Cornelis van der Wal

De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske Literatuer + update

logo.ensafh

Foar’t ik mei myn eigentlike ûnderwerp úteinset: wat in ynfloed hat myn foarige kollum op de nominearren foar de Gysbert 2017 útoefene! De fiif útkarde poëten binne tige kjel wurden fan it foarútsjoch om oeren lang op it foarste bankje fan de Boalserter Broeretsjerke sitte te moatten, martele troch ûnwissens, en dan te hearren krije… dat fjouwer fan de fiif foar de gek hâlden binne. Se krije de Priis net, en kinne harren tankbere taspraak ferskuorre. De Fiif hawwe in lilke brief nei de Provinsje stjoerd, de redaksje fan ensafh woe dy brief graach publisearje, mar oant no ta is ús de ynhâld net bekend makke. Update: klik hjir foar de brief oan deputearre Poepjes.

No ta de saak. Moannefikaasje, wat is dat no wer yn ’e goedichheid? It sit sjesa. Al in moai skoft fernuverje ik my oer de hjoeddeiske gearstalling fan de sjuerys dy’t oer de ferskate Frysk-literêre prizen kedize moatte. Wat my benammen opfalt de lêste jierren, is dat der hast altyd ien as mear ‘ekskús-Hollanner’ beneamd wurdt. Wie dat yn it ferline ek al sa? Ik haw it efkes opsocht, en yndied, der waarden wolris net-Frysktaligen beneamd, mar dat wiene útsûnderingen.

Ik behein my no op dit stuit mar efkes ta de Gysbert Japicxpriis. De sjuery fan 2017 bestiet út Pieter Boskma, treflik dichter, berne yn Ljouwert, mar op syn trettjinde al nei Hollân ferfearn. Boskma stiet net bekend om syn kennis fan of belangstelling foar de Fryske literatuer, hat dêr noch nea wat oer publisearre, foarsafier ik wit. It folgjende sjuerylid, Gerlien van Dalen, is ek net Frysktalich fan orizjine, mar se hat it Frysk harsels oanleard. Moai, no! Der binne my fan frou Van Dalen gjin publikaasjes oer Frysk-literêre saken bekend. It tredde sjuerylid is Bouke Oldenhof. Jawis, Oldenhof is al Frysktalich, no, toe dan mar.

Yn 2015 wiene ûnder oaren Marga Waanders en Kester Freriks lid fan de advyskommisje, doe foar proaza. Beide binne se net Frysktalich.

De fraach is: wêrom überhaupt net-Frysktaligen freegje foar in sit yn ’e sjuery fan de wichtichste Fryske literêre priis? Kinne net-Frysktaligen alle taalnuânses wol neikomme? My tinkt fan net.

It sil grif mei it minderweardichheidskompleks te krijen hawwe, dêr’t de Friezen al ieuwen lang mei oantangele sitte, ek op it mêd fan de literatuer.

Wat hat soks no mei de Moanne te krijen? Ik lis it út. Dit algemien kulturele tydskrift ruilet allinkendewei de Fryske literatuer foar Hollânsktalige artikels yn. Literêr tydskrift Trotwaer, dat offisjeel noch diel útmakket fan de Moanne, is in sêfte dea stoarn: Frysktalige literêre bydragen moatte jo mei in fergrutglês sykje. Ik bedoel alsa mei Moannefikaasje de tanimmende ynfloed fan it Hollânsk en de Hollanners op de Fryske literatuer.

Wy moatte ús net út it stee wrotte litte en miene dat de lju oan ’e oare kant fan de Ofslútdyk it better witte.

De Afûk makket der, ta beslút, hielendal in potsje fan: twa fan de trije sjueryleden dy’t de Dichter fan Fryslân kieze moatte binne Hollânsktalich… Ien fan de redenen om soksoarte healwizens te boycotten, liket my.

De Moannefikaasje liket langer de hiele Frysktalige literatuer oan te taasten, wannear hâlde wy ris op mei ússels yn ‘e grûn te wâdzjen?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *