Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (8)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer is iepen

Wy hawwe moarn wer yn Bethania ôfpraat. It wurdt gjin bûtensitterswaar, sa seach ik op teletekst, ek gjin fytserswaar alsa. Dan mar mei de bus, al griist it my al wat oan, mar hoopje dat ik net wer mislik wurd – it sil no sa’n tsien jier lyn wêze dat ik …

Nee, lit mar, sokke smoarge praatsjes hearre net op dit blog thús. Mar betiid op bêd, mei in slieppil: dat is better as neat. Nuver, ik haw der eins alhiel gjin probleem mei dat Anke it útmakke hat. Ik tink der al hast net mear oan. It wie ek mar wat in ûnnoazele floddermadam.

De rûge wyn (krêft 7 oant 8, neffens teletekst) besiket my út ‘e sliep te hâlden, hagel en rein sitte ek yn it komplot. De pil is lykwols sterker as it waar, ik fal al rillegau yn in dreamleaze sliep.

It falt net ta, mei in bus reizgje dy’t fol mei bolbjirken skoalbern sit. It is de lêste dei foar de fakânsje, sa haw ik út de jeugdige konversaasjes begrepen. Ik bin net mislik wurden aldergeloks, mar haw no wol wat pineholle fan it geraas.

It is mar in lyts eintsje fan de bushalte nei it fersoargingshûs. Alde, steatlike beammen swypkje yn de wiete wyn. Ik doch de pet mar op, wiet hier ha’k it mier oan.

Madelon stiet bûten ûnder in ôfdakje al te wachtsjen. Har ljochte hier is hielendal ferwaaid en se sjocht wat benaud út ‘e eagen. Se is moai.

‘Goeie Van Tuinen, hoe is ’t?’ Se wachtet it antwurd net ôf, mar ferfettet: ‘Wolle jo tige hoeden mei frou Radsma wêze? Se is net al te sterk, en in bytsje oerspand. Wat is dat no mei dy koffer, wat sit dêr no krekt yn?’

‘Wy sille sjen, Madelon, ik wit it ek net.’

Wy nimme de lift nei de tredde etaazje en Madelon kloppet súntsjes op ’e doar en triuwt him dêrnei foarsichtich iepen. Frou Radsma sit op har bêd, neist har leit de frijwat snústerige koffer.
Ik begroetsje it lytse wyfke, en krij in heas piipjen as antwurd. Se stekt de hân út en oerlanget my in lyts, goudkleurich kaaike.

It giet noch net sa maklik, mar op it lêst slagget it my en draai it slot los. ‘Wolle jo faaks de koffer iepenje, frou Radsma?’ freegje ik mei ynhâlden spanning yn myn lûd. Se skodhollet en suchtet. It is Madelon Kiestra dy’t it lid beetkrijt en stadich de koffer iepen docht.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *