Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke April 2017

logo.ensafh

Poëzij

Arjan Hut
Aurora Bossa Nova
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176448

Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder poetysk.

Edwin de Groot
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789492176462

 

Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska:

Je bent – je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij – en alles is oké.

By wat der sa op syn wei komt, spilet by Edwin de Groot it besef fan it tydlik-wêzen fan de dingen in grutte rol. Mei wikseljende konklúzjejes jout hy dat besef foarm yn taal. Al wie it mar om foar te kommen dat jo sprakeleas tusken sliep tenûndergean.

Cornelis van der Wal
Wolf yn harnas
Hispel, Wiuwert 2016
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789074516242http://

“Illuminations”. Sa neamde de dichter Paul Verlaine it lettere wurk fan syn kollega en freon Arthur Rimbaud. Mei dat wurd tsjutte er net allinnich op mominten fan geastlike ferljochting, mar ek op wat er “coloured plates” neamt, detaillearre fersieringen of miniatuerkes út Midsieuske hânskriften. De gedichten út Wolf yn harnas binne krekt sa.

Marten Hepkes Bakker
Dan krije ek de fûgels dien
Utjouwerij Grotesk, Amsterdam 2016
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789082576221

DE FERLERNE TIID EN IT FERLERNE LAN

Sa no en dan komt der in ferlern gedicht boppe wetter en begjint in aventoerlike syktocht nei de dichter, mei sykmasines, ‘reality’ databases en bibleteekkatalogussen. Sa ek it dichtwurk fan Marten Hepkes Bakker. De identifikaasje fan de dichter, mei help fan allerhanne oersjochwurken en gegevensbanken hat úteinlik net mear opsmiten as: “bakker, schreef volkspoëzie met sociale inslag.” Mar Bakker syn gedichten wiene net ferlern; se stean gewoan yn Sljucht en Rjucht en dat Fryske tydskrift is goed beskikber.

Eppie Dam
De aap foar de bokkewein
Afûk, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789492176424

 

As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op ‘e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is.

Elske Kampen
Ynbyld
Afûk, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789492176486

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ikhttp://
de see berikke, wylst ropt in twingjend freegjen
yn my om alles wat it sjocht te neamen.

Mar leaver as te neamen, graaf ik.
Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.
En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen
fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels
wiet fan it heechspringend wetter en moarn
myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis
dat ik hjir werklik wie.

Eppie Dam
Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters
Utjouwerij De Ryp, Blauhûs 2017
Ferkeappriis € 12,00
ISBN 9789081581844

Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar lêzers fan 8 oant 88.

Dieuwke van der Meer-Posthumus (gearst.)
Leafste leave
Afûk, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 8,95
ISBN 978949217479

Hasto ynkoarten in brulloft? Of miskien silst sels yn it houliksboatsje stappe? Wat setst dan op de troukaart?
Of bist in bytsje fereale en kinst wol wat ynspiraasje brûke foar op in (Falentyns)kaartsje?
Of fynst it gewoan hearlik om moaie leafdefolle teksten en gedichten te lêzen?

Willem Abma
Us skieppehoeder fan de Griene Stjer
De Hynsteblom, De Jouwer 2017
Ferkeappriis € 5,00
ISBN: ?

Sam Westra, al jaren schaapsherder in ‘zijn’ gebied kreeg de gunning niet langer van de gemeente Leeuwarden. Meer dan drieduizend mensen tekenden een protestpetitie, de herder maakte bezwaar, de dichter dichtte en de drukker drukte.

 

Proaza

Nyk de Vries
Renger
Afûk, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 19,99
ISBN: 9789492176370

 

De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.

Hilda Talsma
Wyn fan de wierheid
Elikser, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 18,50
ISBN: 9789089548740

In hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.

 

Rommert Tjeerdsma
De foet by de kûle
KFFB, Ljussens 2016
Ferkeappriis € 16,00
ISBN: 9789491971082

Fryslân 1946. Bareld is in jongkeardel dyt mar ien ding foar eagen hat: hy moat en sil keunstner wurde. Dat ta grutte argewaasje fan syn heit dyt wol dat er, krekt as elkenien, gewoan wurk siket. Richtsje is de op ien nei âldste dochter fan Lysbet Brolsma, in widdo dyt har man op nuveraardige wize yn it lêst fan de oarloch ferlern hat. Richtsje hat ek in dream: skoaljuffer wurde. Wanneart Bareld en Richtsje elkoar foar it earst moetsje is it leafde op it earste gesicht. Der komme lykwols safolle swierrichheden op harren ta, dat it noch mar de fraach is oft dreamen werklikheid wurde kinne.

Tryntsje van der Veer
Brieven oan dy
Utjouwerij Louise, Grou 2016 Bestel by Afûk
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789491536403

Brieven oan dy – Letters to you is in twatalige novelle, Frysk en Ingelsk. Ek Ingelsk, om’t Tryntsje de novelle gruttendiels yn Skotlân skreaun hat, op Iona. By de novelle sit in CD, mei ynsprutsen teksten en muzyk fan Hans Wempe en Nathaniel van der Veenen. De CD befettet ek in opname fan “For Io, I raise up” fan V.S. Stanford, yn in útfiering troch de Leeuwarder Bachvereniging. Tryntsje sjongt yn dit koar. Oan de novelle ha ek noch meiwurke Hendrik Elings, mei tekeningen en Ankemarije Dam dy’t foar it ûntwerp stie.

Meindert Bylsma
En dêr marsjearje ik hinne
Elikser, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 14,50
ISBN: 9789089549082

Boartlike en satiryske novelle oer de libbenswei fan in lyts mantsje dat in keardel wurde moat

Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa’n lyts mantsje, dy’t op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden.

Aggie van der Meer
Ho Wu en Misty Mac
Grotesk, Amsterdam 2016
Ferkeappriis € 10,00
ISBN: 9789082576214

It kearen fan jo ûntheistering

De twa sakelju Ho Wu en Misty Mac binne net protagonist en antagonist, net inoar syn love-interest, side-kick of kontagonist. Se steane net yn in hoeder-beskermeling ferhâlding, se binne gjin sibben, gjin yntime partners yn in húslike situaasje, en ek gjin profesjonele partners yn in saaklike relaasje. Mar as diade, de meast stabile, want ommers mar twamansgroep yn de omfiemjende sosjale struktuer, behâlde de twa yn de ûnmeilydsume wrâld foarby merk en steat har maksimale sosjale hannelingsromte. Oerlibjen is net foar de fittest; it is foar de losers. De betsjutting fan it libben leit yn it bûgen fan jo kâns op kapitaal, it kearen fan jo ûndernimmersûntheistering en dan, by in sigaar en in slokje, it fangen fan de wylde man yn jo.

Piter Boersma
Molwrot
Hispel, Wiuwert 2017
Ferkeappriis € 18,50
ISBN: 9789074516228

 

“…Fertel mar in koart ferhaaltsje.”
“Hiel koart dan. It jonge moltsje kaam boppe de grűn. It soe węze. Mar dęr wie in ielreager en dy pakte him. It moltsje pipe even.”
“In wreed ferhaal,” sei Alexander.
Seleina sei: “Yn Mahler syn muzyk hear ik ek al dy mollelűden werom, opwinende, lilke, wrede, seare.”
“Hasto wat mei mollen?” sei Alexander.
“Fansels,” sei Seleina.
Se seach har Servyske freon even űnder de eachbrauwen wei oan.
Tsjin Catrinus sei se: “Hast in nuet ferhaal ferteld.”
“As ik sels nuet bin, fertel ik in nuet ferhaal,” sei er.
“Mar dat dochst nea ast mei my allinne bist.”
“Om’t ik it dan net doar.”
Seleina seach Catrinus rjocht oan en doe sloech se de eagen del.
Catrinus stuts de hân út nei har hannen dy’t op ‘e tafel leine. Krekt op dat stuit stuts Seleina de hân út nei Catrinus sines dy’t al yn de romte sweefde. De fingers fan harren hannen rekken inoar.
“It liket wol oft jim dűnsje wolle,” sei Alexander.

Gjalt de Groot
No komt it noch!
Bornmeer, De Gordyk 2017
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789056153984

 

Yn No komt it noch! bringt Gjalt de Groot syn lêzers op pakkende wize yn de wrâld fan bysûndere minsken. De haadpersoanen hawwe de smaak te pakken fan it folgjen fan har passy. Soms knoffelich, dan wer geniaal … hast! Gjalt kin as gjin oar de driuw yn harren bleatlizze by it sykjen nei lok en rom. Mei in skerp each en in grut gefoel foar humor sketst er de Fryske wrâld, dêr’t er hikke en tein is.

Koos Tiemersma
In aap klimt út ’e beam
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 17,99
ISBN: 978 9033 000188

In aap klimt út ’e beam is in mei faasje en humor skreaune satire en foarmet in bitend kommentaar op in maatskippij dêr’t ûnfrede foar master opslacht en de waan fan ’e dei regeart.

Oersettingen

Kathy Reichs / Ytsje Hoekstra
Oanfal
Elikser, Ljouwert 2016
Ferkeappriis € 22,50
ISBN: 9789089549198

Yn dit spannende twadde diel fan de Firalen-searje sykje Tory en har freonen om in ferburgen pirateskat.

In leginde fan 300 jier ferlyn.
It thúsplak fan de Firalen op Loggerhead Island wurdt bedrige. Inkeld in slompe jild kin de minsken en bisten dêre noch rêde.
Der geane âlde ferhalen oer in stoere froulike piraat dy’t in skat ferstoppe hat yn Charleston. Gjinien wit wêre, mar Tory Brennan – it achternichtsje fan de forinsysk antropologe Dr. Temperance Brennan – is der wis fan dat de Firalen de kryptyske oanwizingen wol ûntraffelje kinne.

Geert Mak / Abe de Vries:
Hoe’t God verdwûn út Jorwert
Het nieuwe Kanaal, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 19,50
ISBN: 9789492457066

 

Hoe’t God ferdwûn út Jorwert is de wilens klassike biografy fan in doarp yn ‘e tiid fan ‘e stille revolúsje tusken 1945 en 1995. It is it ferhaal fan ‘e boeren en it jild, fan ‘e lytse winkellju en de oprukkende stêd, fan ‘e tsjerketoer dy’t ynstoarte en de ymport dy’t langer net groete, fan de natuer dy’t weromkaam en tagelyk ferdwûn. Wat is der bard op it plattelân doe’t de masines kamen, en de subsydzjes en de banken, en doe’t de echte boeren stadichoan belies joegen?
Geert Mak beskreau in histoaryske omkear dêr’t op it plattelân en yn de doarpen noch altyd de gruttens en de gefolgen fan te merkbiten binne.

*

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch  ûnderoan dizze side te reagearjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op