Teleks: Brief nominearren Gysbert 2017 oan deputearre Poepjes

logo.ensafh

Oan frou Sietske Poepjes, deputearre fan kultuer foar de Provinsje Fryslân

Achte deputearre, bêste Sietske Poepjes,

Graach freegje wy, de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis 2017, omtinken foar it neifolgjende.

Rillegau nei de bekendmakking fan de nominaasjes, die bliken dat by ús allegear grutte ûnfrede bestiet oer de nije gong fan saken om de priisútrikking hinne. It soe dit jier foar it earst wêze dat de namme fan de ‘winner’ pas by de gelegenheid sels bekend makke wurdt. Wy fine dat soks net kin.

Sa’n wurd as ‘winner’ kin yn it spraakgebrûk noch lije, mar is yntusken al misliedend. De Gysbert Japicx – sis mar de P.C. Hooft fan de Fryske literatuer – wurdt troch de Provinsje oan in skriuwer takend; it is gjin wedstriid dêr’t je ta beslute kinne om al of net oan mei te dwaan. Mei oare wurden: it oerkomt je. It respekt dat út dy takenning sprekke moat, wurdt troch dizze foarm fan priisútrikken ûnderút helle. Tagelyk fertsjinnet de Priis sels mear respekt en weardigens.

Dêr komt noch in praktysk elemint by, foar ús net minder wichtich. Foarhinne, doe’t de útslach al yn ’t foar bekend wie, koe de útkarde skriuwer sûnder reserves famylje en freonen útnûgje foar de priisútrikking. Dy frijmoedichheid sil no in hiel stik minder wêze. Lang net elkenien hat wat mei literatuer en/of it Frysk, en dan is it foar in protte ‘eigen minsken’ de reis net wurdich. Wylst dy eigen minsken faak wol de muoite nimme soene, mochten se witte foar wa’t se komme. Sterker, dan soene se der miskien hiel graach by wêze wolle. En wij wolle hár der graach by hawwe fansels. Koartsein, it is in treurige formule.

Wy freegje mei klam om werom te gean nei de âlde moade, d.w.s. dat de namme fan de winner yn ’t foar iepenbier makke wurdt.

Mei rju achting en freonlike groetnis,

Wilco Berga
Eppie Dam
Elske Kampen
Albertina Soepboer
Abe de Vries

1 july 2017

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

4 reaksjes op “Teleks: Brief nominearren Gysbert 2017 oan deputearre Poepjes

  1. Treurige formule…
    Hahahaha
    Binne grutte minsken…

    Wat in geëamel!

    Moai sa litte Sietske!

  2. Ik fyn in ‘weardige brief’ prachtich! Net te oertreffen.

  3. De Fryske skriuwers my sich yn ‘e hannen knype dat sy in priis fan 10.000 euro winne kinne. En dan ek noch eamelje…
    Weardige brief? In oanfluiting!
    At ik Sietske wie soe ik moarn de winner bekend meitsje en de Gysbert ôfskaffe.
    It is dochs allegearre bagger wat de lju skriuwe. Hoefolle binne der fan de dichtbondels ferkocht?
    In pear hûndert? En dan eamelje at sy 10.000 euro winne kinne?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *