Blog Klaas van der Hoek: Mail oan Harmen de Boer

logo.ensafh

Jo spuie yn jo mailtsje fan ôfrûne freed raar guod. Ik waard der suver kjel fan. Jo stroffelje op myn weblog oer wurdfoarmen as ‘betsjuttings’, ‘feroarings’ en ‘oersettings’ en wriuwe my Bewegingsfrysk, Jongfriezenfrysk, Douwe Kalmafrysk oan. Ja, dy meartals-s yn stee fan -en achter wurden einigjend op -ing soe sels tsjûgje fan ‘in yndoktrinearjende taalhâlding’ en ‘antyfolksk elitarisme’. Dat is net sa bêst, dêr stiet grif straf op. Myn fergryp komt, begryp ik fan jo, yn de buert fan de ‘leksikografyske genoside’ wêrmei’t Abe de Vries in jiermannich lyn de earme foarkarswurdlistmakkers fan de Fryske Akademy yn steat fan beskuldiging stelde. Us Abe, de sels o sa kliensearige ynkwisiteur fan it Frysk-kulturele wrâldsje, hat der mei jo wer in hantlanger by.

Lês fierder by Klaas van der Hoek

4
Reageer op dit artikel

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Klaas van der HoekAbe de VriesCornelis van der Wal Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Cornelis van der Wal
Gast

‘Yn it Winaam dêr’t Abe opwoeks fan boike ta boazich baaske’ Prachtich ferwurde Klaas!

Abe de Vries
Gast

Baas Klaas blaft en tsjihûahûa Knilles keft mei. Mar Klaas, Trinus hat om ‘e bliksem wol oer it saneamde standertfrysk (Kalma) en hoe nuver it is dat der guon binne – ik nim oan datsto dêr ien fan bist – dy’t de skriuwer foarskriuwe wolle watfoar Frysk se brûke moatte. Sil ik efkes sitearje wat daliks folget op it sitaat út De reade bwarre dat ik brûkte? Echt krûmpraat is de meartols-s nai vudden óp ‘-ing’, lykos ‘fergaderings’, ferhôrings’ – en dot heart mun don ek noch gaurus krekt fon lju dyt flyt óp har Friesk dógge. Taaliverders vólle ús… Lees verder »

Klaas van der Hoek
Gast

Abe sitearret opnij sa’t it him it bêste útkomt. Jawis, ‘De reade bwarre’ befettet eksplisite útspraken oer de ferhâlding tusken standert en dialekt binnen it Frysk. It boek as gehiel is sels ien grut statement oer dy ferhâlding. Mar dêr draait it net om yn de alinea mei foarbylden dêr’t meartals-s of -en nei -ing it lêste foarbyld fan is. It giet yn dy alinea om hokfoar taalfarianten de Ferwerters eigen binne. Soms heart de Ferwerter fariant ta de standert (‘sjoen’ yn plak fan ‘sjoend’) en soms net (‘seze’ yn plak fan ‘sizze’), mar dat lit in bytsje Ferwerter kâld,… Lees verder »

Abe de Vries
Gast

Sûnt 1985 is der sprake fan standerdisearring op it -s meartal. Afûk en FA hawwe dêr alle war foar dien. Sjoch Breuker, s. 24: ,,Doe’t de A(lgemiene) F(ryske) U(nderrjocht) K(ommisje) yn 1985 in beslút oer de taalnoarm naam, wie ien fan de ‘útgongspunten’: ‘by tiidwurden leaver -earje yn stee fan -eare, dus publisearje en net publiseare en yn ‘t algemien dêr’t brekking mooglik is dy yn eare hâlde en befoarderje’ (Straatsma 1988: 101); 3. morfologysk nivo: a. by kar tusken de meartalsfoarm op -en of -s foarkar foar de lêste: ‘noarms’ boppe ‘noarmen’ (‘normen’), ‘redens’ – ‘redenen’ (‘redenen’), ‘skôgings’ –… Lees verder »