Geart Tigchelaar

Gysbert 2017 (2): Geart Tigchelaar oer ‘hiemsiik’ fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

Dit is de twadde ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres. Klik hjir foar diel 1.

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

Dû hast grut gelyk, Edwin, datst Jansma nei foaren skoost as ien fan de kânshawwers, want as nomaden yn tinten teplak is in prachtbondel. Sa’t der de lêste tiid folle mear goed wurk ferskynd is. Dyn nije bondel leit hjir op it buro en dêr dûk ik noch graach in kear yn.
Mar ik woe no de nijste bondel fan myn buorman graach yn it fuotljocht sette en dan haw ik it fansels oer hiemsiik fan Elmar Kuiper. Hy hat al in yndrukwekkend oeuvre en is ferskuorrend warber, mar mei hiemsiik hat er him oertroffen. Dêr’t er yn earder wurk noch in justjes groteske en absurdistyske kant hie hat dat mear en mear plak makke foar earnst. Hy hat ús wat te fertellen. Alle eleminten komme der yn foar. De leafde, de dea, it sykjen, de natoer. Mar noch altiten dat rauwe en de needsaak ta dichtsjen wat my sa oansprekt yn Kuiper syn wurk. Koartkriemd, in bondel fan wrâldklasse dêr’t mannich dichter (ynklusyf mysels!) noch wat fan leare kinne.
Fierders is it ek nochris in moai foarmjûn boekwurkje wurden mei inkelde tekeningen fan Sjoukje Iedema. Ja, Kuiper dy sleept de GJ yn ’e wacht dit jier. Let mar op!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op