Geart Tigchelaar

De Sealterske Rely

logo.ensafh

Ofrûne wike haw ik wer in pear dagen te fytsen west. Ditkear mei de faam nei Sealterlân. Mei’t wy beide ynteressearre binne yn it Frysk en meartaligens en beide noch nea yn Sealterlân west hienen, waard it dus tiid en gean dêr ris hinne.

Tafallich dat wy hoholden by in Tankstelle yn Skäddel/Scharrel mei’t ik nei it húske moast en de faam bûtendoar ûndersteande poster seach. It die ús tinken oan de Sealterske Rely. Utskreaun troch de Seelter Buund dy’t syn sit hat yn Friesoythe. Dêr hawwe wy lykwols net west, en op ynternet is der suver neat oer te finen. It falt ek op dat it grutste part fan de tekst yn it Heechdútsk is.


Wy binne noch wol nei it Seelterfräiske Kulturhuus yn datselde Skäddel fytst. Ferhipte spitich dat dy no krekt ticht wie, want wy hienen graach mear te witten komme wollen oer it Sealtersk.

It Seelterfräiske Kulturhuus

Wat dêr noch oan dien wurdt, hoefolle oft it libbet en praten wurdt.
It sprekt foar himsels dat wy der nochris hinne moatte en dan wat langer, mei’t it Sealtersk net sa fanselssprekkend mear is op in pear twatalige plaknammebuorden nei.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *