Edwin de Groot

Gysbert 2017 (4): Edwin de Groot oer ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma

logo.ensafh

Dit is de fjirde ôflevering fan in rige koarte reaksjes/sinjaleminten op dichtbondels dy’t yn ‘e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2017. Ensafh ropt de lêzer op om ek op de bondels te reagearjen. Dat kin op it bewende redaksjeadres. Klik hjir foar diel 1, klik hjir foar diel 2, klik hjir foar diel 3.

De longlist fan de útkommen bondels is opskjinne troch J.Q. Smink en is hjir te finen. (pdf). Dizze list befettet links nei de reaksjes.

Sa gau’t ik by it lêzen fan in poëzijbondel oanstriid krij en pak der in potlead by, dan wit ik dat it goed sit. Dat ik poëzij yn hannen haw dy’t my fuort net loslitte sil. Dat ik de bondel der noch faker bypakke sil. Oantekeningen yn ’e bondel, markearringen, streekjes, opmerkingen. Alles om by it nochris lêzen te tsjinjen as in soart fan mental map.

By de bondel Raffelwjok fan Syds Wiersma wie dat al frij flot it gefal. Dat it in hiel skoft duorre hat foardat de dichter mei de opfolger fan syn earste kaam, dat der tusken nr. 1 en nr. 2 hast in hiel libben sit, is genôch oer skreaun. Ik mei wol hoopje dat it no net wer sa lang duorret, want Raffelwjok is in prachtbondel. Wiersma sei yn in petear mei Arjan Hut dat er nei syn promoasje yn 2015 wer romte yn ’e holle krigen hie.

Wat my oanbelanget mei Wiersma de gong der wol ynhâlde, want it smakket bêst.

Dy lêste fjouwer rigels, wat in prachtich byld. De skilder dy’t krekt mei it juste plakje yn it each it puntsje wyt wit te setten. Op krekt it goede plak.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op