Anne Feddema

Kollum foar Ensafh

logo.ensafh

In stik dei út… Plus it fierdere libben fan Anne Feddema?
Reisbesykjen nei Oldenburg, tongersdei fyftjin juny twatûzensantjin.

05.00 oere… fyftjin juny twatûzensantjin. De wekker giet ôf en ik spring út bêd.

Wier-wier, mar… nét wier. Hoe betiid ik ek de dei, of noch neare nacht, ynstap om oan ’e kuier te gean, ik persoanlik haw noch nea ‘de wekker setten’ om dy dan ôfrinne te litten wannear’t dat dan mar winske is. It is wis-wekker-wier net nedich, sis ik jimme. Ikséls rin as in wekker it libben yn. It liket wol as haw ik in ynboud alaarmsysteem yn ’t kopke. Lit ik sizze: Ik moat om fiif oere op, dan wurd ik stiiffêst wekker op alle hiele oeren dêrfoar en in kertierke foar de oere dat ik der út moat.
Ik moat earlik sein wol tajaan dat dát dan ek in stiif kertierke is. (emoticon) De lea moat yn beweging komme, dus ik begjin alfêst mei myn ferneamde ‘bêdskonkoefenings’, it omheechbringen fan beide skonken wylst it boppelichem lizzen bliuwt. En dan… de lansearring fan ’e raket Feddema yn syn deistige baan, dan wol net om mar wol óp ierde. Sa ek de fyftjinde juny twatûzensantjin. En wêr moatst ik yn ’e goedichheid sa ier en betiid, it lemierdier séls, dan wol hinne? Mei de Flixbus nei Dútslân. Jawol jawohl! As ik dan oan sa’n reiske begjin bin ik altiten sa stil as in bêdpisser (wat ik net dien haw fansels) om de frou net wekker te meitsjen, dy’t har pear oerkes sliep hurd nedich hat.

Yn juny is it aldergeloks hiel ier ljocht. Wat dat oanbelanget binne dizze reiskes yn ’e wintertiid stikken minder noflik, as it noch ierdetsjuster is. Ik kom yn ’e keamer en doch dan altiten de radio oan, dy’t jimmeroan op stjoerder fjouwer stiet. Op it stuit is der Gesänge der Frühe fan Robert Schumann (1810 – 1856) foar. Tafal bestiet net, sizze se wolris, hoewol’t ik minsken ken dy’t dat hiel faak sizze, mear as ien kear yn ’e oere sels, wat op himsels fansels al net mear tafallich is. Wêr wolst no hinne?, hear ik jimme. (Nei Dútslân, safolle is wol dúdlik yn elk gefal.)

Ik wol mysels eins gewoan efkes oan jimme foarstelle mei in bytsje help fan it ynstrumint TAAL. As nije kollumnist foar Ensafh, én as minske… Anne Hendrik Berend Feddema. Ik bin frege om in kollum foar Ensafh te skriuwen. Dêr kin ik dan net fan sliepe… wêr moat dat oer gean? En myn roman? En der rinne noch wol fjouwer, fiif saken fan literêr tekstbelang. Kin ik dat oan? Mar it is net op in deistige basis, ien kear yn ’e fjouwer moanne, dus dat falt ta. Hegere machten, dêr kinne je neat oan dwaan en tsjin ûndernimme, jouwe my troch: Skriuw oer Byldzjende Keunst… bygelyks: Dútske Brücke-ekspresjonisten en har relaasje ta East-Fryslân, reiske nei Oldenburg…in nut-noflik kombinaasje. En ik wol eat nijs, eat oars… keunst beskriuwe, beskôgje… parlando-sjongend… folje mar yn. Ik dan. Grôtfol assosjaasjes en ymprovisaasjes. Net foar elkenien like gaadlik, mar it kin faaks wolris wat nijs en fris wêze. Ritme… muzyk… in nije foarm fan kommentaar leverjen. Alles moat yn ferbining mei-elkoar stean. No sa. Earst de trein mar ris helje yn dit stikje, dy fan seis oere achttjin.

Oerhimd (dat is híel âld) oan… ûnderguod… broek… skuon… kolbertke oan… pet op… fuortwêze… as Picasso… foarút, foarút… weromsjen net mooglik. It sil hjoed in waarme dei wurde. Nee, der komt no gjin Fryske siswize, net benaud wurde, dêr soarget it waar sels wol foar. De ekspresjonisten hearden je nea oer it waar. Doe nei alle wierskynlikheid wol, mar ik wit der neat fan, miskien ris op ’e efterkantsjes fan ’e postkaarten dy’t se elkoar by de rûs stjoerden: ‘It is hjir hast net om út te hâlden. Ik ha hjoed de holle ferbaarnd wylst ik op it strân oan it skilderjen wie. Dy kleur dy’t ik haw sit ek yn it skilderij, moatst mar tinke. Groetnis en oant gau… Schmidt-Rottluff.’

Op nei Grins no. Earder dy wike haw ik myn OV-kaart al opladen, dus dêr haw ik gjin lijen fan. Goed taret op reis mei each foar alle saken dy’t je tsjinkomme kinne, ék de ûnferwachte en as skriuwer is der net in soad dat op jins paad komt dat je nét brûke kinne. Nei de Arrivatrein. Der binne in stik as tsien Arriva-yntsjekpoartsjes. De bûtenste is der ien fan ’e NS, dy brûk ik, sa as letter bliken docht. In aardich wâldmantsjekondukteur ‘scant’ my. ‘Jo hawwe yntsjekt bi NS… aanst wol útsjekke by in giel pealtsje.’ Ik begryp der neat fan. Hoe haw ik dat hân en wat binne de gefolgen? No, de reis kostet tolve euro en in pear sinten, normaal mei koarting… seis. Oan it NS-loket yn Grins, dêr’t ik in útdraai fan myn reishistoarje meitsje lit, sjogge se ferheard op dat ik gjin boete krigen haw… dat hie dus ek nochris kind. No haw ik úteinlik neat betelle foar de rit Ljouwert-Grins én ik krij myn jild werom fan NS, oer in pear wike. Ik lit it jimme noch witte. Dan komt de ferflixteFlixbus mar net en de hiele dei kin ik oan myn roman en de Ensafh-kollum skriuwe, dy’t oer ekspresjonisten én keunst gean soe, mar dat komt dan de folgjende kear. Dit is in opmjitte, in yntroduksje moatte jimme mar tinke, in bytsje kaugom foar it each. Ik sit noch hieltyd yn ’e Grinzer stasjons-Starbucks op ’e bus te wachtsjen… it skriuwwurk rint lykwols as it spoar. In hiele goede simmer tawinske.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *