Dirk Jan Muntentendam

In bytsje frjemd mar wol hiel aardich

logo.ensafh

Besprek ‘It testamint fan mr. dr. K.’ út de rige ‘De omkearde ferhúsdoaze’ fan Steven de Jong.

Steven de Jong is ien fan Fryslân’s meast ferneamde skriuwers, dy’t al in grut oeuvre op syn namme hat, mar foaral bekend wurden is troch De wuttelhaven del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert mei wûn hat. Ik hie net in hiel soad mear fan him lêzen, dat ik wie wakker optein en krij dit boek fan de redaksje om te besprekken.

Ik moat earlik tajaan dat ik wol efkes fernuvere wie doe’t ik it boek foar it earst beseach. Ik gie der fan út dat it in roman wêze soe en mei in soad niget sloech ik it boek iepen. Lykwols is it net in roman. Al op de earste side stiet dat it boek ‘in atonale útbylding is fan in stikje Fryske literêre skriuwerij’. Moai, mar wat soe dat dan betsjutte, in atonale útbylding?

Atonaal is oars as oars, muzyk net bûn oan in fêste toansoart. Abstrakte muzyk kriget ek wolris de oantsjutting atonaal. Dus, It testamint fan mr. dr. K. is net in gewoan boek. Soe it dan in abstrakt wurk wêze dat alhiel ôfwykt fan wat yn de literatuer gewoan is? Atonale literatuer klinkt wol wat nuver. Ik tink oan rare foarmen, eksperimentele poëzij? It makket wol dat ik nijsgjirrich wurd nei it wurk. Soe it alhiel sa oars as oars wêze? Dat docht wol bliken as ik der trochhinne blêdzje. Hoewol’t it boek opdield is yn sechtjin haadstikken, is it gjin rinnend ferhaal. Der sit gjin line yn de haadstikken, it binne losse, koarte stikken tekst dy’t foaral yn it Frysk binne, útsein twa stikken. Gjin roman, gjin boek mei koarte ferhalen yn dy sin fan it wurd, mar mear – en dan is de titel wakker goed útkeazen – in omkearde ferhúsdoaze wêrfan’t de stikken tekst dy’t der út fallen binne kreas byinoar fandele binne en bondele ta It testamint fan mr. dr. K. Dat wurdt ek yn it foaropwurd troch de skriuwer oanjûn. Mar it is net allinnich mar guod út de doaze, der sitte ek nije stikken yn. It wurdt net dúdlik hokker stikken al skreaun wiene en hokker stikken derby skreaun binne om it boek – om samar te sizzen – oan te foljen.

Mr. dr. K. blykt Keimpe Rawierda te wezen en der is wat mei him oan ’e hân. Hy bestiet nammentlik net echt, ek al moatte guonnent miskien tinke oan in eardere direkteur fan de Fryske Akademy, mr. dr. K. de Vries. Hy komt fuort út it kreative brein fan Steven de Jong dy’t mei it optinken fan dizze haadpersoan in literêr trúkje úthellet (It pak fan Sjaalman) om de ferskate haadstikken yn it bepaald ramt te krijen, of better sein: ‘krekt sa as K. Rawierda it rinnen mei syn sulveren gongelstok yn in beskaat ritme rûn’.

Mar oft Keimpe Rawierda alhiel optocht is wit ik dan ek wer net. It kin grif it optochte alter ego fan Steven de Jong wêze om sa in stik fan syn eigen libbensferhaal oan it papier ta te betrouwen. No moat ik bekenne dat ik it libben fan de skriuwer net goedernôch ken, mar oerienkomsten (de oarloch, âld-ûnderwizer Nederlânsk, skriuwer) binne der wol. In part fan de stikken yn it boek sille komme út it ferline fan de skriuwer en in pear stikken sille nij materiaal wêze.

Hoewol’t de haadstikken los faninoar goed te lêzen binne en de reade tried net altyd like dúdlik is, slagget De Jong deryn der in hiel aardich boek fan te meitsjen wêryn’t wy in soad oan ’e weet komme oer Rawierda. Dy hat de oarloch meimakke en slyt no syn lêste dagen yn Ljouwert oan de Spanjaardsleane 37 C, nei’t er krekt wer út it sikehûs befrijd it. Syn frou hat er ferlern en somtiden liket er te sykjen nei de sin fan it bestean, mar hy is der noch aardich by. It ferhaal nimt ús mei yn flash-backs oer de oarloch en syn wurksume libben as dosint, mar snijt ek de aktualiteiten oan, lykas de ekonomyske krisis, Geert Wilders en de sitewaasje yn Grikelân.

As it oer de oarloch giet, dolle de stikken wat djipper as in oerflakkige skôging fan it libben fan kom-al-den-dei. Dy stikken fyn ik persoanlik wakker goed skreaun en tige nijsgjirrich as it giet om it libben yn de oarlochstiid foar in joadsk gesin.

Mar lang net alle stikken gean djip, hja wurde ôfwiksele mei luchtige, humoristyske passaazjes. Bygelyks de stikken dy’t Rawierda skreaun hat oer syn tiid as ûnderwizer binne hiel aardich om te lezen en jouwe in aardich byld fan de feroarings yn it ûnderwiis, mar foaral syn persoanlike oantinkens meitsje dat je der in goed byld fan krije kinne.

In wat frjemde ein yn ’e byt, as je dat sizze kinne yn it ramt fan de atonale fertellings, is in alhiel optochte episoade fan de Omrop Fryslân-searje Baas boppe baas. No haw ik sels nea net in grut folger fan dy searje west, dat it past my net om te sizzen oft dizze episoade in tafoeging wêze soe. Dizze ôflevering spilet yn it hjir en no en nimt de hjoeddeiske mienskip wat op de hak om’t dy ferfalt ta wat wol neamd wurdt: in ‘rubbertegelmienskip’ dêr’t alles (benammen foar bern) mar sa beskermjend en sa feilich mooglik (somtiden tsjin it bespotlike oan) makke is. Mar dêr wol ik hjir fierder net op yngean, lykas by telefyzje wol ik net in spoiler wurde. Wa’t benijd is nei dizze Baas boppe baas moat it boek mar lêze.

It hie earst wol in hiele roman wurde moatten, sa komt yn de ferhalen nei foaren: ‘It libben fan Rawierda’, mar dat is it nea wurden. En om no wat wei te smiten, dat docht de skriuwer leafst net en sadwaande is dit boek wurden ta wat it wurden is: in griemmank fan ferhalen yn it ramt pleatst fan ien persoan. Al bliuwt wol de fraach hoe’t dy roman der útsjen kinnen hie en wêrom’t De Jong dy net ôfskreaun hat. No bliuw ik as lêzer foaral mei dý fraach sitten. Hoe hie it wêze kinnen? En wat as diel twa der wol komt? Wurdt it dan in roman? Lykas de Max Havelaar wol ien gehiel foarmet. Of wurdt diel twa wer in werhelling fan setten, losse stikken byinoar fandele ûnder de neamer fan in optocht personaazje? It pak fan Sjaalman is noch net leech, mar de fraach is oft er folle wurdt. Of bliuwt diel twa ek in atonale fertelling by it ûntbrekken fan in wiere roman?

Steven de Jong.
It testamint fan mr. dr. K. út de rige De omkearde ferhúsdoaze
1e printinge 2014 / útjouwerij Palisse / 194 siden

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *