Sipke de Schiffart

De tút

logo.ensafh

We koenen net fierder.
Oan ’e ein
fan de lange pier
by Moddergat
ticht by
Ingelskmanplaat.
Foar it earst dy middei
swijden we.
It wie sêft neijierswaar,
de sinne skynde,
de see lei stil oan ús fuotten.
As op in teken,
of tafallich,
draaiden ús gesichten
tagelyk
nei mekoar ta.
We seagen mekoar oan,
noait earder fan sa tichteby.
Us mûlen
waarden nei mekoar ta lutsen
as magneten.
We koenen net werom.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op