Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (4)

logo.ensafh

(Van Tuinen hat yn dit weblogfragmint de posysje fan alwittende ferteller ynnaam; it is net rjocht dúdlik wêrom. cvdw)

De koffer

Frou Radsma hie suver wat oerstjoer en skriemerich west nei it petear mei dy eigenwize fint út Ljouwert. Madelon hie noch yn bestân stien en sis de folgjende ôfspraak telefoanysk ôf, mar dat hoegde net, sa sei it âld wyfke doe’t se letter wat bedarre wie. De wierheid moast sein wurde. “Ik bin der no noch,” wiene de lêste wurden foar’t se ôfskie naam fan Madelon en de doar fan har keamer yn fersoargingshûs Bethania ticht die.

Nei in knipperke fan sa likernôch in kertierke – it iten hie lykas wenst wer nei neat smakke – gie frou Radsma nei ûnderen ta, nei de neffens guon gesellich ynrjochte rekreaasjeseal. Der wie bingo fannejûn! Lykwols, se wie fierstentefolle yn de memoarjes wei om oan it spultsje mei te dwaan en Saakje, har freondinne mei it tinne, readferve hier makke har wat soargen. Ynienen gie frou Radsma oerein, de kofjetafel skodde der oer, eltsenien tocht dat se ‘bingo!’ roppe soe, mar se flústere, it wie amper te ferstean: “De koffer, wêr stiet dat ding?”

De ferpleechkundige kaam der by. Der wie eins net folle te rêden, mar frou Radsma waard foar de wissichheid wer nei har keamer brocht. Se socht yn har taske om it swarte notysjeboekje, dêr’t se de telefoannûmers yn opskreaun hie. De koffer soe grif noch by Herman, har oantroude neef út Snits, yn de opslach stean. Se skille.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op