“Sjuery Dichter fan Fryslân net saakkundich genôch”

logo.ensafh

De trije dichters dy’t foar it lêst de Gysbert Japicxpriis foar poëzij wûn hawwe, wolle net beneamd wurde ta Dichter fan Fryslân. Se fine de sjuery dy’t dy beneaming docht, net saakkundich genôch. Dat seit Abe de Vries, dy’t yn 2005 de prestizjeuze Gysbert Japicxpriis krige foar syn bondel ‘In waarm wek altyd’. It stekt him dat der yn de sjuery, dy’t bestiet út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, net ien sit dy’t Frysktalige gedichten skriuwt. Deputearre Sietske Poepjes fynt it spitich dat De Vries de saakkundichheid fan de sjuery yn twivel lûkt, mar se sil der neat oan feroarje.

Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

4 reaksjes op ““Sjuery Dichter fan Fryslân net saakkundich genôch”

  1. Se kinne de namme fan de Fryske Skriuwersbûn better feroarje yn Fryske Skriemersbûn.

    En mar eamelje!

    Yn hast alle boeken en dichtbundels stiet ‘mei stype fan de Provinsje’…

    Sietske, lûk de stekker der mar út! Stank foar dank!
    Lit se earst mar ris wat skriuwe wat it in soad lêzen wurdt.
    Gjin hûn lêst de bagger.
    Altiten eamelje en it better witte.
    Sjoch ris yn de spegel hampelmannen!

  2. Drost skreau yn 2016 “Laten we de succes story van de Fryske kunst, literatuur en muziek maar wat relativeren. Dat kan echt geen kwaad.”
    Dat relativearjen is der yn in jier tiid tiid by Drost aardich op achterút gien. It generalisearjen slacht no foar master op.

  3. Ok, Cornelis, jo ha gelyk.
    Wêr meitsje ik my drok oer.
    Op in ynwennertal fan 650.000 yn Fryslân keapje der 649.000 gjin Frysktaliche boeken of dichtbondels mear.
    Sukses allegearre!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *