Jelma Knol

Pykje Fjouwer, printeboek oer skriezepyk troch Lida Dykstra

logo.ensafh

Pykje Fjouwer, it printeboek mei in moai ferhaal oer de skries fan Lida Dykstra en yllustratrise Ina Hallemans wie my ferline jier spitigernôch ûntgien. Mar wy sitte noch altiten yn de goede tiid fan it jier, dus alle reden om dit boek no oan te tugen en mei de bern te lêzen.

It ferhaal giet oer it lêste aai fan in skriezenêst dat útkomt, de earste trije piken binne al op de wrâld. Op boartlike en fernimstige wize bringt Lida Dyktra in pear triedden byinoar yn dit ferhaal. Pykje Fjouwer is de lêste yn ’e rige en stiet der eins allinnich foar. De aventoeren dy’t er belibbet, ek mei de minsken op de pleats, binne op in meinimmende wize beskreaun. Oan ’e ein fan ’e simmer slút pykje Fjouwer him oan by in groep skriezen dy’t har klearmeitsje foar de reis nei Afrika. Yn it foarjier dêrop komt er mei in wyfke werom en briede se in nêst mei fjouwer aaien út. Nei it ferhaal is apart it Simmermoarn-sankje fan Waling Dykstra ôfprinte en dan folgje noch fjouwer siden ynformaasje oer de skries en in taheakke oer de Kening fan ’e Greide as beweging.

It moaie fan dit ferhaal is dat Pykje Fjouwer net problematisearret: dat de skries yn Fryslân op útstjerren stiet, wurdt bûten it ferhaal hâlden. En dochs giet it op in metanivo fansels wol deeglik oer de lêste skries, de hikkesluter fan de skriezehúshâlding. It giet tagelyk ek oer de neikommerkes yn in gesin, de bern dy’t soms troch heit en mem wat fergetten wurde. Dykstra hâldt it skriezeferhaal lykwols posityf. De boer, de heit fan Yfke dy’t har even om it pykje bekroadet, hâldt by it meanen rekken mei de greidfûgels. It nijs oer de skries is eins allinne mar posityf. It ynformative part ‘Oer de skries’ komt wol mei in realistysk ferhaal oer de achterútgong fan de skries en jout tagelyk ek oan wat der miskien noch oan te dwaan is. Der sil ek gau wat barre moatte om de greidfûgels te rêden, oars begripe bern al hielendal neat mear fan it tredde kûplet fan Simmermoarn-sankje. Watst net witst of nea kind hast, silst ek net misse. Dêrom is it dit in treflik boek om bern mei te jaan. De yllustraasjes binne prachtich. De fûgels binne goed werjûn, itselde jildt foar de floara fan de greide. Hast alle platen sitte fol mei details dêr’t bern en âlderen lang nei sjen kinne.

Utjouwerij Afûk, ISBN 9789492176455, ferkeappriis € 13,50

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *