‘Deiboek fan in Fryske soldaat’ van Freark Beuckens van historisch belang

logo.ensafh

Schoolmeester Popke Popma kwam tijdens zijn lessen geschiedenis achter een bijzonder dagboek. Hierdoor zien de ervaringen van soldaat Freark Beuckens uit Oudemirdum na bijna 70 jaar het levenslicht in een boek.

Lês fierder by de Balkster Courant

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “‘Deiboek fan in Fryske soldaat’ van Freark Beuckens van historisch belang

  1. Freark Beuckens hat in tige autentyk ferslach jûn fan syn jierren op Java yn de tiid fan de polisjonele aksjes. Gjin geswets, gjin heldendom, mar gewoan in deiboek oer syn tsjinsttiid dêre yn de tropen.

    Hy beskriuwt byldzjend de sitewaasjes dêr’t hy en syn maten net om frege hawwe – de eangsten, de dilemma’s, de ûnwennigens en foaral de twifel oan wat se dêre yn ‘e goedichheid dogge.

    Jo krije as lêzer in byld fan de waansin fan it fjochtsjen tsjin de autochtoane bewenners dy’t frijhheid wolle, dy’t de oerhearsker fan iuwen op in pypfol hawwe.

    Foardat ik dit boek fan Beuckens lies hie ik my troch de roman fan Alfred Birney – DE TOLK FAN JAVA – wraksele. Dit giet oer in ‘held’ dy’ t hûnderten fan syn eigen minsken ôfmakket. Elk giet kapot, mar dizze hero net. Dit boek krige dan ek de Librispriis, jo hâlde it net foar mooglik…

    Dit wrede ‘romantysk’ ferslach fan in soarte fan Westerling yn it kwadraat kin net yn it skaad stean fan Beuckens syn echte ferhaal. Faaks gjin literatuer, mar wol in oanfolling op de ferhalen oer Indië. Alle swetsferhalen oer dessa’s fol klompen falle fuort by dit deiboek fan in soldaat yn Ynje. In histoarysk en minsklik dokumint.

  2. Ik fyn dit in moaie gearstelling fan it ferhaal fan myn heit. It makket my grutsk!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *