Edwin de Groot

Gysbert 2017 (3): Edwin de Groot oer ‘Man en Mem’ fan Elske Kampen

logo.ensafh

Dit is de tredde ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres. Klik hjir foar diel 1, klik hjir foar diel 2.

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

It soe my net fernuverje as de bondel dy’t Geart nei foaren skoot, Hiemsiik fan Elmar Kuiper op de shortlist komt en faaks ek noch mei de priis oan ’e haal giet. It is yndied in hiele sterke, djipdollende bondel.
Ach, witst; elke bondel hat syn foar- en tsjinstanners. Myn kar foar Sytse Jansma’s bondel besoarge my op FB al it predikaat fan ûnnutte poëzijredakteur.
No ja, ik kin net mear sizze as: Tige tank, foar dyn reaksje, Abe. Faaks is it de baas om op de ensafh-side te reagearjen, want net elkenien is op it iepenbiere rioel oansluten.

Ik soe graach de lêste bondel fan Elske Kampen nei foaren skowe wolle. Elske levere al earder prachtwurk ôf en dat is my har bondel Man en Mem al net oars. Elske miste mei har earste bondel krekt de foarige GJ-priis en dizze, har tredde bondel (it twatalige Dit is it gedicht sit dêr noch foar) docht dêr perfoarst net foar ûnder. Yn tige floeiende, bedaarde en ritmyske stiel fertelt Elkse har gedichten. Sy nimt dy by de hân mei en foardatst it as lêzer yn ’e smiezen hast, sist midden yn it grutte bosk fan de skriuwster. In bosk mei kalme iepen plakken, mar ek mei hoeken en hernen dêr’t it tsjuster en heimsinnich is. Elske’s poëzij dolt djip sûnder dat it patetysk wurdt. Eppie Dam jout net gau fiif út fiif stjerren, mar dizze bondel fertsjinnet se allegearre en Eppie jout se. Eppie iepenet syn besprek yn de LC mei de rigels “Rin myn keamer yn en sjoch, ik bin der net”. Dat binne no krekt ek de rigels dêr’t ik achter heakjen bleau. En dêroan begûn te peuterjen as oan in roofke.
“Sa sil it gean: as ik út it sicht bin kinst my oan in râne fine.” is ek sa’n rigel.

Abe de Vries skriuwt mei syn bekende grutte wurden dat dizze dichteres ien fan de grutste grutmasters fan de poëzij is. Grutte wurden yndied en dêr set de goede man himsels geregeld mei bûtenspul, mar alles went. Ik jou him yn dit gefal wol gelyk.
Elske krûpt ûnder dyn hûd en it is te hoopjen dat de GJ-sjuery by it lêzen fan de bondels fan de oare gadingmakkers dizze bondel net as earste lêst, want rekkest har taal amper mear kwyt en dan binne de oare bondels al in stik minder kansryk.
Op dizze webstek pleitet Jacobus Smink foar in froulike GJ-winner en hy tinkt û.o. oan Elske (mei wis ek de kwaliteit fan har wurk yn gedachten). Hja wie mei har earste bondel ek al in favoryt fan Josse de Haan. Dy seach de kwaliteit ek.
De foarige kear wie it krekt net foar Elske. En no…

12
Reageer op dit artikel

avatar
12 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
Jacobus Q. SminkCorneliusJacobusedwinAbe de Vries Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Abe de Vries
Gast

Wat tinke jim eins mei ditsoarte fan it ynternet fersmoargjende, yn fiif minuten byinoar koarre flauwekulstikjes, oer Poëzij net, nee, oer jim eigen desynteresse en ûnmacht, te berikken? Mear status foar de Gysbert? Mear omtinken foar de bondels? Mear wurdearring foar jim ensafh? Mear sympaty by de Provinsje? Mear likes op Facebook? In jonger publyk? In leukere ynternetfergoeding oan ‘e ein fan ‘t jier? Sis it mar, it is in riedsel.

edwin
Gast
edwin

Nee, it is gjin desynteresse, dan soenen wy der net mei safolle niget oer skriuwe. Mear status foar de Gysbert? Why not? Mear omtinken foar de bondels? Hast dêr in beswier tsjin? Ik kin it my net foarstelle. Mear wurdearring foar ús ensafh? Dat slagget mar poerbêst. It oantal besikers fan ús side groeit elke moanne. Sympaty fan de provinsje haw wy al mear as genôch. Oer FB kin ik gjin útspraken dwaan; sit ik net op en sjoch der dus ek noait nei. In jonger publyk? Why not, dêr leit de takomst. Spitich Abe; datst ús wurk net wurdearje… Lees verder »

Abe de Vries
Gast

Mei safolle niget oer skriuwe? Ik sjoch gjin niget, ik sjoch stikjes fan skoalkrantsjenivo dy’t yn fiif minuten optikt binne. Asto tinkst dat de Gysbert dêr mei tsjinne wurdt, think again. Mear omtinken foar de bondels komt der ek net troch, wol mear omtinken foar de wize sa’t jim jim der fan ôf meitsje. It sinjaal dat dêrfan útgiet is: minsken, dy dichtbondels binne net de muoite wurdich om serieus te behanneljen. Goed antwurd ek op krityk: dan lêst ús dochs net? Wy fan ensafh hawwe ‘alternative facts’, snapst wol. Slikke of stikke. Fierder falt it my op, oer grutte… Lees verder »

edwin
Gast
edwin

Ach kom no Abe: “It sinjaal dat dêrfan útgiet is: minsken, dy dichtbondels binne net de muoite wurdich om serieus te behanneljen.” Moai datsto alles sa draaie kinst dat it dy past. Dat binne pas alternative facts. Reaksjes binne altiten wolkom -ek dy fan dy-, mar myn adfys om ús net te lêzen is mear foar dyn eigen sûnens. Want de fûleinigens wêrmeisto reagearrest kin net goed wêze foar in hert. En noch efkes oer motto’s. Myn tredde, troch DY útjoene bondel hie ek motto’s (likefolle as myn nijste bondel) en jonguh, wat wiest wiis mei myn wurk en fergelikest… Lees verder »

Jacobus
Gast

Goeie goede Abe,

BEA HAT ALTYD GELYK, DAT IS ALTYD SA, mar ik lit my gjin sneinskriuwer neame, noch ien fan de redaksje fan ENSAFH (Farsk/Hjir)! Ik wol gjin weromfraach stelle, mar hoe komt it dochs datsto safolle nocht hast oan it leechlizzen fan ENSAFH? Ast sa yn it wyld slachst en sa hellich bist, meitsje dan in lange kuier nei de see. Ut ‘e hichte dwaan fyn ik net in kwaliteit en polemyk freget in soad nuanses. Hart. groeten, Jacobus Q. Smink.

Abe de Vries
Gast

Ik hie dy net op it each, Jacobus, en ik tref dy yn dit hobbyhoekje oars ek net folle oan. Ik leau net dat ik nocht haw oan it leechlizzen fan ensafh; myn reaksjes fan ‘e wike wiene ynjûn troch in domme omskriuwing fan it wurk fan Friduwih Riemersma troch jo kollega, mar wol sneinsskriuwer, E. de Groot, mear yn it algemien it nutteleaze en sels skealike rubrykje mei saneamde Gysbert-kandidaten foar beukers útlein, en de pleatsing fan in anty-wittenskiplik en anty-literêr stikje fan B. Slofstra. It kin wol wêze dat krityk jim nederige blêd net botte sinniget, dy is… Lees verder »

edwin
Gast
edwin

Fan Brodskiaansk nei sneinskriuwer. It kin hurd gean yn it unifersum fan A.
Ik haw trouwens net it WURK fan Friduwih oanhelle mar har besprek fan in bondel. Dat is nochal in ferskil, mar faaks is dat yn ‘e wrâld fan alternative facts net sa wichtich.

edwin
Gast
edwin

Ut dat besprek docht bliken dat der gjin inkeld fermogen is en sjoch fierder dat jins noas lang. Klaas van der Hoek hat dêr prima mei ôfweefd, dat hoech ik net nochris te dwaan. Dat myn wurdkar de hear de V. yn ‘e wei is is in gotspe, sjoen syn eigen arsenaal oan diskwalifikaasjes. If you can ‘t stand the heat, stay out of the sun.

Jacobus Q. Smink
Gast

Goeie goede Abe, It idee fan dizze light verse GJ 2017 komt by my wei; in fariant hat der west yn 2009. Eins is it de bedoeling dat der per stikje minimaal ien gedicht sintraal stiet, sadat der in soarte fan blomlezing ryp en grien untstiet (do sjochst wol dat ik stribje nei in aksintleas Frysk); Sa soene der likernoch 40 gedichten foar it ljocht komme kinne mei in mooglilk ‘lichtfuottich” kommintaar. Ast de aardichheid der fan ynsjen soest op ynternet… Ik. Smink, Jacobus Q. noegje dy hjirby ut en doch mei; do bist adekwaat by ‘t leven, dat oer… Lees verder »

Abe de Vries
Gast

Tankewol, Jacobus, foar de útnoeging mar ik ha it nochal bannich mei resinsjes fan, en rubrykjes oer, dichtkeunst yn it FD, en fansels foaral mei Fers2. Dêr’t it resinsearjen, likegoed as it produsearjen fan it soart stikjes dêr’t it dy om giet, no ris net net boppe-oan de wurklist stiet. Nimt net wei dat it lot fan in goede Frysktalige dichtbondel net om oer nei hûs te skriuwen is: 250 wurden yn de LC, 440 yn it FD, mei in bytsje mazzel trije siden yn de papieren ensafh, en dan flak foar de Glorieuze Gysbert Utrikking-literatuerbefoarderingshappening yn Boalsert in nóch… Lees verder »

Jacobus
Gast

Goeie goede Abe,

Sis net dat ik it net utset ha; ik ha dy noege mear as in healjier yn ‘t foarut om twa artikels fan esseewearde te skriuwen oer de oeuvres fan Aggie van der Meer en Albertina Soepboer. Publikaasje kin op Fers2, mar soe ek yn ENSAFH meie.

Hart. groeten,

Jacobus