Jelma Knol

Feanwâlden, doarp fan Fryske skriuwers

logo.ensafh

Tekst fan de literêre fytsrûte, dy’t in wike lyn op 10-06-2017 hâlden waard.

De rûte begjint by it stasjon. Wy rinne of fytse nei it suden (rjochting Quatrebras), komme lâns de Mennistetsjerke en pastory, de tsjerke wêr’t de jonge Theun de Vries mei syn âlden kaam en geane dan nei lofts, De Swette yn.

It noch o sa autentike wâldhúske oan De Swette, nr. 37, wie jierrenlang eigendom fan skriuwer en sjonger Bertus Klazinga.

De beppe fan de klassikus en dichter André Looijenga wenne ek oan De Swette.

Fierderop stiet it bertehûs fan Theun de Vries, nûmer 41. Eins is allinne it foarhûs ridlik autentyk bleaun, de wente is fierder grutter makke en modernisearre.

Theun de Vries syn Wilt Tjaardaferhalen spylje allegear yn de omkriten fan de Swette, Feanwâldsterwâl, Feanwâlden en De Falom. Wilt Tjaarda is syn alter ego as lyts jonkje.

De Swette is krekt as Feanwâldsterwâl yn hûndert jier tiid drastysk feroare. Eartiids stiene hjir nochal wat huzen mei klapbrêgen oan de sleat. Ek wiene der nochal wat reedsjes dy’t heaks op De Swette oanlein wiene en dêr stiene dan ek wer huzen. Eins is de Heidstreek dêr ien fan de lêste tsjûgen fan. Ast rjochting Kûkherne giest, komst nei it bertehûs fan Theun de Vries, ast lofts ôfslachtst en oer it spoar rydst, fansels op de Goddeleaze Singel. De Goddeleaze Singel, de Skilige Piip en fierderop by de Houtwiel, it Goddeleaze Tolhek, spylje in wichtige rol yn de folksferhalen fan dizze omkriten. De Goddeleaze Singel giet fan Dokkum nei Burgum en dan fierder nei Smelie by Drachten en is oarspronklik in rûte oer lân dy’t de jiermerken fan de grutte kleasters ferbûn en dus ek troch keaplju brûkt waard. De rûte wurdt foar it earst neamd yn 1435, stiet no bekend as it Kloosterpad en kin noch altiten rûn wurde.

Wa’t nocht hat om in wat langer ein te kuierjen of te fytsen kin dus oer de Goddeleaze Singel nei it Houtwiel gean, dan nei it Goddeleaze Tolhek (no fan Staatsbosbeheer) it fytspaad nei lofts nimme en hielendal oan de ein, op it Bûtenfjild wer nei lofts gean en dan komme jo wer yn Feanwâlden. Jo sjogge dêr in grutte ljochte bungalow, op de Dr. Albert Plesmanloane 81. Dêr wenne Durk van der Ploeg mear as 25 jier en dêr hat er in grut part fan syn romans skreaun. Romans dy’t foar in part yn dizze hoeke spylje binne Skepsels fan God en It wurk fan de duvel.

Mar wy geane earst werom oer De Swette nei Feanwâlden en rinne de Stinswei yn. Hjir op nr. 4 stiet Petit Sans Souci, it hûs dêr’t Lipkje Post-Beuckens jierrenlang wenne mei har man en bern. Se skreau har romans ûnder it pseudonym Ypk fan der Fear en har gedichten ûnder de namme Ella Wassenaer. Oarspronklik kaam frou Post-Beuckens út Sondel yn Gaasterlân en de sfear út dy omkriten is yn har earste romans goed te priuwen. De bekendste romans geane oer de reformaasje en de sekteliedster Antoinette Bourignon (De breugeman komt en Eilân fan de silligen).

Oan de Haadstrjitte steane gâns monumintale gebouwen. Ien derfan wie it wenhûs fan Piter de Clercq, de Amsterdamske bankier, dy’t letter in fûl foarstanner fan it Frysk waard.

Dan komme wy by de Skierstins. De toer is om 1400 hinne boud. Yn de Skierstins, no it kulturele sintrum fan Dantumadiel, is in Theun de Vrieskeamer dêr’t syn folsleine oeuvre opsteld is. Ek wurde hjir alle jierren lêzings oer syn wurk en eksposysjes hâlden. Boppedat binne der ek bysûnder nijsgjirrige Theun de Vriesrûtes, mei masterferteller Douwe Kootstra as gids.

Wat fierder yn de haadstrjitte kinne jo rjochts in besite bringe oan it tige goed foarsjoene boeke-antykwariaat ’t Vergeet-me-nietje. Dêr tsjinoer is in strjitsje dat wy ynslane, De Finnen. It hûs mei as opskrift De Haven, wie jierrenlang it hûs dêr’t Tsjipke Postma (1866-1956) wenne. Postma wie earst skûtsjeskipper. Syn skûtsje, de Swanneblom, leit no yn Earnewâld en is eigendom fan Age Veldboom. Postma skreau as folksdichter bysûnder aardige fersen dy’t gauris oer syn wenplak Feanwâlden en oare doarpen yn dizze omkriten geane. It gedicht Feanwâlden út 1904 beskriuwt ek de twa feemerken dy’t yn 1920 ta grutte argewaasje fan Tsjipke Postma ôfskaft waarden.

Yn Feanwâlden hawwe mear wichtige Fryske skriuwers wenne. Freark Dam, dichter en direkteur fan it FLMD, wenne hjir mear as tritich jier. Sytse Jansma, de jonge dichter út Harns groeide hjir op. Op ’t heden wenje ek de skriuwers en wittenskippers Koen Zondag en Piter Breuker yn it doarp. Hikke en tein yn Feanwâlden wie Thys van der Veen, dichter, ûnderwizer en letter konservator by it FLMD, en mei Reinder Postma oprjochter fan it literêre tydskrift Absinth.

Wy geane troch De Finnen nei de skulpepaden dy’t achter de Skierstins nei de Achterwei liede. De tún fan de Skierstins lit yn it foarjier in grut ferskaat oan stinzeplanten sjen en is nei 13.00 oere eins altiten wol iepen.

Achter de boargermaster Gratamawei oan de boargemaster Faberwei stiet in nuveraardich âld gebou: Bylsma’s tsjerkje. Skearbaas Hindrik Bijlsma wenne en wurke hjir. Syn ferhalen tsjin syn klanten yn de saak krigen gauris in godstjinstige ynslach. Hy boude dit tsjerkje yn syn achtertún.De lytse, âldgrifformearde tsjerkemienskip wurdt noch altiten troch famyljeleden yn eare hâlden.

In útstapke yn de santiger jierrenwyk De Tichelkamp liedt ús nei Jan Flintermanloane 5 en dêr wennet de reisferhaleskriuwer, kollumnist en ferteller Douwe Kootstra. Kootstra is ien fan de warbere leden fan it Theun de Vriesselsskip dy’t de oantinkens oan dizze grutte skriuwer yn libben hâldt.

Oer de Albert Plesmanloane komme wy fansels by it lêste hûs, nr 81, fan dy strjitte, dêr’t Durk vd Ploeg wenne. Wy geane dan nei lofts en wer nei lofts en dan binne wy op de Prysterikker, in púndyk mei skulpepaad lofts. Oan ús rjochterkant sjogge wy yn dit stikje bûtengebiet mei elzesingels in pear âlde pleatsen en fierderop noch inkelde huzen tsjin in boskrâne. De skulpepaden hjir binne âlde tsjerkepaden dy’t nei de tsjerke fan it sûnt 1600 ferdwûne doarp Eslawâld liede. De Prysterikker wie de grins. Sint Johanneswâld wie de jongere parochy (op it plak fan de Skierstins en de NH Tsjerke) dy’t stadichoan de kearn waard fan it doarp Feanwâlden.

Rinne wy oer de Prysterikker rjochtút, dan passeare wy it spoar en oan de ein fan de ûnferhurde reed geane wy nei rjochts. Wy binne no yn Feanwâldsterwâl, in âlde feankoloany, mei noch altiten in feart mei lytse opfearten en tal fan âlde sfearfolle huzen en pleatsen. It doarp is foar in part fan Tytsjerksteradiel en foar in part fan Dantumadiel, de feart troch it doarp is de skieding. It begjin fan De Wâl hat syn âlde karakter wol ferlern, mar fierderop, rjochting ús einpunt by Dûke Lûk, is noch altyd wat fan de sfear fan âlde tiden op te snuven. Baukje Wytsma hat in moai simmergedicht oer dit plakje skreaun. Op Feanwâldsterwâl wennen altiten in protte âlde minsken dy’t in geweldige rykdom oan folksferhalen fertelle koene en dan ek geregeld de grutte samler Dam Jaarsma op besite krigen. Oant 1991 wenne hjir de âldste frou fan Nederlân, Tryntsje Jansma-Boskma, dy’t 109 jier waard. Ek Willem van der Veen, de skriuwer fan it boek oer dûmny Zelle kaam hjir wei.

Dûke Lûk is in bysûnder plak. Hjirachter wie in helling, in werf dêr’t ûnder oaren Wâlster preammen boud waarden. It beurtskip nei Ljouwert fear fan hjirút nei Ryptsjerk oer de Walstermûzerid. De eigners fan Dûke Lûk ferhiere kano’s en oare boatsjes en organisearje gâns aktiviteiten yn Feanwâlden en omkriten. De Lodde Helrun is in begyp. Wy stekke even oan op it terras of yn de jachtweide by minder moai waar en as wy werom wolle is it stasjon op 15 minuten rinnen wer flakby.

Wa’t de ynwenners fan Feanwâldsterwâl better kennen leare wol moat âld-ynwenner Sjoerd Litjens marris folgje. Hy makket foar CH2018 (de Kulturele haadstêd) portretten fan alle ynwenners op film.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op