De fraach yn de hjoeddeiske wynstilte is fansels oft ús opmerkings, bygelyks op it mêd fan it prizebelied, ek fertuten dien hawwe, oftewol oft it letter ek werklik ‘leuker’ wurdt yn en foar de Frysktalige literatuer. En dan wurdt it dochs wat apart. It muoit ús dat de ynspraak net trochlutsen is nei de spearpunten dy’t ûnderwilens keazen skine te wêzen troch de provinsje. Prate oer alles dat elk yn ’t sin komt is moai, mar no’t de provinsje út al dy oandroegen punten in kar makke hat, soe men der ferstannich oan dwaan dy keazen oandachtspunten goed te bepraten mei it fjild. En dat bart frjemd genôch net. Net handich, fine wy. Wêrom wurde alle wetlik foarskreaune mooglikheden ta ynspraak wol tapast by de oanlis fan in wei en net by it belied foar de keunst? Wat sil dat belied trouwens ynhâlde? Sit de Fryske literatuer straks op de earste feestwein fan de Kulturele Karavaan of bongelet se derûnder as fyfde tsjil? Stiet Janne Wietske yn de Grutte Poarte fan de Kulturele Haadstêd om de Fryske skriuwer wolkom ta te roppen of slûpe de lêste auteurs fuort troch de achterdoar? Wurde tiid en enerzjy fergriemd oan de safolste rige Fryske Klassiken dêr’t gjin kop op sit te wachtsjen, of wurdt struktureel ynset op it Frysktalich berneboek? Allegear fragen dy’t yn de rin fan dit jier beäntwurde wurde sille, mar dan wol bûten de belanghawwenden, en dat binne de skriuwers dochs, om. Oer draachflak sprutsen…
Dat draachflak is fan belang, want de literatuer sit, en dat jildt net allinnich foar de Frysktalige, yn in oergongsfaze. It digitale lêzen sil nei ferwachting de kommende jierren in grutte flecht nimme. Dêrtroch sil de wei skriuwer-útjouwer-boekhannel hieltyd minder fanselssprekkend wurde. Wat dat oanbelanget hoege wy mar nei de muzykwrâld te sjen om te witten hoe’t de takomst derút sjen kin. Foar in lytse literatuer as de Frysktalige hoecht de kommende digitalisearring gjin bedriging te wêzen. Earder noch biedt dizze ûntjouwing kânsen en dy binne der om te gripen.
Dat wy yn in oergongsfaze sitte bliek ek út it ophâlden fan de Sutelaksje, in fenomeen dat nergens syn wjergea hie. Wat derfoar yn ’t plak komme sil, witte wy noch net, al begjinne de kontoeren har, ik neamde it niis al, ôf te tekenjen.
Yn 2009 moasten wy ôfskie nimme fan Tony Feitsma, Tryntsje van der Zee en yllustrator Jaap de Vries. Allegear hawwe sy op har eigen wize in bydrage levere oan de skriuwerij yn Fryslân, se fertsjinje om dy reden in plakje yn ús ûnthâld.
Foar Anne Feddema en Oebele Vries wie 2009 in heuchlik jier mei it winnen fan respektivelik de Gysbert en de Joast Halbertsmapriis.
It Skriuwersboun sels kin ûnderwilens weromsjen op in súksesfol 2009. Sa hat it Literêr Sirkwy in goede trochstart makke mei optredens rûnom yn de provinsje, rûn it projekt ‘Skriuw’ om begjinnende skriuwers te stypjen troch, waard it skriuwerswykein tige goed besocht en waarden mei regelmaat skriuwerskafees en temagearkomsten organisearre. Fierder prate wy mei yn in ferskaat oan fermiddens oer it te fieren belied, fral ek wêr’t it giet om de omslach nei in nij lêzerspublyk, want as dát net slagget, is alle goedbedoelde muoite foar neat. Mar afijn, der wurdt op in ferskaat oan fronten arbeide en It Skriuwersboun docht fan herte mei. Al dat wurk koe lykwols allinnich ta stân komme troch de ynbring fan entûsjaste minsken dy’t har tiid en enerzjy beskikber stelden. Geweldich dat sokke leden der altyd wer binne.
Of moat ik sizze: nóch binne. Want dy beskikberens is abslút in punt fan soarch. It falt net ta en fyn frijwilligers dy’t de hannen út ’e mouwen stekke wolle of kinne, in ferskynsel dat al jierren spilet, en net allinnich binnen it Boun. Hjoeddei is it sa dreech dat it bestjoer him de fraach steld hat oft der wol in takomst foar It Boun is wannear’t hieltyd minder minsken hieltyd mear dwaan moatte. It hâldt nammentlik in kear op. Dêrom hat it bestjoer besletten aktyf nije leden te sykjen boppe-op de ledewinst dy’t wy de lêste tiid waarnimme, al is it net maklik de rest ek safier te krijen aktyf mei te dwaan. Minsken sykje it langer net mear yn lidmaatskippen en abonneminten, mar bewege har op oare manieren yn it fakentiids digitale fjild. En sels dêr is it net maklik wat op te setten, want in blêd as Ensafh. sit likegoed mei itselde probleem oantangele: hoe fine je geskikte minsken? Om konkreet te wurden: dit alles betsjut dat wy as Skriuwersboun neitinke moatte oer hoe fierder, mocht it net slagje nije oanfolling fan it ledebestân en dêrmei foar it potinsjeel oan frijwilligers binnen te heljen.
Want dat it sa net langer kin, is sa helder as wat: wy binne te kwetsber. It soe spitich wêze it Boun ûntbine te moatten, wylst der safolle te dwaan is, mar as it net oars kin, sil it bestjoer sa’n útstel grif oan de leden foarlizze. Net ‘leuk’ foar letter, mar oan ’e oare kant moatte wy der ek net al te dramatysk oer dwaan. Wêr’t wat ferdwynt, ûntstiet op ’t lêst ek romte foar wat nijs en miskien is romte foar nije ûntjouwings wol presys wat de Frysktalige literatuer mear as oait nedich hat.
Wy wachtsje ôf wat 2010 ús bringe sil en winskje jim in literêr nijsgjirrich jier ta!








