André Looijenga

Oprop: Skriuw mei oan ús temanûmer oer Malta

logo.ensafh

Malta! In eilânsteat midden yn de Middellânske See, fol jirpels en roomske tsjerken.

Takom jier sil Fryslân foar in jier in spesjale bân mei Malta hawwe, omdat dan tagelyk Ljouwert en dizze lytste lidsteat fan de EU de Kulturele Haadstêd fan Europa binne. Wy fan ensafh wolle dêr (op eigen manne- en frouweboet) uzes ta dwaan. Omdat wy de Maltezen, Malta en it Malteesk sels yntrinsyk nijsgjirrich en relevant fine.

Malta is in eigen lantsje, mar mei minder ynwenners as Fryslân. Mei syn hiel eigen taal – heal Arabysk, heal Italiaansk –, dêr’t sûnt de 19e ieu literatuer yn skreaun wurdt en dêr’t it plak fan Malta healweis Europa en Afrika yn elke sin yn werom te hearren is. Maltezen binne ‘meartalich’ sûnder harsels of it Malteesk te fersmiten.

Ensafh riedt op dit stuit in papieren nûmer ta mei ‘Malta’ as tema. Faaks hawwe jo wolris op Malta west, kenne jo minsken fan Malta, soene jo dêr oait wol hinne reizgje wolle, of ite jo graach maltezers. Yn al dy gefallen noegje wy jo as lêzer fan ensafh út om in koart ferhaal te skriuwen oer, of ynspirearre troch, Malta.

Betingsten:
– ynstjoere foar 8 maart 2017
– maks. ûngefear 700 wurden (d.w.s. 2 siden yn ensafh)
– non-fiksje (reisferhaal, skôging), of (as jo de werklikheid leaver in bytsje mije) fiksje
– yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streek- of stedstalen
– literêre kwaliteit en in link mei it tema Malta
– alle bydragen wurde hifke troch de redaksje foar pleatsing yn ensafh
– ynstjoerings kinne eventueel (ek) digitaal publisearre wurde
– pleatste bydragen wurde honorearre
– ynstjoere nei: redaksje@ensafh.nl

André Looijenga, einredakteur ensafh (papier)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op