Aginda 21-04-17: Presintaasje samle wurk Tsjêbbe Hettinga

logo.ensafh

Op freed 21 april is yn Tresoar de Fryske presintaasje fan it samle wurk fan Tsjêbbe Hettinga.

It programma begjint om 16.30 en is frij tagonklik.

Piter en Wypkje Hettinga, bern fan de yn 2013 ferstoarne dichter, sille it earste eksimplaar oanbiede oan Henk Deinum, goede freon fan Hettinga en syn selskip op in grut tal bûtenlânske reizen. Yn it programma binne fierder bydragen fan de dichters Elske Kampen, Albertina Soepboer en Eppie Dam, fan Hjir-redaksjegenoat Piter Boersma, fan Ernst Bruinsma, haadredakteur fan De Moanne en fan Teake Oppewal, ien fan de gearstallers fan it boek.

Sjoch foar mear ynformaasje by Sirkwy

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *