Edwin de Groot

Gysbert 2017 (1): Edwin de Groot oer ‘as nomaden yn tinten teplak’ fan Sytse Jansma.

logo.ensafh

Dit is de earste ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

Dit jier sil de GJ-priis foar poëzij wer útrikt wurde. De longlist is ôfsluten mei (neffens my) myn eigen bondel (Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see) dy’t op 30 desimber útkaam by de Afûk. By deselde útjouwer ferskynde yn 2015 de bondel as nomaden yn tinten teplak fan Sytse Jansma.
Mar oft myn Tibetaan yn ien fan de tinten fan Sytse Jansma’s nomaden lizze mei, ik wol it net leauwe. Ja, fan Sytse sil dat grif meie, mar fan mysels? Ik soe it wolle, mar wat Sytse mei dizze bondel delset is fan in hegere oarder. Hoe’t hy mei taal omboartet, mei it ritme, mei de klanken, nijfoarmingen betinkt; it dûzelet my. Ek de besprekken fan respektabele resinsinten sa as Eppie Dam, Abe de Vries en Arjan Hut binne foar it grutste part tige posityf. Ek Klaas van der Hoek – wêrom besprekt dy man my net in kear? 🙂 – skriuwt: “Lês Sytse Jansma!”
Moai dat er trouwens mei it besprek fan Friduwih Riemersma ôfweeft. Dat frommes hat gjin sprút ferstân fan poëzij en besiket dat te ferblomjen mei heechdravend gedoch. Hawar, Jansma is wat my oanbelanget in grutte kânshawwer foar dizze priis. Lês de resinsjes der mar op nei. Op de side fan Klaas van der Hoek steane de linkjes wol.

Jansma siket de grinzen fan de taal op, is net benaud en hat ek noch in soad te fertellen. Hy lûkt him, nomaden gelyk, net in soad fan grinzen oan. Net altiten mei it optimale effekt, mar hee: nothing ventured, nothing gained. Ik sis it ek: “Lês Sytse Jansma!”

“Himelsk kleasterhea”. Prachtich: http://www.ensafh.nl/?p=41560

4
Reageer op dit artikel

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
josse de haanJelma KnolJacobus Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Jacobus
Gast

As it yn 2017 no ris in frou wurdt, tocht ik samar. Ik wit wier net hoe’t ik der op kaam. It is om de kwaliteit, tink ik, dat ik oan froulju tocht. Sa rij komme se net foar yn de lange list, mar by my steane der trije op nominaasje. Jim Jacobus

Jelma Knol
Gast
Jelma Knol

Dat wurdt de heechste tiid Kobus!

josse de haan
Gast
josse de haan

Lês yn ‘Reedride op glêd iis’ (Elikser, 2016) myn artikel GYSBERT JAPICXPRIIS FERBEAN FOAR IN DICHTERES? (side 253 – 278).
Dit stik is skreaun yn 2013 doe’t ik foar ensafh de poëzybondels hifke haw dy’t doe yn oanmerking kamen foar de GJ-priis.
Ik haw doe pleite foar Elske Kampen dy’t myn favoryt wie mei har bondel ‘Fan glês it brekken’. Se hat no wer in bondel!

Jacobus
Gast

Dat is ien fan de trije…