Geart Tigchelaar

It beslút

logo.ensafh

‘It moat oars,’ flok ik binnenmûlsk en rôlje de hannen ta fûsten. ‘It is al te lang sa trochgien, as ik der no neat oan doch, rint it folslein út de hân.’
Ik rin nei de kuolkast ta. Ik haw it fleske suver earder oan ’e hals as dat ik de dop der ôfwipt haw. It is de langst nei feroaring dy’t my sa toarstich makket.
Sadree’t ik bûten stean en de frisse jannewarislucht opsnúf, bin ik al net mear sa wis fan de saak. De eardere lilkens sakket my as it moed yn de skuon. ‘Wat no as se…’ mompelje ik healslachtich. Ik forsearje in glimke nei de buorman dy’t krekt in skonk oer it fytsseal swaait, ôfset en fan goeie ropt.
Besluteleas stryk ik mei de hannen oer it boarst. Net om se te waarmjen, it is in tik dy’t ik altiten hân haw en dêr’t se altiten fan sein hat dat it sa karakterisearjend fan my is. Net it striken sels, mar dy rottige besluteleazens, tink ik by mysels.
Ik sprek mysels ta, dat ik no foar it earst yn myn libben trochpakke moat. Dat ik my myn hiele libben al liede litten haw. Men kin net jins hiele libben in sûch bliuwe. Of wol dan? It wurdt tiid dat ik haadrolspiler yn myn eigen toanielstik wurd ynstee fan de ivige figurant.
Yn ’e auto draai ik de kachel op folle sterkte, want in kâldklûmer haw ik altiten west. Benammen wannear’t ik senuweftich bin. Dizze wei haw ik no ynslein en op guon wegen kin men net keare.
It paad nei har ta kin ik dreame, hoe faak haw ik dêr wol net hinneriden? Hoe faak hat se my wol net belle oft ik delkomme koe? Hoe faak haw ik my wer brûke litten om der dochs hinne? Hoe faak, hoe faak? It kin gjin bliksem skele, want fan ’e middei is it foar it lêst. Ik sil har sizze wêr’t it op stiet, hoe’t it lân der mei ús hinne leit. Of eins mei my.
Foar it earst sil it oer my gean.
Mei de waarmte fan ’e kachel komt my in nuver soarte fan berêsting oer. Ik betink my dat ik mei in lyts oere wol wer yn ’e auto sitte kin. Net iens lang genôch dat de kjeld wer yn ’e auto kringe kin. Dan soe ’k frij man wêze kinne.
Foar’t ik it portier iependoch, sykhelje ik noch ien kear djip, sprek mysels moed yn en besykje selsfersekere yn ’e binnenspegel te sjen. Ik skrik suver fan it stoppelburd en de grize hierkes yn de snor. De minne nachten fan ’e ôfrûne tiid tekenje harren ôf yn pûden ûnder myn eagen. De flesse whiskey hat se in moaie reade gloede jûn. No ja, it makket it boadskip der faaks allinnich mar dúdliker op.
Ik taast nei de kaai fan har foardoar dy’t yn myn jasbûse sit. Earne bin ik wol benijd wêr’t en hoe’t ik har oantreffe sil. It is mar komselden dat ik har sa oer it mad kom. Efkes tink ik dat se miskien net iens thús is, mar dat is in domme tins.
Benammen om’t ik no dúdlik de tillefyzje registrearje. It automatisme ûnderdrukkend om myn jas oan ’e kapstok te hingjen swaai ik mei grutter geweld de keamersdoar iepen as nedich is.
In ferhearde blik sjocht nei my op fan it tillefyzjeskerm. De bylden wjerkeatse har op it gesicht, mei’t it lytse wenninkje net bot ferljochte wurdt troch deiljocht en hja nea net in soad lampen op hat.
‘Dû hjirre?’ Wannear’t men ferbjustere is, komme de meast oerstallige dingen jin oer de lippen.
‘Ja, ik hjirre,’ sis ik wylst ik de tv op stand-by doch. ‘En it is ek fuortdaliks foar it alderlêst.’ Ik moat oan it wurd bliuwe, dat hie ’k al mei mysels ôfpraten.
Dat is blykber net sa hiele dreech, want dêr’t se oars altiten de bek yn beide hannen hat, sit se my no ûnnoazel oan te sjen.
Ik sil myn sechje dwaan wannear’t ik sjoch dat har lippen begjinne te triljen en de eagen te trienjen.
‘Ik kin net oars,’ galmet nei yn ’e kâlde auto. Ik freegje my ôf wa’t it no eins sein hat.
Wy moatte it beide west hawwe, betink ik my as ik oplûk en de strjitte útrydt dêr’t ik noch sa faak komme sil.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op