Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux(3): Oer de bergen nei de see

logo.ensafh

(Dit gedicht is de lêste tekst út in rige fan trije; de earste twa teksten wiene ferhalen.Foar it earste ferhaal yn de rige klik hjir, foar it twadde klik hjir; of sjoch ûnder ‘auteurs’ by Bert Bakker)

(1)
Oeral beweegde de see en
altyd kaam rein op’ e side
hieltyd mei straffe wyn

grau, fladderjend, grillich
fûgels skrokken op
ferlitten troch hjerst
en lange winters

Dêr libbe er:
yn mealde polders
efter dik ôfbeakene diken
op ikkers oanharke
en spoaren djip
yn lân ferovere op wetter
fol nijbouwiken
fan gelok en ienriedige húshâldingen

Hy woe fuort
wyld ferwaaie
hy woe fuort, as
wie er al ôfreizge
fier hinne

Fier fan fitraazje
fan gesellichheid en
sintrale ferwaarming
moarnsnijs op’ e radio
kofje, jirpels, bier
en de stamppot
fan erchtinkendheid en jenever

dêr gie er dan:
mei in protte fersnelling
op tsjillen fluch
fuort en
sûnder ôfskie
nei in libben
wat libbe wurde moat
yn de lúkse fan passend lijen
en
gelokkich, seach er dêr by
ôf fan al tefolle wurden

(2)
Oer in fleurich lint fan
dykjes
licht en luchtich
blau
boppe heuvels fan freugde
nei toppen
en spontaan
by einleaze fiergesichten lâns
súdoan

Swalkjend foarby
it gloaiend giel
fan hellingen mei
fjilden pears
koalsied en fierderop
lavindel
sa súdlik
o, sa sinneblommich

fierder fuort as it each sjen koe
en rook rikke koe
en leafst heech
boppe de trillingen
fan oliifbeammen bewegend
grien
boppe de flanken
fan hieltyd hegere bergen
en ôfhandige marren

fertocht heech en lichtsinnich
fier en wiid fertakke
en och, wat kin it skele
nachten near fan wyn

(3)
En dochs..
Oanhâldende wyn mei grutte krêft
en rein kaam ek op’ e side
hjir, mar dan op grutte hichte:
grau, fladderjend, grillich
en ek hjir skrokken fûgels op
fan bytsjes hjerst en koarte winters
de Middellânske see flakby

En dan..
wer wêrom nei hege wolken
kastielen wyt fan loft
mei dêr ûnder
ûntelbere molens foar de wyn
grien en blau en in einleas protte asfalt
mei auto’s dy’t traach yn einleaze staasje
mar ride fan hinne
nei wer

Soms wintertiid
mei iis en piipjen fan izers
in flecht guozzen sûnder baas
en hûs, los fan fêste boaiem
op it swart fan beferzen sleatten
op it swart fan djipferzen marren
op it kruiend iis fan langstme
nei einleaze wite flakten
flak ûnder de seespegel fan eartiids

(Oersetting: Baukje Stavinga)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op