Teleks: Boekepromoasje nei de Afûk (Update)

logo.ensafh

Boekepromoasje nei de Afûk

​Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân en yn oerlis mei Tresoar sil de Afûk dy promoasje- en ferkeaptaken no útfiere.
It bestjoer fan Tresoar hat yn 2016 in oriïntearjend ûndersyk útfiere litten nei it literêr klimaat yn Fryslân. Sintraal elemint fan it advys wie om de promoasje fan de Fryske literatuer oars te organisearjen. It Algemien Bestjoer fan Tresoar hat op 16 febrewaris 2017 mei dat advys ynstimd.

Sûnt it ferdwinen fan Stichting it Fryske Boek (2010) fierde Tresoar yn opdracht fan de provinsje Fryslân de taken fan dy stichting út, sa as it Aksjeboek foar bern, Kadoboek, literêre programmearring op festivals als Welcome to the Village/Explore the North, Boekefeest, Foarlêsfestival, Swalk ensfh. Fan no ôf oan leit Tresoar de klam op literatuerbefoardering en de kearntaken ynformaasje, dokumintaasje en presintaasje fan de Fryske literatuer.

Boeken fan Fryslân
De Afûk fiert sûnt 2012 útfierende taken foar Boeken fan Fryslân út, in kollektyf fan Fryske útjouwers. De stichting set him yn foar de befoardering fan de ferkeap en promoasje fan Frysktalige literatuer. Boeken fan Fryslân docht dat troch it organisearjen fan in sutelaksje, it pleatsen fan boekekisten op skoallen en aksjes yn de boekhannel, lykas it ‘Boek fan de moanne’. Yn 2016 wie Boeken fan Fryslân op de Frankfurter Buchmesse oanwêzich.

Afûk
Fan 2017 ôf lit de provinsje alle taken oangeande promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer útfiere troch de Afûk. De Afûk makket foar de kommende tiid in nij promoasje- en ferkeapplan. De Afûk moat njonken de eigen útjouwerij ek de oare útjouwers fan Fryske literatuer fertsjintwurdigje. Dat binne Audiofryk, Bornmeer, Elikser, Friese Pers Boekerij, Frysk en Frij, Hispel, KFFB, Wijdemeer en Regaad.

Fryske literatuer
De provinsje stimulearret en subsidiearret it skriuwen en útjaan fan Fryske literatuer. De Fryske literatuer is fan grut belang foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Dy beliedsfernijing oangeande de promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer jout ynfolling oan it beliedsbrief Mei hert, holle en hannen 2017 – 2020.

Dit is in útwreide ferzje fan it earder publisearre berjocht oer dizze kwestje. Tekst fan de facebook-side fan Swalk.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
0 Reacties
Inline Feedbacks
View all comments