Sjoch ris oan: Ensafh. en Piter Boersma binne wekker. Us digitaal blêd ferkundiget sels in miening en dat mei in unikum neamd wurde. Dan moat der wrachtsjes in kwestje fan formaat wêze en dat is der dan ek: hélp, straks moatte wy fierder sûnder It Boun…
Earst dit: it is net ‘Koos Tiemersma’ dy’t It Boun opheffe wol, soks wurdt útmakke troch de léden. Piter Boersma hat jierrenlang bestjoerlik warber west, mar dit prinsipe dat foar elke feriening jildt, is him sa’t it liket ûntgien. It is spitich om it fêststelle te moatten, mar blykber is der earst in klap op ’e tafel à la Lakeman nedich om derfoar te soargjen dat guon de slûge kop út it sân skuorre, ferwyldere om har hinne gnuve en dan dogge wêr’t sa’n soad yn it Fryske MickyMouse-wrâldsje sterk yn binne: yn in goedkeape refleks sjitte en op de man spylje.
Lykwols, ik bliuw leaver saaklik, dêrom de feiten op in rychje. Foar’t ik frege waard as foarsitter, wie ik gjin lid fan it Skriuwersboun. De reden wie simpel: ik fernaam der noait wat fan, dat it wie my de muoite net. Fandêr dat ik, sa’t ik altyd doch as ik foar in funksje frege wurd, earst mar ris myn ljocht opstutsen ha by wat ‘ynwijden’ om derachter te kommen oft it sin hie tiid en enerzjy yn it Boun te stekken. It waard my dúdlik dat de yndruk dy’t ik sels al hie, kloppe: ‘De boel leit al jierren op ’e kont.’ Skrapkes, dus dit is in sitaat. Fierder ha ’k de statuten besjoen, want dat seit ek in soad, is myn ûnderfining. Ik trof in antyk epistel oan, wat it byld befêstige: hjir wie yndied jierrenlang op ’e winkel past. Foar de hân lizzende konklúzje: net dwaan. Mar om’t ik in soad oan de skriuwerij te tankjen ha en betrouwen hie yn de minsken dy’t mei my de útdaging oangean woene, ha ik dochs tastimd.
Wy binne stevich oan ’e slach gien troch in oantal aktiviteiten op ’nij op ’e rit te setten. Fierder binne wy út ein set mei de statuten, want sûnder in aktuele grûnslach is in feriening, sa’t elke bestjoerder witte kin, gjin knip foar de noas wurdich. Ik tink dat wy - Grutte Pieter stelde dat yn de Ljouwerter ek al fêst - ús wurk goed dien hawwe, wat ek bliken docht út ’e groei fan it ledetal. Dêr boppe-op sille wy, om’t soks yn it ferline fersleauke is, aktyf leden werve. Fierder binne wy net tefreden oer de belutsenens fan in soad leden en de ynfloed fan It Boun op de beslútfoarming hegerop, dat dêr leit noch in skoandere taak foar de kommende jierren.
Dat kin lykwols allinnich, ik wiisde der al op, mei aktive leden en dêr sit presys de oast: dy binne der blykber net. Sa wurdt it Sirkwy geande holden troch ien lid. Deselde situaasje by De Oesdrip en benammen ek yn it bestjoer: ûnderbesetting. It is in probleem dat net fan de lêste tiid is, mar sûnt Ate Grypstra opstapte fanwege drokte op it wurk, is it mis. It hâldt nammentlik yn dat fjouwer bestjoersleden op dit stuit alle gatten binnen It Boun opfolje en dat is net fol te hâlden. Om dy reden is it bestjoer al in jier dwaande leden te ynteressearjen om mei ús de hannen út ’e mouwen te stekken. Sa binne al mear as tweintich leden benadere en oeral is it nul op it rekest. Fierder hawwe wy yn it klupblêd al in pear kear in oprop dien: nada. Ta beslút ha ’k yn myn nijjierstaspraak de leden foarholden hoe’t it lân derhinne leit, want sa kin it net fierder. Dêrnei ha ’k frege wa’t kommentaar jaan woe: djippe stilte.
Minsken, blykber hat It Boun gjin besteansrjocht mear en om’t dit bestjoer yn tsjinstelling ta wat gebrûklik is yn it wrâldsje net benaud is de situaasje ûnder eagen te sjen, lûke wy de meast foar de hân lizzende konklúzje: wy kinne net fierder. Hawar, as der leden (of net-leden) binne dy’t der oars oer tinke: graach, want dat wie presys de bedoeling fan myn taspraak. Allinnich spitich dat de problemen fan It Boun troch Piter Boersma op it buordsje fan de foarsitter lein wurde, want it betsjut simpelwei dat de werklike problemen noch altyd net ûnderkend wurde, oftewol: de kop sil noch wat fierder út it sân moatte om werklik saken te dwaan.
Yn ’e praktyk hâldt dat it folgjende yn: foar de earstkommende ledegearkomste ferwachtsje wy dat de grutte wurden dy’t no útkreame binne, omset wurde yn dieden. Oars sein: oanmelde en kandidaat stelle foar it bestjoer, it leafste minsken mei bewiisde bestjoerlike kwaliteiten. Dat hie fansels ek earder kind, mar better let as net, sille wy mar tinke. Yn dat gefal kin It Boun fierder.
Lykwols, komt gjinien nei foaren, dan folget in útstel It Boun op te heffen. Der binne yn dat gefal twa mooglikheden:
1. De gearkomste giet hjirmei akkoard. Yn dat gefal bliuwt dit bestjoer oan om de saken kreas ôf te hanneljen en it ljocht út te dwaan.
2. De gearkomste giet net akkoard. Om’t der gjin kandidaten foar it bestjoer binne, stapt dit bestjoer op en sit It Boun sûnder bestjoer. De leden dy’t tsjin opheffing binne, meie dan útmeitsje hoe’t it fierder moat.
Ta beslút wat oer myn eigen posysje: dy is yn tsjinstelling ta wat guon ta myn fernuvering miene foar my totaal net fan belang: ik ha genôch om hannen en ferfeel my noait. En nee, pessimistys of negatyf oer de Fryske skriuwerij bin ik ek net. Realistys, dát wol. Dat net elk dat begripe kin of wol, is myn probleem net. Op de earstfolgjende ledegearkomste bin ik regulier ôftredend en ik sil de lêste wêze om watfoar oplossing dan ek yn ’e wei te stean.
Dat it wurd is oan de leden. Ik bin benijd…
Freonlike groetnis út namme fan it bestjoer,
Koos Tiemersma








