Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Aggie van der Meer

logo.ensafh

It liket krekt oft it allegear hiel logysk is, mar dat is it krekt net.” (Aggie van der Meer oer Ho Wu en Misty Mac.)

Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se hat de analisteoplieding dien en in oplieding ta tekenlearares. Se krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere Mavo yn Boalsert. Letter is se mei har man Herman in túnbedriuw begûn en hat se it hoveniersdiploma helle. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland. Foar dy organisaasjes skreau se in protte artikels yn ’e krante. Yn 1964 ferskynde by útjouwerij Osinga yn Boalsert it berneboek It kemiel fan omke Romke. Se publisearre ek gedichten yn de literêre tydskriften Hjir en Tzum en yn it digitale tydskrift Kistwurk. Op lettere leeftyd begûn Aggie mear te skriuwen. Yn 2000 kaam by útjouwerij Frysk en Frij de dichtbondel De stêd, it bist, de ingel, mei as ûndertitel Balladeske út. Yn oktober 2004 is it, bewurke ta toanielstik, trije kear opfierd troch toanielgroep De Blaue Toer yn it Marne Theater yn Boalsert. Letter binne noch fiif toanielstikken fan Aggie van der Meer op ’e planken brocht. Har twadde dichtbondel Hân oan ’e muorre ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman: Lytse roman fan Jon Fels. Yn 2011 wûn se de troch de gemeente Ljouwert ynstelde Piter Jellespriis. De priis waard har takend foar fjouwer wurken út de perioade 2005-2009. Foaral har roman Oerfeart waard priizge troch de sjuery. Dêryn ferwurdet se oan ’e hân fan har famyljeskiednis de rol dy’t ymmigranten yn Fryslân spile ha. Underwilens binne tal fan boeken fan Aggie van der Meer ferskynd, wêrûnder de twatalige dichtbondel Tei-iizje / Lok-azen yn 2014 en de roman De Achttjin yn 2016. De Achttjin is yn datselde jier troch de Fryske útjouwers útkeazen om op de Frankfurter Buchmesse promoate te wurden. Yn 2016 kaam ek de novelle Ho Wu en Misty Mac út by útjouwerij Grotesk. Aggie wennet noch altyd yn Boalsert. Har man Herman is yn 2011 ferstoarn. Mei Herman krige Aggie ien dochter en fiif soannen.

Wa binne Ho Wu en Misty Mac?
‘Mei ik earst in fraach stelle? Hoe binne jim oan dit boekje kommen? Dit is de earste kear dat ik wat útjûn ha en dat der net wat oer yn de Ljouwerter Krante stien hat. Hoe witte minsken dan dat it der is? Der stie no wol in hiele lange resinsje fan Jelle van der Meulen op syn webside. Ik ha sels it boekje wol oan guon minsken jûn en der wurdt totaal ferskillend op reagearre. Dat fyn ik hiel prachtich. Guon sizze dat se it in hiel leuk boekje fine en guon oaren witte net wat se dermei oan moatte. Alle 23 ferhalen hawwe op Fers2 stien, de webside fan Abe de Vries en Friduwih Riemersma, en sy woene it útjaan. Ik hie net spesjaal nei de publikaasje útsjoen, mar no begjint it foar my ynienen in tige nijsgjirrich projekt te wurden.

Wa’t dat binne, Ho Wu en Misty Mac? It binne betochte figueren, in Sinees en in Amerikaan, twa ûndernimmers. Ik hie de roman De Achttjin skreaun en oan Abe lêze litten foar’t dat by de Afûk dellein wie. Hy fûn it in prachtich boek en woe it graach yn dielen op de webside Fers 2 sette, dy’t doe krekt yn ’e loft wie. Dat like my net in goed plan, omdat it by de Afûk útjûn wurde soe. Dat fûn Abe eins ek en doe bin ik op it idee kommen om de ferhalen oer Ho Wu en Misty Mac te skriuwen. Dus min of mear tafallich is it sa begûn.’

Yn de novelle Ho Wu en Misty Mac giet it oer ûndernimmen, ekonomy, ekology, miljeu, polityk, it klimaat. Alles is op poëtyske wize beskreaun. Wat wie jo idee by dit boek, wat is de achtergrûn?
‘It liket krekt oft de beide ûndernimmers hiele grutte saken dogge. Se ha in man dy’t it wurk docht yn Parys en ien yn Londen. Se prate mei-inoar mar it kloppet allegear net sa’t se prate. It liket krekt oft it allegear hiel logysk is en dat is it krekt net. Ik haw it hiel leuk fûn om it boek te skriuwen en it is hiel wat oars as alle oare boeken dy’t ik skreaun ha. De tekening op de omslach fan it boek haw ik sels makke, ús Maarten, ien fan myn soannen, hat it yn in kader setten. De tekeningen yn it boek binne fan Friduwih. Sy hat ek in tekenoplieding dien, sy kin hiel moai tekenje.’

Jo hawwe altyd yn Boalsert wenne. Troch de Twadde Wrâldoarloch rûn jo skoaloplieding net sa as de bedoeling wie.
‘Ja, ik ha hjir alles meimakke. Ik wie krekt fan de legere skoalle ôf doe’t de oarloch begûn. Yn Boalsert wie in Mulo, dus doe bin ik dêr mar hinne gien. Ik ha Mulo-B dien, ik wie net echt in B-figuer, mar ik moast dochs wat. Nei de oarloch hie ik earst totaal gjin fidúsje wat ik dwaan moast. Fan myn âlden mocht ik alles wol dwaan, mar ik wie net motivearre. De oarloch hat in tige negative ynfloed op my hân, wylst der ek in protte goede en spannende dingen barden. Mar goed, doe ha ik wat útsocht dêr’t ik gau klear mei wêze soe. It waard de analisteoplieding yn Grins. Foar’t ik dy oplieding dwaan koe moast ik de oplieding HBS-B mei natuer- en wiskunde helje en dat ha ik dien. Dêrnei gie ik twa dagen yn ’e wike nei de oplieding yn Grins en dat is goed gien. Yn 1951 bin ik troud en letter haw ik noch de tekenoplieding dien. Letter, doe’t wy al bern hiene, haw ik lesjûn oan de Mavo hjir yn Boalsert.’

Op Sirkwy.frl lies ik dat jo net wolkom wiene as learares op de roomske Mavo yn Boalsert. Wêr lei dat oan?
‘Ja, wy wiene te lestich en te modern. Se woene op de roomske Mavo net ien ha mei it soart ideeën dat ik hie oer tsjerke en maatskippij. Ik wie de iennige mei foech dy’t sollisitearre en mei tastimming fan de ynspekteur ha se ien beneamd dy’t gjin foech hie. Sa fier gie dat. En echt gefaarlik wiene wy fansels net. Myn man Herman en ik koene hielendal út de fuotten mei alle nije ideeën dy’t yn tsjerke en maatskippij opkamen. En ik koe net goed begripe dat oaren dat net sa fûnen. Dat hat miskien in flater west dat ik net troch hie dat it foar in protte minsken fierste folle wie. Dat yn tsjerke alles oars moast en bygelyks dat wy homo’s hienen as freonen wie foar guon minsken miskien wol ûnbegryplik. Ik skreau wol oer myn opfettings yn ’e krante, ik hold it net foar mysels. Ik kin eins neat mei it ynstitút tsjerke. Ik gean noch wol ris nei de roomske tsjerke, ik bin net offisjeel útskreaun, mar ik bin wol in bûtensteander. Ik bin wol leauwich, mar it leauwen dat yn ’e tsjerke ferteld wurdt, is myn leauwen net mear. Likegoed hat de roomske tsjerke mei syn rituelen my noch altyd wat te bieden.’

Op in bepaald momint ha jo en jo man in karriêreswitch makke.
‘Myn man koe op in gegeven momint syn wurk net mear útfiere. Hy wie tsiisgrossier, mar alle lytse winkeltsjes oan ’e westkant fan Fryslân giene yn grutter ferbân ynkeapjen. Op doktersadvys moast er bûtendoar wurk sykje. Doe binne wy beide begûn mei in túnbedriuw. Ik bin doe fakbekwaam hovenier en túnarsjitekte wurden; ik ûntwurp tunen en myn man lei se oan. As wy grutte projekten hiene, hierden we minsken yn.’

Foto: Haye Bijlstra

Jo hawwe ek maatskiplik tige warber west.
‘Ja, foaral yn de fredesbeweging. Dêr hie ik gerêst in heale baan oan, dy’t fansels net betelle waard. Ik wie foarsitter fan IKV Fryslân, Interkerkelijke Vredesbeweging Fryslân. Dus we ha fan alles organisearre en ik waard geregeld útnoege om oer de kearnwapens te praten. Yn ’77 waarden yn it hiele lân ôfdielings oprjochte, dy’t praten mei de polityk en de tsjerken oer gjin kearnwapens. De lanlike leuze wie: “Kernwapens de wereld uit, te beginnen uit Nederland” en wy fûnen dat alle politike partijen en de tsjerken dêr eins achter stean moasten. Yn dy tiid haw ik in protte artikels yn ’e krante skreaun. Yn 1995 binne we mei Leefbaar Fryslân begûn, yn earste ynstânsje in tsjerklike beweging. De organisaasje fûn dat tsjerken har bemuoie moasten mei sosjale ferhâldingen, duorsumens en frede. Lokaal aktyf en mondiaal tinke, wie it biedwurd. Trije jier ha de tsjerken dat dien en doe wisten se it. Ik siet yn de provinsjale groep en ha doe foarsteld om yn breder ferbân mei ferskate tema’s troch te gean. Sa wie der in provinsjale wurkgroep lânbou, in wurkgroep ûntwikkelingsgearwurking, yn totaal in stik of tsien wurkgroepen. Ik skreau ek oer biologyske lânbou. Sa haw ik in brief skreaun oan deputearre Kramer yn ’e krante en hy hat my ek yn ’e krante wer antwurde. Dêrnei ha ik in petear mei him hân. Hy begrypt wol dat der wat barre moat yn de lânbou, mar hy is oan hannen en fuotten bûn troch de LTO en allerhanne belangen. Alle boeren kinne fansels net daliks mar omskeakelje op biologyske lânbou. Mar dy’t it dogge rêde it dochs en fiele har der goed by. It sil wol moatte, want de grûn is net mear wat dy wêze moat. De grûn yn Nederlân is fergiftige mei bestridingsmiddels en keunstmest en dêrtroch binne der hieltyd minder fûgels. Dat joech Kramer ek wol ta, mar dêrmei is alles net oplost fansels. Mei lytse stapkes besykje se der wol wat oan te dwaan.’

Jo binne op lettere leeftyd mear begûn te skriuwen.
‘Ja, om it jier 2000 hinne, nei’t ik warber wie foar Leefbaar Fryslân, haw ik in kursus fan fjouwer jûnen dien by Tsjêbbe Hettinga. Ik wie totaal net fan doel om yn it Frysk te skriuwen. Ik praat no wol Frysk tsjin dy en oaren, mar likefolle Boalserters en Nederlânsk. It Frysk haw ik my de lêste jierren oanleard. Wy moasten fan Tsjêbbe sels in gedicht skriuwe. Teake Oppewal wie ek by dy kursus en hy sei tsjin my dat ik dat gedicht nei Hjir stjoere moast. Dat haw ik dien en doe belle Jelma Knol en sy sei: “Wy sette it gedicht deryn en no moatst achter de kompjûter, want wy wolle wol mear fan dy ha.” En even letter belle Goasse Brouwer fan Frysk en Frij my op en sei: “Ast noch wat mear hast, jou ik it wol út.” Dus it is eins foar my hiel noflik begûn. Mar Goasse sei: “Dan moatst wol op Fryske les”. Ik sei: “Dat doch ik net, dan skriuw ik wol yn it Nederlânsk.” Goasse lilk. It telefoanpetear wie ôfrûn, mar fiif minuten letter belle er wer. “Skriuw dochs mar yn it Frysk, ik sil it wol ferbetterje,” sei er. Myn earste boekje wie mar 36 siden: De stêd, it bist, de ingel. It wiene gedichten, in roman koene we it eins net neame. Goasse neamde it mar ‘in balladeske’. Dat wurd bestie hielendal net, mar we wisten net hoe’t we it oars neame soenen. Letter haw ik dêr noch in toanielstik fan makke en dat is yn 2003 spile troch toanielferiening De Blaue Toer. Us Obe dy’t yn Boalsert wennet, hat dy namme betocht. Der hat yn Boalsert in toer west mei dy namme. Letter haw ik noch fiif stikken skreaun foar De Blaue Toer. Cesilia Tan wie it lêste stik, nei oanlieding fan in novelle fan my. Sânman en Sikke ha de muzyk makke op in tekst fan my oer Cesilia Tan en dat sjonge se hiel prachtich. Ik ha in skoft de muze west foar Sânman en Sikke, ik makke de Fryske lietteksten foar harren. Dêr binne ferskate CD’s fan útkaam. Ik ha noch in frije bewurking makke fan it Grykske treurspul Antigone, mar dêr is noch neat mei dien. Dat is in hiel grut stik en it frege eins wat te folle fan De Blaue Toer. Mar it leit klear.’

O

Hoe is de dichtbondel De sneinen ta stân kaam?
‘Mei dy dichtbondel bin ik begûn doe’t myn man al siik wie. Hy hat tsien jier Alzheimer hân. Doe’t it ta ús trochkrong wat er hie, tocht ik: ik moat soargje dat ik ek noch wol myn eigen dingen dwaan kin en dat ik goed ynoarder bliuw, sadat it libben leefber bliuwt. Dat is ús goed slagge, moat ik sizze, it hat hielendal net in minne tiid west. Moarns, foar iten, as hy noch op bêd lei, rûn ik de Gysbert Japicxleane hielendal út. Dat doch ik no noch alle moarns, altyd itselde. Dan kom ik soms minsken tsjin dy’t my hiel hertlik groetsje en sizze: “Jo kenne my net, mar ik jo wol want ik sjoch jo alle dagen rinnen.” Op in stuit bin ik begûn, doe wie myn man al ferstoarn, dêr gedichten oer te skriuwen. De sneintemoarnen wiene de moaiste mominten, dan seachst gjin mins op strjitte en koest fan alles byinoar fantasearje. Ik prate heechút ris mei in fisker en dan fertelde er my wat der yn dy moanne wol of net tastien wie en wat foar aas er brûke moast. It is net te begripen wat ien man mei in angel allegear ûnthâlde moat. En dan hearde ik wêr’t se it yn tsjerke oer hiene en dat ferwurke ik faak ek yn de gedichten. Fan de bondel De sneinen sei Hoite Pruiksma: “Dit wurdt it útgongspunt foar in teatraal oratoarium.” Ik fûn dat in prachtich idee en ha de tekst makke foar dat oratoarium, Hoite makke de muzyk. En der is ek al in twadde diel. It earste diel is troch middel fan crowdfunding yn de Gertrudistsjerke yn Warkum opfierd en dat is in geweldich súkses wurden. Mar it projekt kin oant no ta net fierder omdat der jild nedich is. It sit ús beide wol dwers dat it no stûket.’

Wat wie foar jo de oanlieding om De Achttjin te skriuwen?
‘Op ’e telefyzje seach ik op Canvas in film yn trije dielen oer de studint Jan Palach dy’t himsels nei it yngripen fan Moskou by de Praachske maityd yn Tsjechoslowakije út protest yn ’e brân stutsen hat. In groep kommunisten moast derfoar soargje dat Jan Palach net in heldestatus krige en dat der opstân komme soe. Sy ha betocht dat dy jonge yn in rjochtsradikale groep siet en ferkearde dingen die. By dy groep kommunisten wie ien man dy’t my daliks oanspruts, in moaie man om te sjen en hy hie in spesjale rol. Hy sei hast neat, mar hiel faak fregen se him even wat en dan joech er hiel koart antwurd. Koest eins de konklúzje derút lûke dat er in hiel soad wist fan wat der allegear yn de mienskip barde. Op in stuit komt yn ien fan de trije ôfleveringen ien mei de fraach: soe er wol te fertrouwen wêze? Mar dat is yn de film net fierder útdjippe. Doe tocht ik: ik betink in hiel libben fan begjin ôf oan foar dizze iene man yn dy kommunistyske setting. It skriuwen gie dat it slydjage, ik hie daliks in ferhaal yn ’e holle. Hy wenne as joadsk jonkje yn Dútslân en op in stuit kaam er yn dat fermidden fan kommunisten telâne. It manuskript haw ik oan Abe de Vries lêze litten. Hy frege oft ik al in útjouwer hie. Nee, dy hie ik noch net. Ernst Bruinsma hie my al in kear oanbean om by de Afûk út te jaan. Abe hat in stik oer it boek foar my skreaun en dêr ha ik in stik by dien oer de achtergrûnen derfan. Dat ha we opstjoerd nei Ernst Bruinsma, tsien dagen letter belle er: “Ik haw it lêzen, ik fyn it in hiel nijsgjirrich boek. Ik gean no op fakânsje, bist 20 augustus thús? Dan kom ik lâns en dan tink ik dat we it takom maityd wol útjaan kinne.” En sa is it gien.’

Komt der meikoarten nij wurk fan jo út?
‘Ik ha no in nije roman yn twa dielen klear, dy komt wierskynlik yn septimber út, ek by de Afûk. It giet oer in roomse sakefamylje. Mear kin ik der noch net oer fertelle.’

Hawwe jo al wer plannen foar in nij boek?
‘Op it momint bin ik ferhalen oan it skriuwen. Der is ek in Nederlânske útjouwer dy’t graach wat fan my ha wol. Dy soe graach in oersetting útjaan wolle fan De Achttjin, mar dan moat ik eins in offisjele oersetter ha. Ik sit net yn in fûns dat dat daliks betelle wurde kin, dus dêr sit ik in bytsje mei.’

Wat binne de sintrale tema’s yn jo wurk?
‘Underlinge relaasjes en stribjen nei macht en egoïsme fan de minske. Ik hâld gjin preken, mar ik wol wol in hiel soad dingen beneame. Yn De Achttjin is it dúdlik dat ien man úteinlik striidt tsjin de macht fan it kommunisme yn syn lân en tagelyk tsjin himsels. En minsken sizze dat der symbolyk yn myn boeken foarkomt. Ik kin net sizze dat ik dêr hieltyd bewust nei sykje, mar it is wol hiel faak sa dat ik it brûke kin. Fan skoalle en skiednis en fan it leauwen haw ik in hiel protte oerholden. Der falt soms om te laitsjen en ek wol mei te spotten, dat doch ik ek wol graach. Bylden út de natuer en see en fûgels komme nei foaren. Dat binne dingen dêr’t ik my yn it deistich libben ek mei dwaande hâld en dy’t ik goed yn myn skriuwen ferwurkje kin. It ferhaal fan Abraham yn it Alde Testamint hat my op it idee brocht om it ferhaal ‘Offer’ te skriuwen. Dat spilet yn in radikaal fermidden, in groep minsken dy’t mei-inoar stride om har eigen ideeën ynfierd te krijen en te beskermjen wat se ha. Oan in man wurdt frege oft er foar in bepaald doel syn soan beskikber stelle kin as martelder. Dêr tinkt er oer nei en dan seit er úteinlik: “Nee, de saak dêr’t wy foar stride mei dit soart dingen net fan ús easkje.” Hy ferjit lykwols om der mei syn soan oer te praten. De jonge wol dan gjin kontakt mear mei syn heit, mar nei ferrin fan tiid bellet dy jonge op en seit dat er mei syn heit prate wol. De essinsje fan it ferhaal sit yn it petear tusken dy jonge en syn heit oer dizze saak.’

Jo ha tegearre mei Marga Claus it kadoboek Neiskrift skreaun foar de Swalk Boekemoanne yn 2016. Hoe kaam dy gearwurking ta stân?
‘Marga wie op it idee kommen foar dy brievewikseling. Ik moast der earst wol oer neitinke oft ik dat wol woe. Mar sy sei: “Ik begjin wol in brief te skriuwen en dan sjochst mar ofst antwurdzje wolst.” Dat ha ik doe dochs dien en úteinlik hat it ús beide hiel goed foldien en it boek is ek hiel goed ûntfongen. Wy wiene beide krekt widdo wurden en ha yn de brieven beskreaun hoe’t wy mei de ferwurking fan it ferlies fan ús man omgiene. Wy hiene al jier as wat kunde oaninoar. Sy en har man Hans gongen hieltyd mear nei tsjerke, wylst Herman en ik der hieltyd minder kamen. Sy binne ek oergien nei de roomske tsjerke. Doe fregen se oft ik harren meter wurde woe en ik sei dat dat eins net koe omdat ik in heale ketter wie, mar dat fûnen se hielendal net slim. Oan de oare kant hiene se Pater Saris en sa wie der wer lykwicht. Faak kamen se nei in tsjerkebesite hjir in bakje kofje of in wyntsje drinken. Herman wie der doe ek noch wol min of mear goed mei de holle by. Wy ha in hiele leuke en goede tiid hân mei ús fjouweren.’

Hat jo man noch lang thús wenne doe’t er Alzheimer hie?
‘Ja, hy is hast oant de ein ta thús bleaun. Se wisten yn Bloemkamp net wat se seagen, dat er doe al sa fier hinne wie. Ik hie him altyd thús hâlde wollen, mar it wie net mear te dwaan. Hy wie hiel lestich. Dat wol sizze, net de hiele dei troch, mar hy woe net mear ûnder de dûs, hy woe him net oanklaaie. Foar’t er nei Bloemkamp gie ha we seis wike thússoach hân. De bern kamen hiel faak en no en dan freonen. It hat net in minne tiid west. En ik hâlde altyd noch fan him, dat is sa bleaun oant de lêste dei. Ik waard wol ris ûngeduldich, mar net lilk en it wie net sa dat ik sei dat ik it net mear opbringe koe. Nei syn dea haw ik in hiel oar libben krigen. Fan ien kant is it in bliuwend ferlies en gemis en fan de oare kant jout it ek wer nije dingen. Ik ha no mear tiid om nei te tinken. It soart ferhalen dêr’t ik no mei dwaande bin, hie ik tink ik tweintich jier lyn net skriuwe kinnen. Der komme faak genôch minsken op besite dêr’tst in rêstich ûnderhâld mei ha kinst, dêr hast no folle mear tiid foar. Krigest in oar soart kontakten en dat is hiel moai.’

Sjoch ek op: www.aggievandermeer.nl.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Abe de Vries Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Abe de Vries
Gast

,,Dy soe graach in oersetting útjaan wolle fan De Achttjin, mar dan moat ik eins in offisjele oersetter ha. Ik sit net yn in fûns dat dat daliks betelle wurde kin, dus dêr sit ik in bytsje mei.” Fansels. Ik soe der ek mei sitte as ik troch monopolisme en nearingplicht telâne moast by troch de VVL goedkarde oersetters. Mar ja, dêr hat it Skriuwersboun (sorry, Oersettersbûn) o sa syn bêst foar dien in pear jier lyn, Goed dat Aggie dizze misstân meldt. Fers2 is trouwens net de webside fan Abe de Vries en Friduwih Riemersma, sa’t ensafh net it… Lees verder »