Cornelis van der Wal

Switte mei Gysbert

logo.ensafh

De wichtichste priis foar Frysktalige literatuer is, ik fertel neat nijs, de Gysbert Japicxpriis. Dit jier is de poëzij oan bar, mei fan gefolgen dat ús earme Fryske dichters sawat tsjin in senuw-ynstoarting oansitte. Der komt harren neat mear út hannen, nachts wurde se, sawat fersûpend yn harren eigen swit wekker út dreamen wêryn’t in spytgnyskjende Gysbert harren skodholjend oansjocht en ‘Nee’ ropt…

Yn it ferline wie it sa dat de deputearre fan kultuer de priiswinner telefoanysk op ‘e hichte brocht. Tsjintwurdich wurdt der mei longlists en shortlists wurke, dat moat de oandacht fan it publyk lûke, is it doel. Lykwols, it ‘publyk’ hat gjin belangstelling foar Fryske literatuer, lit stean foar Frysktalige poëzij.

Ik haw dêr fierders noch gjinien oer heard, mar sûnt dit jier is der wér wat nijs betocht: de winner wurdt earst op de plechtige gearkomste op 14 Oktober 2017 yn ‘e Martinitsjerke fan Boalsert bekendmakke. Dêrmei liket de Provinsje de opset fan de Rink van der Veldepriis nei te folgjen.

Op ‘e foto hjirûnder steane de Rink-nominearren fan 2016. Anne Feddema (rjochts) krige de priis.

Sitte de Gysbert-nominearren der yn oktober ek sa by? Foto cvdw

Hoe moatte wy ús dit foarstelle? De trije (nim ik oan) nominearren sitte mei de famylje op it foarste bankje fan de Boalserter tsjerke. Wikenlang hawwe se op harren tankwurd omstind, en foar twa fan de trije hat dat om ‘e nocht west. Ik fyn persoanlik dat jo soks in minske net oandwaan mei, benammen om’t de trije nominearre dichters nei alle gedachten boppe de 60 wêze sille. Wy hoopje mar dat der in dokter yn ‘e seal is.

Der liket ek wat te feroarjen wat it prizejild oanbelanget. De trije dichters fan de shortlist krije allegear in jildbedrach, sa dielde my in betroubere ynformant mei. Giet de Haadpriis dan faaks ek omheech? En bliuwt it sa dat der in part fan it prizejild foar in oersetting reservearre wurdt? Ommers, dêr is frijwol neat fan op ‘e hispel kaam, wat de boeken fan de nijste Gysbert-winners oanbelanget.

Ik mei hoopje dat der ynkoarten mear dúdlikheid oer komme sil. De klok tikket troch, no.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *