Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei skriuwer en fjildman Gjalt de Groot

logo.ensafh

“As we net oer it iis koene omdat der in soal fan frachtskippen yn ’e midden wie en de skouwen fêstferzen leine, dan koene we soms net thúskomme.”

Gjalt de Groot is yn 1945 berne yn it boerespul “It Heale Moantsje” yn Readtsjerk. Nei in jier Ulo gie er nei de legere en middelbere lânbouskoalle. Hy wurke seis jier by syn heit op de pleats yn Raerd. Doe gie er wer studearjen, de oplieding ‘Dierveredeling middelbaar kader’ yn Almelo. Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar mingfoerfabriken en letter as bargeboer ûnder Holwert. Hy is no poldermûnder en greidefûgelbeskermer en hâldt him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen. Yn 2006 hold er seis wike ta yn ’e skriuwersarke fan Rink van de Velde op ’e Feanhoop. Dêr skreau er syn earste boek: De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo, dat yn 2009 ferskynde en dêr’t er syn grutte leafde foar it aaisykjen yn beskriuwt. In jier letter kaam De Groot mei in twadde natoerferhaleboek, It Swetshok; Ferhalen fan in fjildman. Oant 2013 ferskynde der alle jierren in boek fan him. Dit jier kaam de ferhalebondel No komt it noch! út. Gjalt de Groot en syn frou Els wenje noch ûnder Holwert; sy hawwe fiif bern en alve bernsbern.

Wannear binne jo begûn mei skriuwen?
‘Dat komt troch de tongblierkrisis yn 2001. Wy hiene hjir in bargehâlderijbedriuw en de tongblierkrisis wie foar ús in ramp, want wy mochten neat mear ôffiere. Alle wiken waarden hjir in tachtich oant hûndert biggen berne. As der dan neat mear fan it hiem ôf mei en je binne tsien wike fierder, ha je sa’n tûzen bisten dy’t allegear plak ha moatte en dat slagge mar matichjes. Dy hiele perioade hat ûngefear fjouwer, fiif moanne duorre en ik ha net in sint skeafergoeding krigen. Ik hie oanwiisber 180.000 gûne oan kosten, yndirekt is dêr letter noch in hiele protte bykommen. Ik rekke dêrtroch oerspand en ik koe it net mear opbringe nei de tiid – ik haw it noch in pear jier besocht – om fûleindich de buorkerij wer op te bouwen. Yn 2005 binne we opholden mei it bargehâlderijbedriuw. We binne hjir wol wenjen bleaun. En doe krige ik tiid. Ik bin mûnder op de poldermûne dy’t hjirneist stiet. Dy liet ik yn ’e hjerst in protte draaie en dan gong ik op ’e souder sitten te einekoermeitsjen. Dêr ha ik tûzenen fan makke, it is wurk dêr’t ik net by nei hoech te tinken en dan kriget de geast de romte en de tiid en de rêst om nei te tinken. En doe kamen de ferhalen boppe. Ik besleat op in gegeven momint om wat fan dy ferhalen op te skriuwen. In pear ferhalen haw ik opstjoerd nei it doarpskrantsje hjir. Mar eins fyn ik dat frij frustearjend wurk, want je hearre allinnich mar wat net doocht en noait dat it wol goed is.

Ik lies doe in oprop fan It Fryske Gea dat dejinge dy’t dat woe seis wike yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde ferbliuwe koe. Dat wie de earste kear dat dy beskikber wie. Dêr haw ik my foar opjûn en ik koe dêr hinne. Dat plak wie foar my ideaal. Ik ha dêr it boek De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo skreaun, dat oer myn jeugd giet. Dat kaam oerien mei dat plak fan it petgat mei dy ielstikels deryn, de fûgels en de snoeken dy’t ik slaan hearde. Ik wist net oft it boek ôf wie. Ik miende dat ik dêr mear oan skriuwe soe. Mar op de skriuwesarke hie ik kontakt krigen mei Steven Sterk fan útjouwerij Bornmeer. Hy hie in pear kear by my west en dat klikte goed. Hy sei dat as ik klear wie mei it boek, hy it graach lêze woe. Thús woe it skriuwen net mear, want hjir hie ik de tiid en de romte net en de sfear wie hiel oars. Steven Sterk sei: “Jou my mar watst no skreaun hast.” Hy soe op fakânsje en hat it meinommen en lêzen en sei: “Gjalt, it is al in boek. Der moat allinnich mar wat ôf en neat mear by.” Doe is it redigearre, ynkoarte en útjûn. Der wie in protte fraach nei it boek. Ik ferkocht sels yn dat earste jier, yn 2009, 241 boeken. Foar ien dy’t in earste boek skriuwt wie dat wol in protte. Ik krige de smaak te pakken, dus ik ha de fiif jier dêrnei elk jier in boek skreaun, doe trije jier neat en dit jier is de koarteferhalebondel No komt it noch! útkommen.’

Wat wie “Luctor et Emergo” foar plak?
‘”Luctor et Emergo” is in pleats, dêr’t wy yn 1950 te wenjen kamen. Ik wie doe fiif jier. Myn âlden hiene yn Readtsjerk in spultsje mei seis, sân kij. Doe koene se in grutter spul hiere tsjin de Alde Feanen oan, tusken Grou en Warten. It stie op in eilân. Dêr hiene we gjin elektrysk, gjin wetterlieding, gjin telefoan en we koene allinnich mar farrende thúskomme. Dat wie dus in hiel útsûnderlik libben. Doe’t ik fjirtjin wie binne we dêr wer weigongen. Dêr hat yn wêzen wol foar my de basis lein fan myn leafde foar de natoer. Wy wiene altyd yn it fjild, altyd mei de eleminten dwaande, mei it wetter. Der wie noch mar ien gemaal yn Fryslân en yn ’e hjerst mei súdwesterstoarm waaide it wetter út de grutte marren wei nei de lege midden fan Fryslân en dan fleach it wetter samar ynienen yn ien nacht fjirtich sintimeter omheech. De iene dei wie der allegear noch grien lân en de oare dei wie der sa fier as dat we sjen koene oars neat mear as wetter. Dan wie der de striid om boppe te bliuwen. It wetter hat altyd in hiele grutte betsjutting hân, doe’t wy as jonges opgroeiden yn dy wrâld. Yn ’e maityd dan rekken we oan it aaisykjen mei in skou oer it wetter en oan it fiskjen en oan it silen. Winterdeis as it ferzen hie wiene we op it iis op de bûtlannen en swalken we troch de Alde Feanen. As we net oer it iis koene omdat der in soal fan frachtskippen yn ’e midden wie en de skouwen fêstferzen leine, dan koene we soms net thúskomme.’

Jo gongen yn Wergea nei de legere skoalle, hearde ik fan ús heit Bienze Terpstra dy’t dêr ek wei komt.
‘Ah, geweldich! Yn myn boek It lêste aai stiet in koart ferhaal oer Grutte Thys, dat is dyn pake, en syn soannen Jelle en Bienze. Dan binne se oan it aaisykjen by de Holstmar yn de Alde Feanen. It wie by harren sa dat dejinge dy’t by de oanhingmotor siet de skriesaaien fuortstoppe, want se mochten sûnt 1957 gjin skriesaaien meinimme. Grutte Thys wie in bêste aaisiker, Jelle en Bienze ek. De bekeuring wie in ryksdaalder it skriesaai, yn dy tiid wie dat in protte. Jelle hie fearn mei de oanhingmotor, de oaren wiene daliks út de boat wei stapt op ’e Rûne Sâne en it lân yn gongen. Jelle woe der hurd efteroan en doe kaam der in plysjeboat oan. De plysje frege oan Jelle fan wa’t dy skou wie en dy sei: “Dy is fan heit.” De plysje nei Grutte Thys ta at se wol efkes yn ’e skou sjen mochten en dy sei: “Jawis, dat jout neat.” It wie altyd sa dat de skriesaaien bedobbe wiene yn ’e wâl, mar dy kear net en de plysje fûn de skriesaaien. Jelle mocht foar straf dat jier net mear mei te aaisykjen en dat wie in ramp.

Grutte Thys en Sybren Zwart gongen faak tegearre te aaisykjen. En dan roeiden se mei in punterke sa ferrekte hurd dat net in kruser har byhâlde koe. Dat wiene fansels twa hiele sterke mannen yn sa’n licht boatsje en as dy goed opinoar ynspile wiene, dan gong dat hurd. Se roeiden út Wergea wei nei de Kwartsjelannen, de Hege Warren en it Wyldlân ta om te aaisykjen, dat wie de muoite net foar harren. Bienze hie in hiele grutte aaisamling. Ik ha mei him wolris in aai ruile. Wy hiene kobbeaaien en stirnsaaien út it bûtlân en de jonges yn ’e buorren hiene wol lysteraaien.’

Jo hawwe op mear plakken wenne, yn Fryslân en dêrbûten.
‘Ja, ik bin berne yn Readtsjerk, op myn fyfde binne we ferhuze nei “Luctor et Emergo”. Yn 1959 binne wy nei in pleats yn Raerd by Snits gongen. It wie de bedoeling dat ik dêr boer op wurde soe. Doe’t ik fan de middelbere lânbouskoalle kaam, haw ik dêr seis jier by ús heit wurke, mar ik woe eins gjin boer wurde. Doe’t ik al troud wie en wy al twa berne hiene, bin ik wer begûn te learen. Ik ha yn Almelo in oplieding folge om by it mingfoerfabryk yn de foarljochtingstsjinst oan it wurk te gean. Moandeitemoarns gong ik mei de trein nei Almelo en freedtejûns kaam ik wer thús. Alle sinten rekken op en as je 24 jier binne ha je ek noch net safolle sparre. Yn dy tiid pakte ik eins alles oan dêr’t ik wat mei fertsjinje koe. Yn Almelo wie ik by in boer yn ’e kost, ik hoegde gjin kostjild te beteljen mar ik moast moarns en jûns helpe mei melken. It is slagge. Doe’t ik klear wie mei de oplieding, ha ik earst fiif jier by Hendrix’ Veevoeders yn Boxmeer yn tsjinst west. Nei dy fiif jier ha ik njoggen jier by Steenberg ten Brink, in mingfoerfabryk yn Meppel, wurke. Dat fabryk waard oernommen troch UTD út Akkrum. Doe ha ik noch even by UTD oan it wurk west. Ik seach dat de minsken dy’t yn de foarljochting yn de bûtentsjinst oan it wurk wiene op lettere leeftyd wol wat kwalen krigen en it wurk net rjocht mear oan koene. It bûtentsjinstwurk fûn ik prachtich, ik koe it ek hiel goed dwaan, mar der kaam in kompjûtertiidperk oan en dat lei my net sa. Ik moast it ha fan it direkte kontakt mei minsken. Dêrom woe ik der wol mei ophâlde.

Wy wennen ûnderwilens yn in moai hearehûs yn Raerd, yn it doarp oan de Slotsdyk mei in moaie foar- en achtertún. Deis wie ik yn in grutte Peugeot 504 mei de aktetas op ’en paad. En doe ha we yn 1987 dit bedriuw hjir by Holwert kocht en waard ik fan de iene op de oare dei bargeboer. It knappe pak koe yn ’e kast en de overal koe oan en hoegde ek net wer út. We ha hjir ferskriklik hurd wurke, we ha it bedriuw in kear sa grut makke. Ik ha sels de tekeningen makke en sels praktysk alles boud. Ik wie dei en nacht oan it wurk, mar ik fûn it moai. We hiene noch in bedriuw yn Brantgum derby en op in gegeven momint hiene we noch in bedriuw by Drachten derby en in man fêst yn tsjinst. Ik die it dealerskip fan Euribrid, ik fokte hjir fokmateriaal fan bargen en dat ferkocht ik yn Fryslân. Ik hie it allinnichrjocht fan ferkeap. Dus ik hie de saak moai op ’e rit, mar de tongblierkrisis sette in streek troch alles. Op dat momint wie it in ramp. Ik bin mei 59 jier opholden te wurkjen en doe haw ik alles dien dêr’t ik wat oan fertsjinje koe en ien fan dy dingen wie skriuwe en boeken ferkeapje. Oan ’e hân dêrfan waard ik frege om as ferhaleferteller by allerhanne ferienings en Fryske kriten te kommen. Ik ha altyd boeken mei om te ferkeapjen, en rikke iel. Fan ’t winter wol ik ferhalen oer omke Durk en sterk iis fertelle út No komt it noch! en myn nijste boek dêr’t ik mei dwaande bin.’

It boek No komt it noch! is foar it grutste part autobiografysk. Kloppet dat?
‘Ja, mar ik ha sels de frijheid om wat een draai oan bepaalde dingen te jaan. It moat in ferhaal wurde dat de minsken graach lêze. De kearn is faak wier. Mar oft der no al in beam omwaaid wie oer it iis of net? Ik haw in stik of tsien boeken lêzen fan ferskate skriuwers oer de Alvestêdetochten mei de útslaggen en wat se ûnderweis tsjinkamen. Oan ’e hân fan de soan fan omke Durk, Hindrik van der Duim, haw ik dy iisferhalen skreaun.’

Hoe binne jo behearder wurden fan de mûne hjirneist?
‘Ik ha myn hiele libben eins wol ynteresse yn mûnen hân. Ik hie 25 jier lyn wol sin om mûnder op dy wettermûne te wurden. Der wie ferlet fan ien op dy mûne, want der draaide noait ien mei. Sneons hie ik hjir trije jonges fan in jier as fyftjin, sechtjin oan it wurk en doe ha ik dy jonges frege oft it goed wie dat ik sneons op kursus gong. Dy jonges fûnen dat bêst, miskien wiene se wol bliid dat ik fuortgong. Doe haw ik noch gjin jier op kursus foar frijwillich mûnder west en haw ik eksamen dien en it sertifikaat helle. De Stifting Fryske Mûnen hat my doe beneamd ta mûnder op dizze mûne. Ik ha no nei safolle jierren eins myn nocht wat fan it mûnderjen ôf. Krektlyn haw ik in brief stjoerd nei de Stifting Fryske Mûnen dat ik mei yngong fan 1 jannewaris 2018 ophaldt as mûnder. Ik hoopje dat se in oar fine kinne, want it is fansels in prachtich monumint yn it iepen Fryske lânskip. Ik draai der te min mei, dat fyn ik skande, der moat mear mei draaid wurde. Der stiet no in elektrysk gemaal, mar de mûne kin noch de polder bemealle, as it elektrysk gemaal útfalle soe by wize fan sprekken of it net oankin. Dan kin er noch hurd mealle hear, ja blikslager!’

Jo binne ek greidefûgelbeskermer.
‘Ja, dêr haw ik myn hiele libben mei dwaande west. Dat is as jonkje al begûn en dat giet oant de dei fan hjoed troch. Ik ha foarsitter west fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Dat friet tiid, doe hie ik der eins in baan by. No doch ik hjir yn ’e omkriten noch oan de praktyske greidefûgelbeskerming. En ik wurd sa no en dan noch ‘s frege wat ik ergens fan tink.’

Wat fine jo derfan dat ljipaaien net mear oppakt wurde meie?
‘Myn hiele libben ha ik bergen oeren yn de praktyske greidefûgelbeskerming stutsen, ek op it bestjoerlik flak. Ik haw it ferhaal fan my ôfskreaun yn trije boeken: De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo, De aaisiker en It lêste aai. In protte minsken fan myn leeftyd binne frustrearre dat it aaisykjen no ferbean is. Ik sit der lykwols net mei. We ha ús bêst dien. Wy hiene in bepaalde fyzje oer it behâld fan de greidefûgels en dêr hearde it aaisykjen by. We ha mei-inoar it ferhaal net dúdlik genôch fertelle kinnen, want oars hie it bestean bleaun. De oare partijen ha mear oanhing krigen, want de polityk besliste. Dan bliuw ik net yn wrok weromsjen. Ik bin it der net mei iens, mar dat is in hiel oar ferhaal. It is in wûnder dat je as mins it wyfke en it mantsje fan de ljip útinoar kenne en dat je oan de fûgels sjen kinne oft en wêr’t se har aaien ha. Dy kennis kinne je fertale yn in stikje beskerming fan en leafde foar de greidefûgels. As je de datum fan it útkommen fan de aaien opskowe kinne nei in letter tiidstip, as de temperatuer omheechrint en der mear fretten foar de greidefûgels is, dan wurdt de kâns op oerlibjen grutter. Der binne no miskien noch 4000 frijwillige beskermers, as der net mear aaisocht wurdt binne der oer fyftjin jier gjin tûzen mear en ek gjin seishûndert mear. Miskien kin de drone dan de neisoarch oernimme.’

Jo hâlde je ek in protte dwaande mei fiskjen en ielrikjen en dêr skriuwe jo ek oer.
‘Ja, ja. Ielrikjen doch ik in hiele protte. En fiskjen haw ik no net sa folle tiid foar, mar dat moat aansen wer mear komme. Wy ha fan ’t jier de boat net yn it wetter. Oars binne we om dizze tiid mei de boat fuort en as we dan op in moai plakje lizze, dan pak ik daliks de angel en bin ik oan it fiskjen. En yn ’e hjerst mei ik graach snoekfiskje. En dat is ek aardich, wy geane mei de hiele famylje in wike nei Denemarken ta te snoekfiskjen. Dat dogge we mei alle bern en de pake- en beppesizzers. We hiere dêr in stik of fiif, seis wenningen oan it wetter mei in skouke derby, sûnder telefyzje, sûnder telefoan, sûnder radio. Dêr lear ik alle bern it fiskjen as se fjouwer, fiif jier binne. De soannen en de skoansoannen geane it gruttere wetter op en fange snoeken fan mear as in meter en de pake- en beppesizzers binne mei gewoane angels oan it fiskjen. Alle jûnen sitte we by it kampfjoer en dan bak ik soms wol fjirtich, fyftich foarntsjes en ite we dy mei in Karlsberg of in Tubbergje derby lekker op. Dat dogge we al tweintich jier, it is fantastysk. As famylje genietsje fan de natoer, fan it fiskjen en fan it byinoar wêzen.’

Jo en jo frou meitsje einekuorren. Dy ferkeapje jim op merken?
‘Ja. Snein stie ik bygelyks yn Aldesyl mei in kream mei rikke iel, poan en makreel. Dêr ha ik dan ek altyd boeken te keap op stean. En myn frou sit derby te einekoermeitsjen. Der komme hjir in protte partikulieren om in koer en der binne winkels dy’t om kuorren belje. Hjir by de mûne ha we in protsje einekuorren stean en om hûs en hear hinne, mei-inoar sânentweintich kuorren. Ik fyn it moai wurk om se te meitsjen. Under it meitsjen fan de einekuorren binne de measte fan myn ferhalen betocht. Yn ’e winter sitte myn frou en ik hjir geregeld tegearre te einekoermeitsjen. Dan kinne we oeren neat tsjininoar sizze. We meitsje de kuorren fan reid en flaaks. Dêrfoar hier ik lân fan in bouboer. It leanbedriuw sieddet it flaaks yn en dat moat mei de hân derút lutsen wurde. Dêrfoar komme frijwilligers te helpen. Dan komt it yn skeaven en yn stûken en bliuwt it noch in skoftke op it lân stean. As it moai droech is helje we it op en komt it hjirachter yn ’e stâl te stean. Oare einekoerflechters yn Fryslân keapje ek flaaks fan my en sa krij ik de kosten der wer út. Dan ha we foar sa’n fiif-, seishûndert kuorren flaaks. Fiif jier werom haw ik de feriening De Strampel foar Fryske einekoerflechters oprjochte. Wy ha no fjouwerennjoggentich leden, fiif learmasters en we ha yn fiif jier tiid 901 kursisten hân. Op de webside www.destrampel.nl stiet mear ynformaasje.’

Dêr’t wy no sitte is “It Swetshok”. Ien fan jo boeken hat dy titel.
‘Yn dat boek stean allegear koarte ferhalen. Hjir stiene earder de silo’s. Letter haw ik dy silo’s ferpleatst en hjir in hygiëneslús makke, dêr’t minsken dy’t yn it bedriuw wêze moasten har ferklaaie koene. Doe’t wy yn 2005 opholden mei de bargehâlderij haw ik dizze romte mei ferskillende kleuren ferve wat opkreaze en der in gasliedinkje yn lein en in kachel yn set om it winterdeis wat waarm te krijen. Earder makke ik yn ’e mûne wol einekuorren, mar no kin ik dat hjir moai dwaan. Myn ielrikkerstonne stie hjir earst ek. Ik hie ris wat iel rikke en doe belle ik wat kunde op en sei dat se wol even komme koene. Dus dan kamen dy manlju hjir en sieten we te ieliten mei in burreltsje of in gleske bier derby. Fan dy dikke pûns swiere skiere ielen út de Dokkumer Ie wei, dat wie geweldich. We ha hjir letter noch faak gesellich sitten. En minsken namen dingen mei hjirhinne om de romte mear oan te klaaien. De mannen sieten hjir sânsekken heech te swearen. Myn frou rûn in kear by lâns en sei: “It liket hjir wol in swetshok.” Ik tocht: dat is in titel foar in boek. Dizze romte stiet no by in hiele protte minsken yn Fryslân bekend as “It Swetshok fan Gjalt”.’

Jim komme noch wol gauris hjir byinoar om iel te iten?
‘Ja hear. Wy dogge dit no al in jier as tsien. Mar de manlju dy’t earder in pûn iel de man opieten kinne dat no net mear op. Dat is de rin fan it libben. De ien hat piltsjes hjirfoar en de oare dêr wat foar. Ik hie in list fan sa’n tritich man. Dan belle ik se tongersdeis allegear op en sei: “Freedtemiddei fiif oere, dan is der rikke iel yn it Swetshok,” en dan seine guon: “Gjalt, dat hiest wat earder sizze moatten.” Mar ik rikke allinnich as ik der sin oan hie en net yn opdracht. Der kaam dan altyd wol in man as tolve dy’t lekker mei-ite woe. 14 oktober ha we hjir it flaaksrûpel- en ielfretterfeest. Achter yn ’e stâl stean twa rûpelbanken, dan rûpelje we in oerke of oardel oere flaaks. En dan ha ik hjir yn it hok tafels stean mei rikke poan, iel en makreel en in tafel fol mei jenever en bearenburch. Minsken betelje tolveëninheale euro en kinne fisk ite en burreltsjes drinke sa folle as se wolle.’

Binne jo op it stuit mei nij wurk dwaande?
‘Ja, mar dat sjit net op. Ik bin al trije jier mei in boek oan ’e gong, ik tink dat ik dêr no sa’n tritichtûzen wurden oan ferskreaun ha. As ik skriuwe wol dan moat ik my dêr hielendal by hâlde. Ik haw eins al myn boeken nachts skreaun fan healwei trijen oant healwei fiven. Ik gong om njoggen oere jûns op bêd en dan wie ik om twa oere, healwei trijen wekker en dan wie it tsjuster en stil en koe ik my hielendal op it skriuwen konsintrearje. Mar dat wol ik eins net mear. Dat nachts skriuwen is in nuvere manier fan libjen. It is better om jûns in bytsje letter op bêd te gean en de hiele nacht troch te sliepen. Mar as ik oerdeis skriuwe sil, der binne sa’n ferskriklik soad dingen dy’t ik ek dwaan wol. No sil ik aanst wer begjinne te bouwen, der komt in nij dak op it hûs. Lêst ha ik trije wike oan it reidsnijen west foar de einekuorren. Ik sil hûndert pûn iel keapje, dat moat skjinmakke wurde en rikke wurde. Der is sa’n soad dat it skriuwen yn it paad stiet.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Fraachpetear mei skriuwer en fjildman Gjalt de Groot

  1. Moai ferhaal oer Gjalt,Doch him de groetnis as jo him moetsje. Sjouke.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *