Teleks: Nominearren Gysbert 2017 protestearje tsjin proseduere + updeet

logo.ensafh

Pieter de Groot skriuwt yn syn wyklikse rubryk ‘Dwers’ mei de titel Gekoanstekkerij oer de nije proseduere by de útrikking fan de Gysbert Japicxspriis 2017. Der binne fiif nominearren, de winner wurdt earst op de dei fan de útrikking bekendmakke.

De Groot einiget syn kollum mei: De fiif nominearre skriuwers hawwe har ôfgriis fan dizze formule blike litten yn in brief oan de provinsje. Bêste deputearre Poepjes, nim har klacht serieus en gryp yn!

It is de redaksje fan ensafh noch net slagge om kontakt mei de nominearren te krijen oer de ynhâld fan dizze brief.

Updeet: de nominearren wachtsje noch efkes mei fierdere publisiteit.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Teleks: Nominearren Gysbert 2017 protestearje tsjin proseduere + updeet

  1. Doe’t ik fan ‘t jier yn ‘e sjuery siet fan de debutantepriis foar poëzy, de DAT, wie it in grut ding dat Pieter de Groot en Willem Verf stelden dat der foar de skermen net nominearre waard; yndachtich tink, de spanning op ‘e grêft by Van der Velde by de earste útrikking fan de DAT foar proaza. Yn goed oerlis koe de sjuery ien bondel oanwize, dy fan Geart Tigchelaar, en yn it adekwate rapport fan Elske Kampen krije alle bondels omtinken. Wol sa relekst.
    De simmer fan 2013 fûn ik persoanlik al wat lestich mei de sân nominaasjes foar poëzy, mar op it boekefeest foel de foarsittershammer gelokkich en krige ik yn dit gefal dochs in moanne de tiid om famylje, freonen en kunden út te noegjen foar it feest yn Boalsert.
    Kin ien dy’t nominearre is him/har weromlûke? Ja, dat kin, om’t it kin. Is it winske? In moanne mear promoasje, no ja, en in moanne langer yn spanning en op ‘e dei sels gean fjouwer op ‘e fiif mei in ôfdijer op hûs oan. Wa wol no soks?
    De promoasje dy’t oan de GJ hinget, is praktysk swier te rissen, dat jild soe skyn better oer de fiif nominearren ferdield wurde kinne, sadat elk der wat oan hat:
    in dofke…

    Jacobus Smink

  2. Nominearje by in grutte priis omdat se dat yn de Nederlânske literatuer ek dogge, hat by de Gysbert Japikspriis gjin inkeld doel. It wurdt stadichoan in sjenante fertoaning mei as by-effekt: hé, dy fjouwer wurde alle kearen nominearre en krije diskear de priis alwer net!

    Tresoar hat boppedat alle promosjonele kânsen lizze litten om wat mei de nominaasjes te dwaan. Soest bg fan elk nominearre boek fyftich eksimplaren beskikber stelle kinne oan lêsklups of profesjonele lêzers mei de fraach oft se in resinsje skriuwe wolle foar in poadium wêr’t in soad lêzers komme. En sa binne der wol mear ideeën te betinken om in nominaasje echt sinfol te meitsjen. Mar sa’t it lân der no hinne leit, bin ik it folslein ien mei it advys fan Pieter de Groot oan Sietske Poepjes: gau ophâlde mei dy nominaasjes.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *