Willem Winters

Boks

logo.ensafh

Al gean ik mar efkes de stêd yn dan nim ik dochs faak myn fototastel mei. Ik bin sljocht op fotografearjen. Doe’t ik in jier as alve wie mocht ik al út en troch mei de Kodak-boks fan ús heit in foto meitsje. Dat wie in hiele ûnderfining, want der sieten mar tolve foto’s op in roltsje. Ik mocht de boel net ferprutse. Fergelykje dat mei de digitale kamera: guon minsken sjitte yn in wykein in pear hûndert foto’s.
Dy bokskamera fyn ik noch altyd oandwaanlik troch syn ienfâld. Boppedat jout er in goed idee fan de alâlde camera obscura. It âldste model is in Kodak fan 1888. Al gau wie der kar út tsientallen modellen fan dat kantich doaske, faak fan parse karton, mei in pear foarsjennings: in gleske en spegel as siker en in hendeltsje om de foto te knippen.
Lêstendeis seach ik op ynternet in boks dy’t ik wol ha woe – dy kostje net folle. Ik beseach de foto fan it tastel en ik miende gjin lins te sjen. Ik mailde de ferkeaper dat ik it apparaat wol keapje woe, mar dan moast der wol in lins yn sitte.
Twa dagen letter krige ik it tastel, mar gjin lins. Wat no? Ik wer maile, bitelich, wêr bleau dy lins? Ik krige in snútslach werom: ik moast earst mar ris de skiednis van de bokskamera bestudearje foar’t ik fierder gong mei myn hobby!
It die bliken dat by de âldste boksen de lins achter de ûntspanner sit, dy kinst allinne sjen ast de kamera iepenmakkest en troch it binnenwurk nei foaren sjochst. Stom miskien, mar by myn witten sit yn elke kamera nei 1890 de lins foar de ûntspanner.
Oer dy ûntspanner noch dit: it sjocht der slim kwetsber út. Dat sa’n ienfâldich fearke it langer as hûndert jier úthâldt! De lettere modellen hawwe fariabele diafragma’s, soms kinst de sluter blokkearje, dan krigest lange beljochtingstiden.

Net allinne de boks; ek oare goedkeape kamera’s hiene faak gjin trochdraaiblokkearing. Om gjin twa foto’s oerinoar hinne te krijen moast goed ûnthâlde oftst trochdraaid hiest of dat dat noch moast. Ik ha noch ien sa’n dûbele foto: beammeguod en de mûne fan Sybenga oan de Badwei [It Hearrenfean.] It wie myn earste foto dy’t my op it paad fan de estetyk fan de fotografy brocht: in mislearre foto dy’t dochs moai is.
Nei ’45 kamen der hiel wat goedkeape kamera’s op ’e merk; de AGFA Clack- en Click-searjes. Dy tastellen wiene allegear maklik te betsjinjen. Der stiene ikoantsjes op de body, sinne en wolken, maklik genôch.
Se hiene ien beswier. Je moasten wol hiel ticht op it ûnderwerp stean om persoanen der werkenber op te krijen. Foto’s mei sa’n kamera makke, lykje it ûnderwerp in hiel ein fuort te smiten; alle famyljefoto’s dy’t ik sjoen ha lije dêr oan. Mar as sa faak koe ik dit negative skaaimerk omsette yn in posityf byld, in hommaazje oan ús heit. Mantsje ha ik dy publikaasje neamd. Hy wie mar lyts en dochs bestjoerde er sa’n bakbeest fan in grutte bus en troch de wize fan fotografearjen waard er noch lytser. De boks, de Click en de Clack setten him op grutte ôfstân. Us mem mar knippe: it mantsje foar it rivierke, op de bank, by de mar, ensfh. De hiele wrâld moast der leafst yn ien kear op.
Ik hie doe al in lytsbyldkamera by foto Brouwer op de Dracht kocht; dat joech bettere resultaten. Hûndert gûne koste dy Frankarette, mei selsûntspanner, fan B oant 1/200 en diafragma 2.8 oant 16.

Neist famyljefoto’s mei pakes, beppes, omkes en muoikes derop ha ik ek altiten temafoto’s makke. Dêr mankearret faak wat oan: ûnskerp, te donker of te ljocht, fakentiids omdatst it goede tastel of de goede lins net hiest. Ik krige pas folle letter in kamera mei losse objektiven. Wat in ferskil!
Fansels ha ik ús hûn en goudfisk fêstlein en de bisten om ’e doar en yn it lân: hynders, kij, skiep, katten, in do, mar ek blommen en lânskippen. De foto fan dat skiep mei twa lammen is fansels in gelokje, no ja, dat bist wie grutsk, dat mei sa’n bist dochs wol wêze.

Tsjintwurdich – mar dan digitaal – sammelje ik noch altyd ferskate ûnderwerpen; wite terrasstuolen, tachtich bollen, 73 hoeken en beamtûken binne publisearre. Ik ha noch teksten op gevels, teksten op trucks, útsjoch út myn hûs wei, ensfh, ensfh. It binne moaie samlingen, mar hokker lot wachtet harren? De rommelmerk? De kringloopwinkel? Dat is allinne mar útstel fan eksekúsje. Wat moatte de neibesteanden mei al dy plaatsjes fan my? Fan bergen dêr’t se nea west ha, fan minsken dy’t se net kenne, fan seeën dêr’t se nea yn swommen?

In goekunde fan my fûn ris in doaze mei foto’s by it ôffal. Hy naam se mei nei hûs en rekke hielendal fan it sintrum. It wiene foto’s fan in sjongeres, har hiele karriêre yn in steapeltsje albums. En moai dat er har fûn…
Hy socht har. Wie sy dat net oan de oare side fan de strjitte? Stapte se dêr net út de trein? Jûns blêde er yn de albums, oerdeis swalke er troch de stêd. Hy koe har net fan him ôfsette.
Jierren hat er der depressyf om west.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op