Skermer

Oerjefte

logo.ensafh

Ik harke niis nei de cd Johnny en Bob. Nêst solonûmers fan Cash en Dylan stean der ek duetten fan Bob Dylan mei Cash, Paul Simon en Willie Nelson op. De duetten en ek inkele oare stikken binne live-opnamen. Ik hâld fan live-opnamen. It ekstra derfan, fansels as it om in ynspirearre konsert giet, binne de lossens, de drive en de oerjefte fan ’e muzikant(en) en de sjonger(s). By duetten komt dêr dan de wille en it geniet fan it tegearre sjongen by. Wêr’t ik my hielendal troch meinimme liet wie de unplugged ferzje troch Dylan en Paul Simon fan ‘Sound of Silence’, it ferneamde nûmer fan Simon & Garfunkel. Dylan en Simon joegen har oan it liet oer, oan de melody, oan de gong der fan en oan harren eigen sjongen en se sleepten de muzikanten dêryn mei. En ik joech my dêr oan oer en oan hoe’t it doe yn my beweegde.

Skriuwe en lêze is ek in kwestje fan oerjefte. Oerjefte oan wat ûntstiet, oerjefte oan it rikken fan in tekst nei… Ja, nei wat? En dat bliuwt no krekt de fraach. Wat in tekst foar de skriuwer en foar de lêzer werklik ta wat makket dêr’t er him oan oerjaan kin is dat wat der ûnbeneamber, ûngrypber oan is.

‘O Sanjaya! Wat barde op it slachfjild fan Dharma, it slachfjild fan Kurukshetra, doe’t myn soannen en dy fan Pandu har sammele hiene en yn slachoarder opsteld stiene om te fjochtsjen?’

Dat is it begjin fan ‘Boek I De wanhope fan Arjuna’ út de Bhagavad Gita, ien fan de Upanishads út it Indyske epos de Mahabharata. De Mahabharata telt yn syn grutste omfang tûzenen siden, is tûzenen jierren âld en fertelt it ferhaal fan de striid tusken de Pandava’s en de kaurava’s. De Bhagavad Gita is de bekendste passaazje út it epos en is in werjefte fan it petear tusken Arjuna en Sri Krishna, as se foar it begjin fan ’e striid byinoar op it slachfjild stean. Nêst de haadfertelling en de Bhagavad Gita stean der withoefolle oare ferhalen yn oer goaden, minsken en demoanen, oer learaars en learlingen, oer leafde en haat, goed en kwea, libben en dea. It boek is skreaun troch Vyasa of eins troch de god Ganesa, want Brahma hie tsjin Vyasa sein: ‘O Muni, asto it epos opskriuwe wolst, tink dan oan Ganesha.’ En as Vyasa dat dan docht komt Ganesha daliks en seit: Graach sil ik de skriuwer fan dyn epos wêze, op betingst dat myn pinne gjin momint ophâldt mei te skriuwen.’ De Mahabharata is om 350 foar kristus hinne foar it earst hielendal yn it Sanskryt opskreaun.Tusken 1883 en 1896 is it foar it earst út it Sanskryt yn it Ingelsk oerset troch Kisari Mohan Ganguli. Der bestiet gjin folsleine Nederlânske oersetting fan, lit stean in Fryske. Earne yn de Mahabhrata stiet: ‘De wiisheid fan dit wurk kin ferlike wurde mei de leppel dêr’t men eachsalve mei op bringt. Dit wurk iepenet de eagen fan in sykjende wrâld, dy’t ferbline is troch it tsjuster fan ’e ûnwittendheid.’

Ik jou my oan it lêzen oer.

Ik jou my oan it skriuwen oer.

Op it krúspunt dêr’t ik yn myn ûntheistering oankommen wie seach ik aldergelokst in byld fan Ganesha. Ik rjochte my ta him om syn help by it kiezen hokker wei ik nimme soe. Ganesha stiet altyd oan it begjin fan wat, in earste ympuls. Op him koe ik te seil gean. Hy is de God fan kennis en wiisheid, nimt tûkelteammen wei en is de beskermhillige fan de reizgers, fan de minske ûnderweis, fan elkenien.
Ganesha is de soan fan Shiva en Parvati. Shiva wie lang fan hûs om te oarlogjen. Doe’t er thúskaam seach er in man yn ’e hûs en om’t er tocht dat it in ynkringer wie sloech er him yn syn oerallens de holle ôf. Doe’t Shiva ferteld waard wat er dien hie, hiet er syn tsjinstfeinten om it earste it bêste libbene wêzen te ûnthalzjen en de holle mei te nimmen. Se kamen werom mei in ôfhakte oaljefantekop. Shiva sette syn soan de holle op en it lichem fan Genesha kaam wer ta libben. Fan doe ôf oan wie er de healgod Ganesha mei de oaljefanteholle. En noch mâlder, hy ried tenei op in mûs of in rat. Wat heit Shiva dien hie is fernedering en ferheffing beide. Wat as it earste de oerhân hat?

Sjoch ris wêr’t de pinne my bringt: by it hjitte hyngizer fan myn libben.

Wêr stiet men foar? Foar de ultime oerjefte.

Wannear sil men mei rjocht sizze kinne, dat wat men docht wier wat oars is as de hakken opnimme?

Ik sjoch dat de tekst my opnommen hat. Troch de tekst ha ik in sprong makke. O Ganesha!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op