Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (7)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Moarn giet de koffer iepen…

Justerjûn krige ik in mail fan Madelon Kiestra. Der soe in koffer mei tige wichtige dokuminten by frou Radsma besoarge wêze, dy’t de koffer net iepenmeitsje doarst, net sûnder selskip en begelieding alteast. Wy hawwe in ôfspraak makke dat ik moarntemiddei delkomme sil, ik haw de hiele wike frij nommen, dat komt alsa net sa min út. It hie mei Simke te krijen, sa hie Madelon fan de frijwat senuweftich frou Radsma begrepen.

‘Jawis, it sil ek net sa wêze: in koffer mei geheime dokuminten… Ik bin dochs net yn in klisjeemjittich 19e ieusk ferhaal bedarre, wol?’ Soksoarte tinzen skeaten hinne en wer yn myn troch de medikaasje justjes ferdôve brein. Ik joech my efkes del op ’e bank en sette de koptelefoan op. Nee, ik sis net hokfoar muzyk ik draaide, ik haw myn nocht fan dat ôfwaaide kommentaar fan jim op myn treflike muzyksmaak, haha.

Letter dy middeis gong de telefoan oer – ik wie efkes benaud dat it dy sabeare Marokkaan wer wêze soe – mar ik krige Anke, myn skarreltsje út Menaam oan ’e line. Se hâlde in frijwat wiidweidich ferhaal oer har mem en har beppe en it waar, mar it kaam der úteinlik op del dat se ‘leaver net mear mei my fierder woe’. Ik waard ynienen hellige lilk, sei neat, en ferbruts de ferbining. Ik wie by steat en smyt de telefoan troch de ruten, mar koe my noch bedimje. Nei’t der noch in pear kear belle wie, luts ik de stekker derút.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op