Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Klaas Rusticus: “It iene is wier en it oare ek net.”

logo.ensafh

 

Klaas Rusticus is yn 1942 berne yn Snits. Hy hat twa dochters en wennet no yn Boskamp by Olst yn Oerisel. Yn syn berteplak folge er in oplieding ta skoalmaster. Mei skriuwer Anne Wadman rjochte er ein fyftiger jierren in ôfdieling fan de stifting Jeugd & Muziek op. Hy skreau ferhalen dy’t yn De Strikel publisearre waarden. Fan 1968 ôf rjochte er him op it teater en in pear jier dêrnei op telefyzjeproduksjes. Hy wie fan 1970-1977 yn tsjinst fan de NCRV, letter waard er programmamakker by de NOS en nei 1990 yn it bûtenlân. As teaterregisseur wurke er foar de Noorder Compagnie en de Theaterunie. Hy makke ferskate films, lykas Boete Dwaan en The Dandelion Crown. Yn maart 2010 publisearre er tegearre mei syn jeugdfreon Simen de Jong it Nederlânsktalige keerboek Twee. Yn 2013 kaam syn ferhalebondel De brimstige ingel út, dy’t yn 2014 nominearre waard foar de Douwe Tammingapriis. Klaas Rusticus skriuwt ferhalen foar it Frysk Deiblêd as syn alterego Linte, dy’t yn it fiktive ferlitten doarp Ward/Bottingea yn it noarden fan Fryslân wennet.

– Yn ’e ruïne fan de tsjerke St. Jan fan it krús yn Kočov, Tsjechië, 2011 (foto: Nynke Rusticus)

Do skriuwst Frysk, mar bist net Frysktalich grutbrocht.
‘Nee. Myn âlden wiene beide stamfries. Us mem prate hiel goed Frysk, mar nea thús. En ús heit prate hielendal gjin Frysk, mar hy ferstie it wol. Hy joech muzykles en syn learlingen kamen út de omkriten fan Snits en ek wol fan fierder fuort. Ik begryp eins net wêrom’t er nea Frysk prate, want hy wie hikke en tein yn Snits. Us mem is berne yn Aldegea, Wymbritseradiel, hat ûnder oare yn Gaast en op ’e Lemmer wenne. Us bline beppe – sy rekke wilens har libben it sicht kwyt -, dy’t yn 1866 berne waard, prate in soart plat-Snitsers, mar sy kaam oarspronklik fan Kollumerpomp.

Ik skriuw eins Nederlânsk. Dan lês ik dat en set ik it oer yn it Frysk. Ik kin wol Frysk skriuwe, mar ik moat ferskriklik oer de wurden neitinke. Oersette yn it Frysk giet wol goed. Ik ha Frysk op skoalle hân fan in yntins Fryske biolooch, menear Douwe Taeke Engelbertus van der Ploeg, dy’t oarspronklik út Burgum kaam. Stinzeplanten wiene syn spesjaliteit. Der binne neffens my twa ferskillende soarten Frysk: moai Frysk en it standertfrysk en dat lêste fyn ik ferskriklik. Van der Ploeg spruts in soart tuskenfoarm. Yn dy tiid hearde ik Frysk praten troch Fedde Schurer, Douwe Tamminga, Freark Dam, Jan Piebenga en Laurens ten Cate en dat fûn ik prachtich moai. Hear ik no minsken Frysk praten, dan fyn ik dat hast altyd freeslik ordinêr, plat en rûch. Mar as ik oan it skriuwen bin, bin ik faak ferrast troch de skientme fan de taal.’

Do hast eartiids foar De Strikel skreaun.
‘Om 1960 hinne haw ik in rige skreaun op fersyk fan Freark Dam, doe haadredakteur fan De Strikel. Us heit wie musikus en ik siet yn it haadbestjoer fan Jeugd & Muziek en it wie allegear muzyk dat de klok sloech. Ik waard sels troch de FIJM útnoege om as lid fan de commission de radio it ynternasjonale festival yn Berlyn mei te meitsjen yn 1960. De stêd lei noch foar in grut part yn tûzen stikjes en der wie noch gjin muorre tusken east en west. Freark Dam fûn blykber dat ik goed skreau en doe hat er frege oft ik in searje skriuwe woe oer musisy dy’t yn Fryslân wennen. Ik haw in rige fan sa’n tsien ôfleveringen makke: Troch it kaaisgat. Keurige ferhalen wiene dat.’

Wat kinst fertelle oer dyn kontakt mei skriuwer Anne Wadman?
‘Anne Wadman wie in kultuerpylder yn Fryslân. Wy koene inoar hiel goed. Wy ha tegearre Jeugd & Muziek oprjochte, ik wie doe sechtjin jier. As je jonger wiene as achttjin mochten je gjin stifting oprjochtsje en menear Wadman, konrektor fan it gymnasium, hat my doe holpen. Der groeide in soart heit- en soanrelaasje. Ik kaam in pear jier lang alle dagen by Anne en Hylkje thús op de Esdoarnleane 2 yn Snits. Wy koene goed mei-inoar oerwei, mei in protte restriksjes dan, want it wie in hiele lestige, soere, mar wol humoristyske en útsûnderlik yntelliginte man. Syn boek De smearlappen fûn ik neat oan, ek wer rûch. Hy provosearre ek wol, dat wie wat syn taak. Hy wie ek in goed muzikant, hy spile altfioele en siet yn it Frysk Keamerorkest. Hy luts him wolris werom yn in kleaster yn Eastenryk op ’e syk nei âlde partitueren foar altfioele. Hylkje wie in learling fan him, in spring yn it fjild. Se wie de dochter fan de húsarts yn Drylts, dokter Goinga. Ik fûn har hiel leuk, hielendal it tsjinoerstelde fan Anne. Anne en Hylkje binne letter skieden en Hylkje is nei Ysbrechtum ta gien. Doe wie ik al út Snits wei. We seagen inoar doe inkeld noch mei begraffenissen.’

– Oan ’e see yn Surch, 2015 (foto: Freark van der Wal)

Fan 1970 oant 1977 wiest yn tsjinst fan de NCRV. Hoe bist dêrby kaam?
‘Ik wurke yn it ûnderwiis yn Boskoop en de herfoarme en grifformearde skoallen gongen byinoar en dêr woene se in soart festiviteit oan keppelje. Se hiene my frege oft ik dêr wat foar betinke woe en doe ha ik in teaterproduksje makke: Sephantijn. Yn 1965-1966 wie der as part fan it Holland Festival yn Carré in produksje mei de namme Labyrinth mei muzyk fan Peter Schat. It bliek in produksje te wêzen fan alle mooglike keunstsoarten trochinoar en ik fûn dat oerweldigjend prachtich. Ik tocht: dat kin ik ek wol. Ik ha in hiel romantyske produksje makke, mei lanterna magica-achtige effekten. Minsken út de seal rûnen it poadium op en dat waard dan troch film oernommen. In multymedia-performance, dy’t opfierd waard yn it Floriadegebou dêr’t in pear tûzen minsken yn koene. Der diene 200 bern oan mei, en mei help fan de Filmacademie, mei Henk van Ulsen, Joop Stokkermans, waard it in spektakel. De minsken fan Boskoop wisten net wat harren oerkaam, want dêr bart fansels nea wat. Der wie in enoarm soad mediaomtinken foar de foarstelling. Ik moast optrede foar it NTS Journaal en kaam foar de Belgyske en Dútske telefyzje en de BBC. De NCRV hat in opname fan de foarstelling makke en hat der in programma oan wijd en dêr is it kontakt troch ûntstien. David Koning, haad fan de ôfdieling drama by de NCRV, hat doe frege oft ik mei in Flaamske akteur advys jaan woe by jeugdprogramma’s. En yn 1968 frege er oft ik spesjaal foar telefyzje in programma meitsje woe: Schipper mag ik overvaren. Op in bepaald momint soe ik haad fan de muzyk-ôfdieling wurde by Radio Zuid yn Limburch. Ik ha dat trochjûn oan de NCRV en binnen in dei waard my in baan by de NCRV oanbean.’

Wat hast allegear dien by de NCRV?
‘Yn 1969 haw ik foar de NCRV twa kursussen folge by de Media Academie Santbergen: in kursus studiorezjy en in kursus filmrezjy. Dy kursussen wiene hiel djoer, 150.000 gûne de kursus. Se moasten my ek betelje, want ik moast ek libje. Dus se hawwe in soad jild yn my ynvestearre, wêrby’t it mar de fraach is oft se dat ea weromfertsjinne ha.

Yn de lêste perioade fan de kursus wurke ik al by NOT skoaltelefyzje om it fak te learen. Ik ha dêr twa searjes makke, ien oer kryst en ien oer peaske, mar dêr fûn ik net safolle oan. David Koning hie my opdracht jûn om it fak te learen en te learen mei akteurs om te gean. Om mar ris te begjinnen mei in seizoen Swiebertje, want dan waarden je troch de mostert helle en ha je mei akteurs te krijen dy’t al jierren tige populêr binne. Dat ha ik ien seizoen dien en dat wurdt my noch altyd neidroegen. Al ha je noch sa folle prachtich moaie produksjes dien oeral yn ’e wrâld, as minsken hearre dat je Swiebertje dien ha, dan moatte je wol in geniale regisseur wêze.

Nei dat seizoen krige ik de mooglikheid om mei eins gjin jild, mar wol studiofasiliteit in eigen programmarige te meitsjen. Dus skriuwe, muzyk meitsje, regissearje, akteursrezjy dwaan, films ynlaskje, alles mocht ik sels betinke. Ik krige 10.000 gûne de ôflevering, dat wie in ekstreem lyts bytsje. Fjouwer seizoenen Orimoa ha ik makke, fan 1971 oant 1975. Doe hiene se by de NCRV wol yn ’e gaten dat se in kat yn ’e sek kocht hiene, want de dingen dy’t ik makke blieken, yn tsjinstelling ta Swiebertje, elitêr fûn te wurden. Dingen waarden hieltyd sinsurearre. Ik hie in ferske skreaun, in tango oer in jonge en in famke dy’t de nacht mei-inoar trochbringe foar’t se troud binne, en dat mocht net útstjoerd wurde. Doe bin ik dêrmei opholden. David Koning is ferûngelokke, hy hie in ôfslach mist en hy waard fan achteren oerriden troch in frachtauto fan de Vezelpers út Zeist, dat der wie neat mear fan him oer en fan syn sekretaresse, dy’t by him yn ’e auto siet ek net, mar sy is wol yn libben bleaun. Letter waard Wim Hazeu haad fan de ôfdieling.

Ik ha doe in oantal keunstprogramma’s makke, as earste by it ôfskie fan Elizabeth Schwarzkopf yn it Concertgebouw. En ik haw in oantal ôfleverings fan it literêr programma Open Boek dien, ien ôflevering mei Huub Oosterhuis en ien mei Theun de Vries. Dy mei Theun de Vries is nochal goed fallen. Hy hie it boek skreaun: Een liefde in Parijs, oer de skriuwer Guy de Maupassant. It giet oer de nuvere relaasje tusken De Maupassant en in Russysk famke, Marie Bashkirtseff, wylst dy twa inoar nea moete ha. Dat gong oer him, fûn er, want hy fielde him oanlutsen ta De Maupassant, mei alle ellinde derby, want dy is op in aaklike manier oan syn ein kaam. Theun de Vries hie nea yn Parys west en helle al syn ynformaasje út geskriften dy’t er yn biblioteken opdjippe hie. We binne mei in filmtiim yn ’e trein nei Parys stapt om te sjen oft dat wat er skreaun hie, kloppe. Dat fûn er prachtich, om dy plakken op te sykjen, midden yn ’e winter. It resultaat is moai wurden. Soms begûn Theun ynienen yn it Snitsers tsjin my te praten. Hy hat krekt sa lang yn Snits wenne as ik.

Ik haw ek in rige portretten makke fan bern mei tsjinstelde dingen. De trom fan Pandoera hjitte dy searje en it gong bygelyks oer in jonge mei astma en in famke dat al fan har tolfde jier ôf fjirtich sigaretten deis smookte. Of oer in famke dat yn in garaazje wurket en in jonkje dat ballet docht. Dat die ik tegearre mei de letter tige ferneamd wurden Catherine Keyl. Yn it midden fan it programma siet altyd in ferske dat songen waard troch Willem Nijholt, mei muzyk fan my.

Dêrneist haw ik noch in tal musicals en muzykprogramma’s makke. Ik haw in hiele protte dien by de NCRV, miskien wol sechtich produksjes.

Wat ik ek dien ha is it telefyzjeteaterstik De opgaande zon, in sosjaal drama ûnder de rezjy fan Hans Croiset, mei ûnder oaren Ton Lutz, dat spilet yn it begjin fan de foarige ieu. It giet oer in winkel dêr manufaktueren ferkocht wurde en dêr’t in grut warehûs neist komt. De winkel moat it opjaan. De dochter fan it hûs, fan Ton Lutz, José Ruijter hat in broerke dat swakbejeftige is. Om de hiele boel te rêden stekt sy de boel yn ’e brân en dêrby komt dat jonkje om. Dêrnei fynt de famylje inoar wer en net ien wit sabeare dat sy dat dien hat. Dan is der in sêne wêryn’t sy de bekentenis op tafel leit. Dat fûn ik sa yndrukwekkend en ik fûn har sa’n fantastyske aktrise dat ik it shot fan har bekentenis 22 minuten lang makke ha, fan hiel tichtby opnaam mei ien kamera. Se rûn oer it hiele poadium en it wie tige lestich foar de kameraman om it skerp te hâlden, mar sa sette ik in finster iepen. Grosso modo fûnen minsken de dingen dy’t ik die alderbespotlikst, want je joegen je publyk fuort, mar der bleau in hiele lytse niche oer dy’t wol de wearde dêrfan seach.’

– Portret 2010 (foto: Gonnie Goossens)

Ien fan dyn filmproduksjes is Boete dwaen, basearre op trije ferhalen út de bondel Diggels fan Teatske Alzum.
‘Doe wie ik net mear yn tsjinst by de NCRV, dat haw ik as freelancer makke. It wie it earste Fryske drama foar de Nederlânske omrop. Dat moast ûndertitele wurde en de produsint stjoerde de teksten nei de oersetôfdieling, mar dêr waard sein dat Frysk net ûndertitele waard. Doe bin ik hiel lilk wurden. Se fertaalden wol út it Oegrysk, of út it Swahili of wat dan ek mar, en net út de twadde Rykstaal. Se hawwe it net dien, ik haw it sels oerset. It hat wol ta opskuor laat, en no wurdt der wol Frysk oerset en ûndertitele by de lanlike omrop.’

Do hast programmamakker west by de NOS en bist yn 1990 nei it bûtenlân gien.
‘Hans Hulscher en ik wiene by de NOS opfolger fan twa kollega’s: Wilhelmina Hoedeman, dy’t nei de Baghwan gie, en Fred Bosman, dy’t rûzje krige mei de programmalieding. Mei ús beiden diene wy de grutte muzykproduksjes. Hans wie briljant yn ballet. Sawol it Nederlands Danstheater as it Nationaal Ballet fearen wol by de NOS, dy’t belangstelling toande foar ballet. En wat Hans oan ballet die, die ik oan drama en oan portretten fan keunstners. Krekt as ik by de NCRV dien hie, mar by de NOS wie it folle makliker om’t de NOS gjin leden hie en wy de dingen meitsje koene dêr’t wy fan fûnen dat dy makke wurde moasten. Soms makken we koproduksjes mei de BBC.

Hans Vonk wie sjef by de Staatskapelle yn Dresden, yn de DDR-perioade yn 1988, flak foar de fal fan de muorre. Hans Vonk krige om 1984 hinne it syndroom fan Guillain-Barré ûnder de leden, dêr’t er folslein ferlamme troch rekke. Oardel jier letter wie er min of mear genêzen en kaam er werom by de Staatskapelle yn Dresden. Dy weromkear ha wy fêstlein yn in konsert, yn in koproduksje fan de NOS mei de DFF, Deutsche Fernseh Funk. Der wie gjin ambassade yn East-Berlyn, wy moasten ús kontakten lizze fia de Keamer fan Keaphannel yn Rotterdam. By de tariedings, sa’n healjier foarôfgeand oan de opnamen sieten we yn West-Berlyn en moasten we mei in soad muoite fia Checkpoint Charley nei de eastkant fan de stêd, mar it slagge wol. Yn ’e tiid fan de opnamen yn Dresden hie ik in keamer yn it doetiidske Newa Hotel, no it Pullman Hotel Dresden Newa.

Ik hie yn 1965 in studioproduksje fan in fleurige en muzikaal prachtige berne-opera út Theresienstadt sjoen: Brundibár, makke foar en troch bern út it konsintraasjekamp. It wie in ûnderdiel fan de film Der vorletzte Akt fan regisseur Walter Krüttner. Op de Tsjechyske telefyzje ha wy as koproduksje mei de NOS en de Hessischer Rundfunk yn Frankfurt a/Main Brundibár nochris makke. It wie in spannend proses om sa’n tragysk projekt oer de histoaryske tiid hinne te tillen. Wy ha Brundibár opnaam yn 1988, foar de Wende, mei menear Jakeš as partijlieder en yn 1990 mei Václav Havel as presidint, hiene wy de premjêre. Myn namme waard troch dy produksje bekend yn de wrâld fan de muzyk, by de makkers en de produksjefirma’s. Dus krige ik sa no en dan in útnoeging om wat yn München te dwaan, of yn Praach of Sint Petersburch. Myn eardere baas by de NCRV en de NOS, Stefan Felsenthal, dy’t my syn broerke neamde, waard Hauptabteilungsleiter by it ZDF en hy frege my geregeld oft ik dingen dwaan woe foar it ZDF, Arte of 3SAT. Im Deutschsprachigen Raum, dat binne Dútslân, Switserlân, Eastenryk, it Noarden fan Italië, mar ek yn Tsjechië, Roemenië en Bulgarije, ha wy in protte dingen dien.’

Dat bringt my op de film The Dandelion Crown. Wat kinst dêroer fertelle?
‘Ik woe wat mei de Glagolityske Mis fan Leoš Janáček dwaan. Janáček hat dêrfan sein dat de mis net yn tsjerke útfierd wurde mei. Dat fûn ik nuver, want in mis is allinnich mar om yn in tsjerke útfierd te wurden. Mar dat mocht net en dat jout my in frijheid om fan dy mis in spylfilm te meitsjen. Yn de film In kroan fan hynsteblommen wurdt gjin wurd sprutsen, inkeld de mis klinkt der. De mis wurdt songen yn in net bekende taal: Glagol, in Aldslavyske klanktaal dy’t yn tsjerke songen waard. De film is yn Slowakije opnommen, en is in koproduksje fan Eastenryk, Switserlân, Dútslân, Frankryk en Tsjechië. De KRO yn Nederlân woe net meidwaan, want dy seach it as in anty-gesachfilm. De film is mei Goefreed op de Tsjechyske telefyzje útstjoerd, it is in soart Golgotha-ferhaal. De film is kocht troch Warner Brothers in Hollywood en dy hat de film mei de Ingelske titel útbrocht op dvd.’

In oare film dy’tst makke hast is Elias of het gevecht met de nachtegalen.
‘Dy film ha ik makke foar de NOS. Dêr bin ik ek bliid mei. Elias of het gevecht met de nachtegalen is poëtysk proaza fan Maurice Gilliams, in masterwurk dêr’t je eins ôfbliuwe moatte. Ik besykje eins altyd dingen te dwaan dy’t not done binne, dat haw ik myn hiele libben dien. De teksten dy’t yn de film sprutsen wurde binne allegear dirigearre, dus der is gjin wurd naturel oan. Elias wie foar my ek in soart muzyk. Wy ha de premjêre dien by it Flaamsk Filmfestival yn Gent. De foarsitter fan de Gilliams Stichting, professor Schoenmaker út Antwerpen, sei letter by it iten: “As Gilliams filmmakker west hie, dan hie er dizze film makke.” Dat fyn ik in hiel grut komplimint, want hy wie in grut literator.’

– Under in repetysje fan de Noorder Compagnie yn Drachten, 1978 (foto: Pan Sok)

Hast wurke as teaterregisseur foar de Noorder Compagnie en de Theaterunie.
‘Ja, dat wie fuort nei’t ik myn ûntslach yntsjinne hie by de NCRV. Myn eks-frou Heleen en ik ha in tsjerke en in pastory kocht yn De Kúnder. De Noorder Compagnie wie yn dy tiid op stjerren nei dea. Doe ha se my frege om foarstellings foar skoallen te regissearjen. Ik haw in ferslavingsprojekt dien: Daar ben je toch zeker zelf bij en doe wie it ein fan de oefening foar de Noorder Compagnie. Der wie in proeftúnperioade, wêrby’t de Theaterunie út Amsterdam de opdracht krige fan it ministearje om te sjen wat der noch te rêden foel yn it noarden. Ik ha doe by de Theaterunie Het hondenleven regissearre en dat wie in grut sukses, in teaterstik mei film en in protte muzyk. En De Drempel, dy foarstelling waard in katastrofe, mei allerhande yngrediïnten.’

Yn 2013 kaam dyn ferhalebondel De brimstige ingel út. De bondel is nominearre foar de Douwe Tammingapriis. It boek bestiet út trije skiften. De ferhalen binne byldzjend, poëtysk beskreaun en bytiden fragmintarysk. Yn it byldzjende komt dyn berop as regisseur dúdlik nei foaren.
‘Jaseker. Minsken dy’t it boek lêzen ha sizze wol dat it in filmskript is. Dat is ek sa. Dat betsjut dat by minsken yn ’e holle him in film ôfspilet, dat is prachtich. En dat fragmintaryske, ja, it ropt wat op en by de ien wat oars as by de oar. Der is yn ferhâlding in protte skreaun oer De brimstige ingel en de iene resinsje spruts de oare folslein tsjin. De iene fûn it earste skift bytiden magistraal, it twadde skift wat ferearme en it tredde skift in soart tuskenfoarm. De oar fûn it earste skift mar wat hink-stap-sprong, it twadde skift prachtich, want hiel werkenber omdat it oer de jeugd giet, en it tredde skift fûn er nuver. Meindert Reitsma kaam yn syn besprek it tichtst by hoe’t ik it bedoeld hie. Je moatte in bepaalde golflingte te pakken krije en dan slagget it wol om it boek te begripen, of net.’

– Yn memme bank rjocht foar heite oargel oer, Martinitsjerke Snits, 2015 (foto: Mariano Vanhoof)

Bist opgroeid yn in strang religieuze húshâlding. Hast goede oantinkens oan dyn jeugd?
‘Jawis, mar ik hie wol swier astma en dat hat mei-inoar te krijen. Ik libbe thús yn in fort mei myn âlden en beppe, dy’t alle oeren fan ’e dei mei God en de Heare Jezus dwaande wie en dêrfan ha ik flink wat skea oprûn. Yn De brimstige ingel kinst dat allegear weromlêze. Sa’n jeugd rekkest nea mear kwyt, benammen om’t ik allinnich wie sûnder broerkes en suskes en it allegear allinnich ferhakstûkje moast. As it sa wêze soe as se my leauwe litte woene, dan wie ik tink ik al lang dea. Ik wie fyftjin en fereale op in jonge, Aart, en doe ha ik ferskriklik bean dat ik Aart hâlde mocht, mar it mocht net sa wêze. Dus doe tocht ik: it hat moai west. Mar dêr komt neat foar yn it plak, in grutte leechte. Ik doch eins neat mear oan it leauwen. Ik praat wol tsjin him yn ’e nacht en dan kin ik hiel lilk wurde om dingen dy’t barre. En as der net ien is, tsjin wa prate je dan eins? Ik wit it net en dat jout ek in gefoel fan ferromming en frijheid.’

Yn maart 2010 hasto tegearre mei dyn jeugdfreon Simen de Jong it kearboek Twee publisearre. Dêryn sjogge jim ûnôfhinklik faninoar werom op jim stúdzjetiid op de kristlike kweekskoalle yn Snits. Hoe sjochst op dyn stúdzjetiid werom?
‘Dat wie hartstikke leuk. Ik fûn it ek wol in drege perioade, mar dat hie mei my te krijen en net mei de skoalle, want dy stie tige goed oanskreaun. We diene in protte leuke dingen, lykas de opfiering fan Simson fan Fedde Schurer en Midsimmernachtsdream fan Shakespeare. It wie wol in beheind wrâldsje, rûnst der gau út. Tusken je trettjinde en je achttjinde bart der ferskriklik folle en de fertwiveling is grut. Ik wie oars as de oare jonges, dy krigen freondintsjes en dy hie ik net. Ik wie fereale op Simen. Hy skriuwt oer wat der barde. Wat ik skriuw hie barre kinnen, mar dat is fiksje. Fan ús reis nei Tsjechoslowakije, dêr’t ik oer skriuw, klopje guon dingen wol mar in protte dingen net. Ik glydzje út de rails as ik fertel, it giet de hallusinearjende kant op. De ferfrjemding spilet in wichtige rol yn myn wurk. It iene is wier en it oare ek net.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Fraachpetear mei Klaas Rusticus: “It iene is wier en it oare ek net.”

  1. Ik heb de eer gehad een aantal keren met Klaas te mogen werken toen wij beiden dachten dat muziekprogramma’s voor de publieke omroep een must waren. Wij hebben ook nog eens ooit een ding voor de mevrouw de koningin mogen doen en zijn daar na (Klaas eerder dan ik overigens, die van mij kwam in 1998) verbannen omdat wij waarschijnlijk niet nederig genoeg waren. In die kerk, die hij had gekocht hebben wij nog een programma gemaakt met veel rook, kleuren en muziek.
    Ik ben heel blij te lezen dat mensen als Klaas gewoon stoer zijn en maar projecten blijven doen ondanks soms ongelofelijke tegenwerking door weet ik veel wie. Het voordeel daarvan is dat je nog iets van de wereld ziet omdat talent hier niet zo maar buiten NL beter wordt gewaardeerd. Klaas heeft dat talent altijd gehad.

  2. It soe moai wêze as guon tillevyzjeprogramma’s fan Rusticus nochris earne te besjen binne, bg de dokumintêre mei Theun de Vries yn Parys. In moaie opdracht foar it Fries Filmarchief?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *