Teleks: Abe de Vries lûkt him werom as kandidaat foar de GJ-priis

logo.ensafh

(Tekst fan Facebook)

·
IEPEN BRIEF OAN DE DEPUTEARRE FAN KULTUER FAN DE PROVINSJE FRYSLAN

Bêste Sietske Poepjes,
Lâns dizze my ûnsympatike wei wol ik jo freegje om myn bondel Brek dyn klank fan de list mei nominearre bondels foar de Gysbert Japicxpriis 2017 ôf te heljen. Ik wol langer net yn ’e beneaming komme foar in provinsjale literêre priis salang’t it kolleezje fan Deputearre Steaten, mear yn it bysûnder jo persoan, mient dat dichters yn tsjinst fan de provinsje binne – sa’t bliken docht út jo belied en jo publike útspraken.
De konsekwinsje is ek dat ik, mocht jo advyskommisje de priis oan my taskikke wolle ynstee fan oan Eppie Dam, de priis wegerje sil.
It is yn ien wurd ferskriklik dat jo literêr belied en provinsjereklame net útinoar hâlde kinne en/of wolle. Ik haw respekt foar myn kollega-dichters Eppie Dam, Elske Kampen, Albertina Soepboer en Wilco Berga, dy’t de moed hienen jo witte te litten dat jo plannen mei de útrikkingsjûn de priis skea dogge. Dat is no in moanne lyn en noch hawwe jo neat fan jo hearre litten. Ik haw likefolle respekt foar myn kollega-dichters en –Gysbert-laureaten Jacobus Smink en Anne Feddema, en foar myn kollega-dichters Edwin de Groot en Syds Wiersma, dy’t witte litten hawwe dat sy, lykas ik, net meidwaan sille oan jo sneue Poesyalbumdichter fan Fryslân-plannen.
Folle minder begryp haw ik foar dy kollega-dichters dy’t alles wol goed is en dy’t net in wurd fan krityk hearre litte. Sy helpe, as ik myn sin sis, mei oan it definitive demaskee fan de pretinsje dat der noch sokssawat as in ‘Fryske literatuer’ bestean soe.
Jo sille wol begripe dat ik tidigje op in deputearre fan Kultuer mei folle, folle mear leafde foar (Fryske) literatuer as dêr’t jo en jo belied fan tsjûgje.
Abe de Vries
11 augustus 2017

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *