Teleks: Jan Bijlsma en Michel Zuidema winners Ferhalewedstryd 2017

logo.ensafh

Michel Zuidema en Jan Bijlsma fan De ‘Pein binne de winners fan de Ferhalewedstryd 2017. Zuidema is winner foar de jongerein-edysje mei syn ferhaal ‘De Bakstien’. Bijlsma wûn mei syn ferhaal ‘Jan-Pyt, Joris en Corneel’. De prizen bestiene ut in lytse jildpriis en in yllustraasje dy’t spesjaal makke is by it ferhaal.

Fan links nei rjochts: winners Jan Bijlsma en Michel Zuidema mei Harmen Houtman (2e pr. folw.) en Tryntsje van der Veer (3e pr. folw)

​By de folwoeksenen gong de twadde priis nei it ferhaal ‘Niet langer wit…’ fan Harmen Houtman (yn it Stellingwerfsk) en de tredde priis nei Tryntsje van der Veer mei ‘Oare streken’. De winnende ferhalen wurde publisearre yn it Friesch Dagblad en op dizze webside. Ynkoarten folget hjir ek it sjueryrapport en mear foto’s.

De sjuery bestie út Jetske Bilker, Paul van Dijk en Geart Tigchelaar. De Ferhalewedstryd waard dit jier foar de sechde kear organisearre troch it Skriuwersboun, yn gearwurking mei Cedin en it Friesch Dagblad.

Boarne: It Skriuwersboun

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *