Janneke Spoelstra

In pear dagen yn Dublin

logo.ensafh

Begjin jannewaris nûge de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin, dy’t ferline jier in pear moanne yn Ljouwert ferbleau yn it ramt fan it Oare Wurden-projekt , my út om diel te nimmen oan in literêre jûn op woansdei 8 maart, ta eare fan International Women’s Day yn Dublin. It like har moai om ien fan de Fryske fersesykly dy’t se fan my oerset hie, ‘Lees ik in rjappel yn ’e grûn’ en ‘Altyd alve’, dêr tegearre yn it Frysk en it Iersk nei foaren te bringen.

Sa’n bûtenkâns om mei jins fersen grinzen oer te stekken kin men net rinne litte fansels. Der waard finansiering fûn by it Oare Wurden-projekt en it aventoer koe oangean. It like my wol moai ta as wy ek in fragmint nei foaren bringe koene fan in ferhaal fan Réaltán dat ik oerset haw, ‘Is Iomaí Cor’ (yn ’e Fryske oersetting ‘In útglider is gau makke’), foar Oare Wurden of it ferhaal ‘Heat’ (‘Waarm’ yn ’e Fryske oersetting), foar it Ierske temanûmer fan Ensafh, nû. 2, 2017. Mar dêr wie gjin tiid foar, sei Réaltán. Der wiene safolle skriuwsters dy’t foardrage soene.

De tiisdeis, 7 maart, diene wy al wat sightseeing mei Réaltán en in oare Ierske skriuwster, Áine Durkin. We besochten it Phoenix Park, dêr’t paus Johannes Paulus II foar mear as in miljoen minsken de mis opdroech by syn besite yn 1979. We rieden by de Liffey lâns dy’t dêr, op ’e hichte fan Strawberry Beds, noch mar in foech beek wie. Ik oerhannige auteurseksimplaren foar de Ierske skriuwers dy’t oan it temanûmer fan Ensafh meiwurken oan Réaltán. Se soe ek in eksimplaar bringe by the Alliance of Irish Language Writers.

De woansdeis ferdjippen wy ús earst yn ’e skiednis fan it floeibere guod dat ek wol ‘it swarte goud fan Ierlân’ neamd wurdt, Guinness bier. It museum hat de foarm fan in ‘pint’ en jout boppeyn in prachtich útsicht oer de stêd, op it útmûnjen fan ’e Liffey yn ’e Ierske See en yn it suden op de Wicklow Mountains.

Werom yn it sintrum bedarren wy yn ’e drokte om ’e ‘Strike for Repeal’ hinne op O’Connell Bridge, de mars foar rommere abortuswetjouwing yn Ierlân. ‘For everyone with a uterus’, rôpen se.

We joegen ús del yn in pub oan ’e Liffey en fregen in ober oft er de Ierske oersetting fan Réaltán fan myn ierappelfers ris foarlêze woe, sadat wy fêst wisten hoe’t it klinke soe. Hy begûn him fuort te ferûntskuldigjen, dat er net lang op skoalle sitten hie. Syn Iersk wie net al te bêst, woe er mar sizze. Hy lies it earste fers al foar en it klonk nijsgjirrich. Doe’t ik him betanke, sei er dat er eins gjin idee hie wat er foarlêzen hie. ‘I mean, I recognize words, but…’ It ferplichte ûnderwiis yn it Iersk lit blykber te winskjen oer. In detaillearre oersjoch fan it ûnderwiis yn it Iersk is te finen yn ’e regionale dossiers fan Mercator.

Nei’t wy noch even by Molly Malone op in bankje sitten hiene, dy’t ûnfersteurber dêr stie mei har lege kuorren op ’e karre – foar har is it altyd International Women’s Day – waard it stadichoan tiid om ús ta te rieden foar it optreden fan de jûn, de reden fan ’e besite ommers.


De literêre jûn waard holden yn ’e Lord Mayor’s Residence. In moaie lokaasje mei in rike histoarje. ‘Very patriottic,’ sei ien fan ’e Ieren, mei in knikje nei alle wapenbuorden oan ’e muorre. Syds Wiersma, projektlieder fan Oare Wurden yn Fryslân, wie der ek. Hy hie dyselde wike in gearkomste yn Dublin mei fertsjintwurdigers fan Other Words út ’e oare dielnimmende lannen. Sa wiene der ek in pear Basken en in Sloveen oanwêzich op dizze jûn.


Mar fierder wiene it foaral Iersk sprekkende Ieren, dy’t tsjin ús har lykwols wol ferbrekke woene en yn it Ingelsk ús út en troch bypraten.

Doe’t wy oan bar wiene, liezen wy om en om, ik yn it Frysk en Réaltán yn it Iersk, de fjouwer fersen fan ‘Lees ik in rjappel yn ’e grûn’ foar. It publyk wie oandachtich en lake doe’t Réaltán yn it Iersk de rigel: ‘O, as ik in jonge west hie’ foarlies. In aparte fraze ek wol wat op International Women’s Day.


De oare dielnimsters wiene Iersk skriuwster fan âld(er) oant jong. Dat der safolle jonge skriuwsters meidiene wie de organisaasje ek hiel bliid om. It waard in lange rige fan poëzy en proaza, dêr’t wy inkeld in sfear fan meikrigen en in pear wurden kontekst yn it Ingelsk nei ôfrin fan immen dy’t neist ús siet. Der waard ek noch in Baskysk gedicht foarlêzen, troch Idoia Noble, mei Ierske oersetting troch Áine Durkin. Al mei al wie it in tige plezierige en nijsgjirrige jûn.


De tongersdeitemoarns fertelde ik by ‘breakfast’ oan ’e betsjinster oer de jûn derfoar. En ik frege har oft sy ek Iersk prate. ‘No,’ sei se. ‘I’m Romanian’.

We besochten Trinity College en beseagen the Book of Kells, in 9e iuwsk manuskript.

The Long Room yn Trinity College wie yndrukwekkend. Boeken oan it dak ta. It rûkte dêr krekt as foarhinne op ’e wurdboekseal fan ’e Fryske Akademy.

Nei in besite oan de Temple Bar sochten wy it monumint fan The Great Famine op. It is oprjochte ta oantinken oan de perioade 1845-1850 doe’t de ierappelsykte yn Ierlân tasloech, wat der ta laat hat dat rûchwei in miljoen Ieren stoar en in miljoen Ieren emigrearre.

 

De jûns moeten wy by it Other Words diner, dêr’t wy ta ôfskied foar útnûge wiene, Cathal Poirteir, ek dielnimmer oan it Other Words-projekt, dy’t fjouwer boeken oer de hongersneed yn Ierlân yn ’e njoggentjinde iuw skreau. ‘In your spare time?’, frege ik. Nee, sei er, as syn wurk.

En sa einige dizze Ierlân-ekskurzje sa’t er begûn wie, mei it reflektearjen oer ierappels en mear yn ferskillende talen.

(foto’s: Gatske Kraak)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “In pear dagen yn Dublin

  1. Wat in prachtich ferhaal, Janneke. Yn grutte halen hiest it my al ferteld, no kin ik it yn alle rêst neilêze. Do hast it wol oer -wy- en ik wit wa’t dyn reisgenoat is, hast de namme mei doel weilitten? Persoanlik wol ik soks altyd graach witte as ik in ferhaal lês. Oare minsken wurd ek mei namme neamd. Moaie plaatsjes ek. Professioneel!
    Ik kin my foarstelle datst gjin jirpel mear yn de grûn sette kinst sûnder de dichtregel dêrby te preuvelemintsjen.
    Moai ritueel!
    Myn kanadeeske skoansuster har pake wie ien fan dy miljoen Ieren dy’t de hongersneed flechte is.
    Wytske

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *