Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Twa Gedichten foar syn dochter Cynthia Lenige

Fan it nolkst fernoegen foege.
(By har 23ste jierdei)

Dy’t sûnder rym-wjok rymt, dy krûpt ear as er fljocht,
mar plichts-oantrún teamt stiif, wa kin needs-twang ûntwine?
Al lit de keunstmin har ek yn de ienfâld fine,
natoer jout wat se hat, har tinkkrêft is oprjocht

en seingt dy dêrom, fan it nolkst fernoegen foege.
Dy sillige wittenskip fangt lâns dy rjochte line:
soe ik myn sielsnju net oan har ferjierdei bine?
Ja dochter, ik gjalpje him út! Hark sjongfaams jûchhei-jûge.

It bliuwt ferdjer fan geast om fuort te turreljurkjen.
Al it lok riedt ta, slûpt-sliert, teelt oan nei it selsbewurkjen.
Ier kleaun, tel eind, komt heech, dêr stoot gjin moude him oan,

dy’t ier yn himelsk ljocht oan de ivichheid is marre.
Bliuw lang yn gods namm’ hjir ta ús fermeits bewarre!
Sa wurdt myn hertswinsk-mjit’ propstiif en ichfol rûn.

Ik ha de foarm marre mar stean litten, want it stiet nammers ek yn it wurdboek en it betsjut “oanlein as in boat” (‘afgemeerd’). It ferwiist nei de metafoar dat ús liif it boatsje is dêr’t wy mei troch DIT libben farre om lang om let yn de haven fan Gods ivichheid oan te lizzen. Keunstich hoe’t in barokdichter mei in inkelde rigel in hiel metafoarysk aventoer suggerearje kin, dêrby fansels lynjend op de doe noch algemien dielde kennis fan de kristlike fisy op it libben.

Moderne dichters, hjir is in statement foar jim: dy’t sûnder rym-wjok rymt, dy krûpt ear as er fljocht. Wêrom soene wy ús ek de hearlikheid fan rym en ritme ûntsizze litte?

Yn rigel 1-2 wurdt it keunstmjittige fan it gedicht en fan poëzij jukstaponearre (= yn tsjinstelling pleatst) njonken de natuerlike skepping fan de natoer, dy’t yn de dochter en har dwaan stal kriget. In bern reagearret natuerlik, sa goed at se kin (natoer jout wat se hat), mar in bern is sels ek in produkt fan in natuerlike hanneling dy’t yn grut geniet plakfynt (fan it nolkst fernoegen foege). NB: nolkst is in ferkoarting fan noflikst, foege is makke, wurden yn ús tiid yn de skriuwtaal bekend. By elke jierdei moat de heit wer oan de berte en oan it nolk fernoegen njoggen moanne earder weromtinke; dy sillige wittenskip makket dat er by har jierdei sa bliid as in bij is.

De lêste twa trijeregels fan dit sonnet slute wer oan by in aspekt fan it keunstmjittige, dêr’t it libben (en poëzij) net sûnder bestean kin: plicht en mjitte. Dy binne nedich foar de selsferfulling, it selsbewurkjen. De minske moat himsels in goeie rintmaster anneks bestjoerder wêze, en yn dy plicht leit teffens ús grutste lok:

It bliuwt ferdjer foar dyn geast om fuort te turreljurkjen.
Al it lok riedt ta, it slûpt, sliert, teelt oan nei it selsbewurkjen.

It sil pas yn de 19e ieu wer wêze dat wy in tsjinstelling fielle tusken lok en plicht. It is ek opfallend dat it begryp fan plicht ferbûn wurdt mei dat fan selsferfolling. Wy sjogge plicht as wat eksterns, dat ús twingt en tamtearret en earder behinderet ússels te wêzen, krekt sa’t wy rym en ritme as behindering sjogge, sels ynterpunksje … Foar de 18e ieuwer leit yn de plicht krekt de mooglikheid fan selsferfolling. It begryp plicht falt gear mei it begryp fan goed selsbestjoer. Michel Foucault werûntduts dit begryp by de klassiken doe’t er, te let yn syn libben, de idee soin pour soi (soarch foar jinsels) lansearre: it selsbewurkjen, it bewurkjen fan de akker dy’t jo sels binne.

Natoer’s driuw lit him net bedobje
(By har 24ste jierdei)

Natoer’s driuw lit him net bedobje,
al moat me’ om him de neilen knobje
en it daamsteech winsk ferrekke en lobje.
O sljurkje sêft, swiet herts-touter-stjit!

O sielnju dy’t hjir net fermôget,
mar dy’t fan bôge yn bôge bôget,
as it memmeljocht dat ús belôget,
as wrâlds spil dy’t men swiertekrêft hjit.

Hoe swim ik wer yn dy rin-swiete wiette
dy’t del stoart yn myn libbens mjitte!
Soe ik de wurdingsdei ferjitte
fan dy’t my in blide mieltyd bliuwt?

Hark, it âldershert sprekt, “bliuw oergetten
mei dat lok, sa easke, as it heechst lok setten.
en yn it wurd ivich is besletten
wat hjir ús hert oan de hope riuwt.”

Dit gedicht doar ik amper te ynterpretearjen. Wis, Cynthia Lenige wie syn favorite dochter, se skreaune inoar gedichten, tsjutten inoar oan mei de nammen fan hoeders en hoederinnen. Heit hold fan dochter, en hold heit ek tefolle fan dochter?

Natoer’s driuw lit him net bedobje,
al moat me’ om him de neilen knobje
en it daamsteech winsk ferrekke en lobje.
O sljurkje sêft, swiet herts-touter-stjit!

Natoer’s driuw is de leafde foar de dochter, mar dy leafde moat al yn ’e stokken holden wurde (en it daamsteech winsk ferrekke en lobje). Ik sjoch gjin oare ynterpretaasje; al kin men ek tinke oan in sekundêre ynterpretaasje dat in âlder tsjin syn hert yn strang yn ’e edukaasje fan syn bern wêze moat. It earste kûplet is fan in seldsume dramatyk en iepenhertigens. It twadde kûplet betinkt blidens mear yn it algemien, nei’t it hert yn betwang holden is: O sljurkje sêft, swiet herts-touter-stjit! Yn dit kûplet oppenearret him ek wer de metafoar fan emosjonele bining as swiertekrêft dy’t dingen en minsken byinoar hâldt, oars ek yn de Renaissânse in gauris foarkommende metafoar.

It tredde kûplet hat wer itselde tema dat wy yn it earste gedicht ek al mienden oan te treffen: de dochter is sels in boarne fan wille (en sels fan ferbeane gedachten) en dat bringt de dichter as fansels op it fernoegen dat er hie doe’t dochter makke, en letter berne, waard:

Hoe swim ik wer yn dy rin-swiete wiette
dy’t del stoart yn myn libbens mjitte!
Soe ik de wurdingsdei ferjitte
fan dy’t my in blide mieltyd bliuwt?

Mar tagelyk docht it him ek tinken oan syn eigen lok as poppe: de rin-swiete mjitte kin ommers ferwize nei de wiettens by it leafdesspul en by de wiettens fan it fruchtwetter. Alsa wurdt it mear algemien in symboal fan wille, libben en tankberens. Want it (net ûnseedlike) geniet is by Lenige, troch syn leauwe en syn tiid, ferbûn mei de idee fan tankberens: soe ik de wurdingsdei ferjitte? It gedicht hâldt knap allegear ambiguiteiten en suggestjes yn stân, en wurdt dêrtroch nea sa fulgêr as de literêre ûndersiker en kritikus dy’t it allegear – dat is syn taak – ferklearje en útlizze wol.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op