Réaltán Ní Leannáin, Janneke Spoelstra

In koarte ynlieding yn ’e Ierske literatuer

logo.ensafh

It âldste skreaune Iersk datearret fan ’e 7de iuw en waard op skrift steld troch muontsen dy’t sawol yn it Latyn skreaune as yn it Ald-Iersk. Neist religieus materiaal, sa’t wy dat sjen kinne yn foarbylden lykas it Book of Kells, hawwe de muontsen ek poëzy, mytologyske ferhalen en wetsteksten opskreaun. Der is in grut korpus fan mûnling trochjûne Ierske myten, datearjend út de izertiid, yn dizze manuskripten opnommen. Dêr binne ferhalen fan fjildslaggen by, en beskriuwingen fan keningen, skiednissen fan boppenatuerlike foarâlden en fan nije ynvaazjes op it Ierske eilân. In soad dêrfan ferwize nei de Fiannaíocht en Rúraíocht, de beskriuwingen fan ’e mannichte oan stammen en hearen op it eilân.
It Ingelsk waard yn ’e trettjinde iuw yntrodusearre yn Ierlân, nei de Normandyske ynvaazje. De Normandiërs brochten in protte nije wurden yn ’e taal út it Frânsk wei, en brochten Ierske dichters ek yn ’e kunde mei de styl dy’t bekend stiet as hofliteratuer. It Iersk bleau lykwols de taal fan ’e literatuer yn Ierlân oant de njoggentjinde iuw, nettsjinsteande in stadige delgong dy’t begûn yn ’e santjinde iuw mei it tanimmen fan ’e Ingelske macht. De poëzy yn dy tiid wjerspegele politike en kulturele feroaringen.
Yn it lêste part fan ’e njoggentjinde iuw waard it Iersk hurd troch it Ingelsk ferfongen yn it grutste diel fan it lân. Wylst mûnlinge folkloare populêr bleau, en noch hieltyd is, is it praten en skriuwen yn it Iersk ôfnommen.
Oan ’e ein fan ’e njoggentjinde iuw, brocht kultureel nasjonalisme lykwols nije enerzjy, markearre troch de Gaelic Revival. Tsjintwurdich is it Iersk deistige omgongstaal benammen oan ’e westkust yn ferskillende gebieten dy’t Gaeltachts neamd wurde, mar it is ek in libjende taal foar in soad minsken yn stêden lykas Dublin, Belfast, Cork en Galway. Der is in libbene literêre kultuer mei proaza, poëzy, toaniel en it wurdt ek online brûkt.
Troch de iuwen hinne is it Iersk troch ferskillende talen (Skandinavyske talen, it Latyn, Frânsk en Ingelsk (troch de iene mear as troch de oare)) beynfloede. It Iersk hat ek it Ingelsk dat yn Ierlân sprutsen wurdt beynfloede. Sûnt de njoggentjinde iuw driget it Iersk lykwols echt kopke-ûnder te gean yn in wrâld dêr’t it Ingelsk mondiaal foar master opslacht.

(Oersetting: Janneke Spoelstra)

(Ek publisearre yn Ensafh, 9 ‘Éire'(2017), 1, s. 10-11.)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op