Anne Feddema

Soon Sûn

logo.ensafh

Der binn’ minsken
Dy’t sels de siken
Net mear krije kinne
As se siken besykje
Yn it sikehûs.

Unbidige gong, dêr’t
Ik de gong der yn ha
Faasje mei nim
Fan bûten, faasje
Stadich slitend
Yn rêst.

Alfa-Omega
Ofdieling Z
Fuottenein
Dyn bêd
Hinget
Heliumhertballon
Krigen fan kollega’s.

Do leist net op bêd
Sitst oan tafel
Degas contre-jour
Sêfte wite hûdpastel
Ofrûne nacht hat
Tiid dyn antlit
Jonger makke
Yn tsjokke stilte
Dripket it ynfús
Dyn hannen fiele
Hjir oars as thús.

We sitte as we
Nea sitten hawwe
As oft we op besite
Binne yn elkoars
Dream
Ljochtsjende
Gleone
Stimmen
As fyn stof
Ferwaaiend.

Ik lês allinne
Ballontekst
Get well… soon!
Mei Heliumgeast
Mei Heliumstim
Get well… soon!
O, dyn waarmte
Wer thús…
Foarbyfoarby
Fertsjustering
Fan sinne
SOON SÛN!
SOON SÛN!
SOON SÛN!

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Soon Sûn

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *