Teleks: Petear mei Edwin de Groot

logo.ensafh

Feandichter Edwin de Groot fielt him frij om te skriuwen wat er wol

Henk van der Veer- GrootHeerenveen, maart 2017

Yn april 2016 waard Edwin de Groot(1963) út Aldehaske beneamd as Feandichter en hy folge hjirmei Harry de Jong op. Wat hat in jier Feandichterskip him en de gemeente It Hearrenfean brocht? Foldocht it De Groot om Feandichter te wêzen? Makket er ek gebrûk fan de opsje om noch in jier de funksje fan Feandichter út te oefenjen? Oer dat lêste kinne we koart wêze: “Ik haw mij noch in jier beskikber steld”, fertelt Edwin thús yn Aldehaske oan GrootHeerenveen.
Oars wol in bytsje apart dat de Feandichter buten de gemeentegrizen wennet, want Aldehaske heart dochs echt by de gemeente De Fryske Marren. Neffens Edwin sil it te meitsjen hawwe dat in kollega fan him út it Tsjongerskânssikehûs foardroegen hat, want It Hearrenfean is syn wurkplak al! En de dichter is fansels hikke en tein op It Hearrenfean. It Feandichterskip befalt him better as er yn’t foar tocht hie.


“Ja, it befalt my better as dat ik tocht hie. Doe’t se my fregen seach ik earst wol even nei myn eigen wurkwize. Dat is net yn opdracht. Dat is gewoan wat op dyn paad komt en dêr dochst wat mei of dêr dochst niks mei. Asto Feandichter bist, moatsto seis kear yn’t jier in gedicht ôfleverje en twa kear fan dy seis kear kin in opdracht fan de Gemeente wêze. Yn earste ynstânsje tocht ik dus dat ik troch myn wize fan wurkjen dizze klus net oannimme moatst.”
“Oan ’e oare kant tocht ik letter doe’t se my wer fregen, ‘tsja do moatst dy sa no en dan ris útdaagje’. Om it mar ris populêr te sizzen ‘out of the box’ gean. Ik ha doe tasein, mei it betingst dat we it nei in jier evaluearje soene, sadat we beide fan mekoar ôfkinne. Dy evaluaasje hawwe we hân en it is ús beide goed befallen. It iennige dat ik spitich fyn, en dat is los fan myn persoan, dat it ynstitút Feandichter te min omtinken krijt. It wurk komt te min ûnder de minsken en dan haw ik it oer de kranten. De fersen stean wol op’e site fan de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen en de Heerenveense Courant, mar hoefolle minsken lêze dy sites? De SLAH is de inisjatyfnimmer fan it ferhaal, dy hawwe de Heerenveense Courant frege om gearwurking mar dy is net ferplichte om it wurk te publisearjen”, fertelt De Groot. En om syn wurk op social media te pleatsen? “Op dat platfoarm bin ik net sa betûft…!”


Kritearia
Hat dizze Feandichter ek in idee oan hokker kritearia in stedsdichter of in gemeentedichter foldwaan moat?
“Ik soe it earlik sein net witte. Do soest op it earste gesicht sizze dat it wurk fan de Feandichter te krijen hawwe moat mei ‘lokale gebeurtenissen’. Dat soe in referinsje foar de minsken wêze kinne. Ik sels sit der persoanlik wat breder yn. Wat my op it paad komt as Minsk, wol ik diele mei de ynwenners en at der in linkje mei de gemeente is, prima! Mar it hoecht om mij perfoarst net. Om mar ris in foarbyld te neamen, at Foppe de Haan ôfskied nimt hoech ik der net sa noadich in gedicht oer te skriuwen. It soe wol kinne en at men seit dat it dy kant út moat mei it Feandichterskip, ik fyn it bêst, mar dat kin ik dus net sa goed. Ferline jier haw ik it politieke jier ôfsletten bij in gemeenterie gearkomste. Dat haw ik dien troch in Domela-gedicht dat ik sa goed as skreaun hie, foar te dragen. Domela en dizze omkriten binne mei elkoar ferbûn, dat is myn ferbining dan. It gedicht dat ik skreaun haw om it tema deadebetinking hinne, hat alles te meitsjen mei 4 maaie, mar is net spesifyk skreaun op It Hearrenfean. It binne de algemienere dingen dêr’t ik op ynstek. Omreden fan it strakke tiidskema koe ik gjin oardel minút fan de organisaazje krije om dat fers by de deadebetinking foar te lêzen, dat fûn ik wol spitich.”


“Ik haw gelokkich alle frijheid om te skriuwen wat ik wol, útsein de twa opdrachten wêr’t ik mij oan hâlde moat. At se wolle dat in gedicht oer de SC Heerenveen skriuwe moat, dan moat ik oan ’e bak. Soks soe foar mij ûnbekend terrein wêze. Oant no ta hawwe se my frijlitten en dêr bin’k wol wiis mei!”
Edwin fertelt dat er wol in gedicht skreaun hat, dat feitlik yn opdracht fan de SLAH wie, oer de iepening fan it Poëzypaad yn Oranjewâld. Yn dat fers lizze al syn ‘hersenspinsels’ en dan makket er ek gebrûk fan sinnen en wurden dy’t er noch lizzen hie om der fuortendaliks oan ta te foegjen dat hij úteinlik wer hielendal op’e nij mei dat gedicht begûn is. Sa’n fers moat dan ek retoarys wurkje, omdat it foardroegen wurde moast yn’e iepen loft. Sa’n fers hoecht dan ek net persé yn in bondel, neffens de dichter.
“Ik fyn dat fers wol ridlik slagge en ik hie doe even it idee hie dat ik mysels op’e nij útfûn hie. Hiel beskieden mar doch!”

Under it oerflak‘45

it hat út noch yn net raast
noch bile spoeke tjirge
it siet der inkeld mar en wy wisten derfan
dienen der evensagoed it swijen ta

skynber lei it him net swier op it hert
breanochteren siet er
as in geduldich fiskerman
fêst fan wil en deugdlik útleade

pas op it stuit dat syn stoel leech foel
die it bliken dat der dochs wat lekkaazje west hat
– 80% fan it brein is wetter –
suntsjes by de stoelpoaten del

ûnder de sitting
– dêr ha´ wy ek nea sjoen –
stikem yn puoltsje foarme
stil wetter

wy ha´ der weevjend reid en
sjongers by betocht spektakulêr
moaie bloedreade glêzewaskers ûntelbere
reedriderkes en op wûnderlike wize driuwende skriuwerkes

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Lomme Schokker Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Lomme Schokker
Gast
Lomme Schokker

Brugge út seagen wy juster in dûkelich frachtweintsje fol speesjeskûpen en stegerbuizen en in plakkaat mei de tekst ‘metsers en dichters gevraagd’. As in mitseler yn dy hoeke in metser is, dan soe in dichter wol in foeger wêze moatte. Ik eamele wat oer de dichter as ôfmeitsjer en taal as speesje fan it libben. De frou, dy leave skat, sette dat foar har Ingelske kunde oer ‘as space of life’. Mar no wit ik wat ik dwaan moat. Ik moat werom nei It Wâld fan myn bernetiid en dêr de romte tusken de wurden wer opsykje. Fierder foegje, Feandichter!… Lees verder »