Willem Winters

Christo, de ynpakker

logo.ensafh

Yn 1958 makke Christo – berne yn 1935 yn Bûlgarije – syn earste ynpakkeunst. [Hy hjit folslein: Cristo Vladimir Jaracheff.] Nei’t er yn Sofia, Praach en Wenen studearre hie, soe er nei New York ferfarre.
Mar earst kaam er – yn Parys – noch yn ’e kunde mei Yves Klein, fan de monogromen; mei Jean Tinguely fan de ratteljende en rammeljende, harsels opblazende masines; mei Arman, dy’t skearapparaten, gasmaskers ensfh. yn glêzen bakken sammele. Koartsein, mei keunstners, dy’t lykas Duchamp earder, net langer foar it each wurkje woene. It wie in stel keunstners dat bot de oandacht luts en der barden bysûndere, útwrydske dingen. Nim allinne al The Beanery fan Kienholz: dy benaude, rikkerige, stoffige bar, mei trochinoarhinne pratende minsken.

Ballon, Kassel 1968

Foar it earst seach ik wurk fan Christo op de Documenta [Kassel] yn 1968. Doe pakte er noch relatyf lytse dingen yn, mar hy wist ek al in tige grut ding te realisearjen: hy pakte 5600m3 loft yn mei in ballon fan 70 meter heech. It wie doe al dúdlik dat yn it ynpakken syn takomst lei. Keunstich ynpakke is wat wy assosjearje mei de Japanners, dy’t sa prachtich kitsch en estetyk trochinoar brûke. In toutsje om in pûdsje is ien en al estetyk.
Keunstners hâlde har net langer oan foarskriften fan wat moai of estetysk is. Op dy Documenta fan ’68 krige ik in moai oersjoch fan streamingen as ljochtkeunst, opart, zerokeunst ensfh. En fan yndividuele skilderstilen [fan Gnoli, Van Golden, Jones, Indiana]. Wat objekten, projekten en ynstallaasjes oanbelanget wiene keunstners ek dwaande wat spesjaals, wat eigens te presintearjen.
Joseph Beuys makke ynstallaasjes mei ûnder oare huning en filt. Mei in deade hazze op ’e earm liet er sjen Wie man dem toten Hasen die Bilder erklärt.

De tradisjonele skilderkeunst wie foar guon keunstners in passearre stasjon: de grouwelkeamers fan Kienholz, de izerwurken fan César, de fenomenale muzyk-, ljocht- en lûdmasine fan Goldmacher en Mariotti en gean sa mar troch. [Johns, Judd, Klein, Lichtenstein, Oldenburg, Raysse, Segal, Manzoni…]
Dy tige fariearre keunstwurken hawwe in grutte ynfloed op my hân en hawwe my oant no ta fertuten dien, se hawwe foar myn each foar keunst in stevige boaiem lein.

Christo, dat wie ynpakke, op hieltyd gruttere skaal. De getallen ha dêrby altiten fan belang wist.
Yn 1995 pakte er de Reichstag yn Berlin yn. It hie 22 jier duorre foar’t er tastimmming krige. Der kamen fiif miljoen belangstellenden op ôf. De ynpakte Reichstag wie in statement. It stie dêr grutsk, wyt, de skiednis teboppe kaam.

The Floating Piers

Fan 18 juny oant 3 july 2016 wie yn Italië syn keunstwurk The Floating Piers te sjen, of better sein te belibjen. The Floating Piers bestiet út 220.000 driuwende kubussen en 100.000 m2 goudkleurich doek dêr’t in paad mei oer it Lago Iseo lein wie. De besikers koene trije kilometer kuierje.
It plan foar The Floating Piers datearre al fan 1970, dêrom wurdt Christo’s frou Jeanne-Claude, dy’t yn 2009 ferstoar, derby neamd. Sy wurke mei oan it realisearjen fan de ideeën.
Mear as in miljoen minsken ha der lykas wy oerhinne kuiere. Neitiid hawwe der noch hiel wat oer hinne en wer praat.

The Floating Piers

1,2 Miljoen leafhawwers fan Christo? Dat woe my mar net oan. Mar wêrom kamen al dy lju dan? Ik tink, om’t se dan sizze kinne dat se der wiene. Elk makke foto’s. Meast selfies.
Dêr komt noch by dat it rinnen op wetter in swiere symboalyske betsjutting hat. Ofsjoen fan Lou de Palingboer wie Jezus de iennichste dy’t dy keunst ferstie. Mar kuierje op it gouden kleed fan Christo, mei rûnom wetter en bergen bringt jin yn in wûndere stemming.

The Floating Piers

Nettsjinsteande de tocht fan tûzenen minsken ûntstiene der gjin bysûndere sosjale inisjativen. It hie wat fan de hjoed-de-dei sa populêre stille mars of wite optocht. Allinne de teeljochtsjes en blommen ûntbrutsen. Men wie mar mei himsels dwaande. Dy kilometers lange sleep like in libbene yllustraasje fan wat Christofer Lasch de ik-kultuer neamt.

Mondriaan: Pier and Ocean

The Floating Piers is plat, fysyk en filosofysk. Ik freegje my ôf wat Mondriaan – as skilder fan Pier and Ocean – fan beide wurken fine soe. Soe de Reichstag foar him net tefolle in te konkrete moraal nei foaren bringe? Wylst The Floating Piers de besiker op subtile wize it keunstwurk ynlûkt. Net raze, net oangean, dissipline, gjin spandoeken. The Floating Piers soe wolris mear fan Mondriaans Pier and Ocean hawwe kinne as dat wy op it earste each tinke.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op