Jelma Knol

Resinsje Meindert Bylsma ‘En dêr marsjearje ik hinne’

logo.ensafh

It jonkje op it omslach fan Meindert Bylsma syn novelle En dêr marsjearje ik hinne sjocht de lêzer in bytsje skou en ôfwachtsjend oan. Yn ’e hân hat er twa kreaze skuon: wêr sil dat hinne?, tinkt de lêzer. Mar wêrom marsjearend?

Bylsma makket dat dúdlik oan ’e hân fan syn autobiografyske oantinkens, dêr’t syn militêre tsjinsttiid sintraal yn stiet, mei ynbegryp fan in skoft yn Dútslân. Mar syn bernetiid en de reade achtergrûn fan syn pake en âlderlik hûs komme ek oan ’e oarder. De skriuwer skeakelet fernimstich om fan de iene nei de oare perioade yn syn libben, gauris mei in kaaiwurd (bygelyks sneuvelje) as brechje. Der is ek romte foar in stikje histoarje, skôgingen oer de betrouberens fan jo ûnthâld en de opkomst fan de monokultuer op it plattelân, mei tank oan Swaab, Draaisma, Freud en Johan van der Gronden. Dat wurdt allegear op in aardige, lêsbere wize dien, mar perfoarst net satirysk, hoewol’t de achterflap ús wat oars taseit.

De realistyske skets fan de militêre tsjinst, de ferfeling, de dissipline en de kammeraden is sûnder in satiryske ynslach al absurd genôch. It tiidsbyld dat er hjir opropt sil jongere lêzers grif frjemd oerkomme. Wy komme fansels ek te witten hoe’t de skriuwer der yn stie. De linkse jonge dy’t er dan al is, wol net oan ’e leie rinne. Hy hat eins in hekel oan dissipline en ‘netsjes’. Syn desynteresse yn it militêr barren giet safier dat er de measte tanks net útinoar hâlde kin. Moai sketst er it sinleaze wachtrinnen en hoe’t alles ekstra opkreaze wurde moat as prins Bernhard delkomt. De militêre tsjinst wie in tiid dy’t je sûnder al te folle skea oerlibje moasten, liket it boadskip fan it ferhaal te wêzen. Der soe in keardel fan him makke wurde, mar Bylsma makket him fral sa ûnsichtber mooglik en kin lang om let nei hûs ta mei – ta syn stomme ferbazing – in positive beoardieling.

It sympatike fan dit ferslach is dat Bylsma net opsnijt oer syn eigen rol. Dy earlikens befalt my wol. Mar it ferhaal hie om my dochs wol wat skerper mocht. Guon minsken lûke foar de rest fan har libben nuttige konklúzjes út de tsjinsttiid. Hoe kenne jo de domme sersjant op de wurkflier werom en hoe geane jo dêrmei om? Hoe witte jo wa’t in echte kammeraat yn it libben is en wa’t jo perfoarst net fertrouwe kinne? Sokke lessen foar it libben lûkt Bylsma net. De filosofyske prakkesaasjes oan it begjin en de ein fan it boek binne – liket my ta – fruchten fan letter ynsjoch.

De berneoantinkens fan Bylsma dêrfoaroer sitte fol mei subtile observaasjes dy’t yn literêr opsicht eins nijsgjirriger binne. Ik tink oan de rol fan de mem dy’t de sjah sjen wol en de heit dy’t dat allegear mar neat fynt. En de sêne dêr’t de lytse Meindert mei fyts en al de fiver yn donderet fan deselde pleats dêr’t de sjah letter op besite komt. Lis Draaisma en Swaab fuort, soe ik sizze wolle tsjin Bylsma, en hekkelje no ris alles út dy bernetiid op. Wier of net wier, dat nukt net. In moai skreaun ferhaal: dêr draait it om.

Meindert Bylsma
En dêr marsjearje ik hinne
Elikser, Ljouwert 2016
ISBN: 9789089549082
Priis € 14,50

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *