Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (9)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

Forbaarn dizze brieven!

Der ûntsnapte in wolk fan moffich stjonkend stof út de koffer, Madelon draaide har om en prúste ferheftich yn in hoeke fan de keamer. Frou Radsma foel der sawat hinne, ik koe har noch krekt opheine en late har ta de grutte swarte briedstoel dy’t foar de telefyzje stie. ‘Oe heden, oe heden,’ wie it iennige wat it âlde, brekbere wyfke noch útbringe koe. Madelon hong mei de holle en it hier oer de koffer hinne, sa koe ik net sjen wat der yn siet. Ik hâlde har tsjin, faaks wat rimpen, doe’t se mei de hân yn ’e rjochting fan de foar my noch ûnsichtbere ynhâld gie. ‘Nee, Madelon, der moat neat skansearre wurde, mei ik der efkes by? Sorry!’ Se seach al wat betommele, mar knikte aldergeloks begripend. Har eachopslach siet eat fan bewûndering yn, en ik krige in heale ereksje. Dat wie in skoft lyn, dy medisinen… Ik draaide my om.

De ynhâld fan de koffer: twa pear grize breidene sokken, in blauwe jurk, foar it neist fan satyn of soksawat, tige fyn ûnderguod, in betommele manuskript fan Simke har Fryske Petiele, it itensiedersboek en, yn in hoeke fan ’e koffer in steapeltsje papieren, mei in blau lint dêr omhinne.

Forbaarn dizze brieven! Dat stie yn grutte, mar sierlike letters op it boppeste blêd skreaun. Myn hannen trillen doe’t ik it wichtige literêr-histoaryske dokumint beetpakte. Ik wie krekt dwaande it tige troch de tiid oantaaste lint los te lûken, doe’t ik in yslik, heas lûd hearde. Frou Radsma wie de boarne; de eagen draaiden har mâl yn ’e holle om, sadat allinnich noch it wyt sichtber wie, en se werhelle oan ien wei troch itselde wurd. Ik ferstie der earst neat fan, mar op it lêst begriep ik dat it in namme wie: ‘Keimpe, Keimpe, Keimpe!’

It wie ek it lêste wurd dat Geeske Radsma sprekke soe.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op