy wurdt sein dat dy eins altyd gelegenheidspoëzy is. Ik tink, dat dat sa begrepen wurde moat: in dichter wol dichtsje, syn dichtier buorrelet, mar syn hâldfêst dêrby kin fan alles wêze, filosofy, godstsjinst, de oar, it eigen isolemint, de eigen driuw nei de mienskip, de natuer, de kosmos, ja joast mei witte wat, mar de Sinezen smite har anker út nei har eigen aktuele situaasje, de tiid dêr’t se yn en it plak dêr’t se op dat stuit tahâlde. By Bartle Laverman binne it de direkte eigen situaasje en it gedoch op ’e wrâld dy’t op him ynprikke. Troch Bartle syn poëzy gelegenheidspoëzy te neamen binne wy neffens my aardich ûnderweis nei in essinsjeel aspekt fan syn wurk. No hat de oantsjutting ‘gelegenheidspoëzy’ by ús gauris in negative konnotaasje – ik fyn dat net terjochte – en om dy konnotaasje fuort te nimmen soe ek de oantsjutting ‘kontekstuele poëzy’ foar kar nommen wurde kinne. In echte Fries hyt syn bondel, en tsjintwurdich giet it ommers oer identiteit. Neffens Maxima bestiet dé Nederlanner net. Neffens Bartle yn al syn irony de échte Fries wol. Dat is er sels.
Ik sitearje wat rigels út eardere bondels dêr’t it aspekt fan de aktuele tiid yn foarkomt.

Ut it gedicht ‘Lânfolk’ (s. 22) út de bondel Skimerlânskippen (1975):

guon mei dwylmûts op
noch wol hwat omdangelje
fortellers fan fergetten forhalen
(hurry ype hein dit lêste lûd)

Ype is Ype Poortinga dy’t doe mei syn bânrekorder Fryslân ôfstreupte om folksferhalen te sammeljen.

Ut it gedicht ‘freed 23’ (s. 33) út de bondel Kloentsjetee (1979):

lêste skoaldei
wurkbeoardielingen lêste klas

piet ‘tuchtigt’ net: hans hoedet
“yes master, we failed”
dat gjin gûlende studintes hjoed

Ut ‘spyt’ (s. 6) út de bondel Kophimmelje (1999):

moatst in soad
oer dy hinne komme litte
ast dy yn ’e fryske skriuwerij
bejoust:
in piter dy’t by de Stien sprekt
ôfgryslik flitsende perfesters frysk
dy’t nei dizze rigel
al wer lilk op dy binne

Bartle is nêst dichter ek filosoof. Yn de bondel Alles komt wer goed (2004) stean twa gedichten mei yn de titel it wurd ‘Heimkehr’, ‘Heimkehr 1’ (s. 9)en Heimkehr 2’ (s. 10). Yn in noat seit er: ‘Heimkehr is in term út de filosofy fan Hegel, hjoeddedei wer aktueel makke troch Roger Scruton. Koartsein moat Heimkehr opfette wurde as in metafysysk thúskommen.’ Ik sitearje it gedicht ‘Heimkehr 1’:

fryslân is fan minskehân
en kin gjin god
ferfange
wol hat it loften
fan ûnmjitlikheid
en wetter
dat it ljocht fangt
bûcht
útrôlet en wer fuortsmyt
fûgels fan fierwei

mar lân
fan minskehân
roppige stêden
diken lawaai
reekspoaren yn ’e loft
wyngiseljende mûnen

gjin fjoer
yn toarnbeibosk
lit hjir de brânwacht baarne
gjin fuort
om nimmen tsjin te kommen
gjin lûd
fan inkeld tiid

Heimkehr
moat op ierlân barre

Om wer by de nije bondel út te kommen sitearje ik út it gedicht ‘sa frysk’ (s. 7) út de bondel Master ûnder protters (1984):

niks gjin romantyk
blykt
ast yn dit begearde lân werom komst

en trochtraapjende flok ik
wêrom
wêrom litte jo it ek ta, heare
wêrom is lavermann
dizze mof
sa frysk….

Sa’t Bartle dichtet binne wy, leau ik, by wat oan de Fryske poëzy faaks in unike kant hjitte kin: al of net direkte selsekspresje, dy’t tagelyk sentiminteel en iroanysk, sa net sarkastysk is, en it anker dêrby útsmyt yn in wrâld dy’t net bûten te hâlden is, dêr’t men ienfâldichwei yn libbet. By Bartle Laverman gjin sitadel, gjin húskeamer sa’t Tamminga him dreamt: ‘Ek as ienris dyn earmen lomer / wurde en de kraften fan ús kinnen / leechskonken lizze ûnder strewellen, / dannoch sil dizze lytse sitadel in / lêste festing ús wêze, dy’t ûnnimber / is by it stoarmrinnen fan Novimber.’ Nee, by Bartle Laverman net sokke poëzy.

Sa net, yn it gedicht fan Tamminga stiet in wurd dat krekt wat foar Bartle is: Kraft. Bartle hat dat wurd noch nea brûkt, alteast net dy foarm, mar neffens my ek net de foarm dy’t wy kinne, karaf. Bartle hat it oer glêzen, en o dan wurdt it dochs by him ek hiel gesellich en hiel yntym (dat sil er oars in ferskriklik wurd fine). Ik sitearje noch in kear út de bondel Kophimmelje, en wol út it gedicht ‘aan tafel / it libben sels’ (s. 5):

aan tafel!
bij de rood gevulde glazen!
het bruin geroosterd brood
met braadlucht nog omhangen
hoenders

jirpels mei frânske tsiis
slaad mei knoflookdressing
blomkoal, beantsjes
fan dy moaie lange tinne

ik spegelje yn freonen
ik dip myn tonge
yn genot
noas
en eagen yn genot
wat ooit verboden was
zoals het leven zelf

zoals het leven zelf

Noch even dan is it safier, dan klinke wy op Herr Lavermann syn nije bondel. En sizze: ‘Proast!’ O nee: ‘Tsjoch!’
En yn in folgjende bondel brûkt er hooplik in kear it wurd ‘kraft’.

Piter Boersma
(21-10-2016)

*

Bartle Laverman

Frysk folksliet

mantsje heech op souder
wol sa graach wat mear
ûnder de minsken wêze
hoe krijt er dat no klear

stapt skruten yn ’e goate
sjocht net nei omleech
sûcht syn lêste lucht yn
en springt dan yn ’e steech!

o,o net sa mâl
sa rekkest yn ’e ûnderwâl!

jan sit yn ’e kelder
bang foar syn gewear
kin der net fan sliepe
al syn harsens dogg’ him sear

drinkt in flesse fol slokjes
stroffelet nei de doar
mei ’t gewear nei tsjerke
en jout it oan pastoar

o,o net sa mâl
sa rekkest by de skiep op stâl!

ik sil nei de winkel
om in nije broer
ien dy’t ek wat swimme kin
en net al te djoer

bûter, brea en griene tsiis
sis my dat mar nei
ast it goed seist, bêste feint
meisto mei my mei!

o,o niet zo mal
zo zak je in de onderwal!

ensafh

(Ut de krekt by Utjouwerij Hispel (www.hispel.nl) ferskynde bondel In echte Fries)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op