Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (6)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer (2)

Bêste lêzers fan dit besletten blochke, kinne jim it wat neikomme? Iksels nauwerneed, mar bin no al wat fleuriger en net sa eangstich mear. Sa’t ik al skreau: dokter hat my nije medisinen foarskreaun, grutte giele pillen, en neffens my begjinne se oan te slaan. Neidiel is al, dat ik wat faker op it húske sit, mar lit dat foar my no krekt in daaldersk meditaasjeplak wêze…

Ik haw aldergeloks net wer fan dy ûnnoflike telefoantsjes krigen. Wy moatte mar hoopje dat it in flauwe set foar ien kear west hat.

Madelon Kiestra hat my wer maild, no mei in ferslach fan de syktocht nei ‘de koffer’. Ik kin it net litte en meitsje der wer in ferhaaltsje fan, ik wol oefenje foar de Rely Jorritsmapriis, haha. No sa:

Herman van der Zee – groubonkich, keal en mei in rûch burd- frege him ôf wer’t er yn ’e goedigheid muoike Radsma har grutte brune reiskoffer stâle hie. It ding stie him noch helder foar de geast, mar hy koe it sa gau net fine yn de gaoatyske opslachromte op it yndustryterrein oan ’e râne fan de stêd Snits. It duorre op syn minst twa oeren foar’t er in ynjouwing krige en de doar fan in suterige caravan iepen die. Dêr, ûnder it keukenblok lei de koffer, bedutsen mei spinreach. Herman wie fansels tige nijsgjirrich nei de ynhâld, mar de koffer siet op slot, en hy hie it kaaike net.

Deselde middeis noch brocht Van der Zee mei syn bestelwein de koffer nei fersoargingshûs Bethania, mar hy waard net talitten ta frou Radsma har keamer. Sy lei te sliepen, sei de ferpleechkundige en mocht net steurd wurde. It frommeske naam it op ’e noed dat de koffer moarn teplak komme soe.

De triennen skeaten Herman sawat yn ’e eagen doe’t er de ferskronfele âlde minskjes omstrampeljen seach. ‘Ik spring noch leaver foar de trein, as it by my ek safier is’, grommele er sêft foar him út..

Lykwols, frou Radsma sliepte hielendal net, se lei stoareagjend op bêd en trille betiden oer de hiele lea. Yn har stiif tichtknypte rjochterhân siet in lyts goudkleurich kaaike.

Tenei mear.

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op