Josse de Haan

Côte d’argent (4)

logo.ensafh

wurden rane

simmer fersjit fan swart nei skjinner blau
kwik ûntflechtet termometerbuiskes
nachts krûpt elk werom yn eigen skulp

wurden wurde dronken, rane op lippen
minsken iggewearje mei mûle, hân en hûd
oant boesgroentsjeplysjes oarder skeppe

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16. Josse de Haan.

Côte d’argent is in syklus fan Josse de Haan, besteande út tsien gedichten yn fjouwer skiften. Dit is ôfdieling fjouwer. De oare skiften binne ek op ensafh.nl publisearre.

(red)

Klik hjir foar it earste skift
Klik hjir foar it twadde skift
Klik hjir foar it tredde skift

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *