Jelma Knol

Russyske prinses brocht muzyk yn Siberië

logo.ensafh

Soms krigest tanksij www.boekwinkeltjes.nl in boek yn hannen datst nei lêzing fuortleist mei de sucht: Wêrom is dit ferhaal net ferfilme? Ik doel op The princess of Siberia (1985) fan Christine Sutherland, dy’t it libbensferhaal fan Maria Volkonsky en de Dekabristen opskreau. It is eins it perfekte ferfolch op Oarloch en Frede, omdat in tal Russyske oarlochshelden út 1807 – 1814 in rol spilen yn de opstân fan 1825 tsjin it feodale bewâld fan tsaar Alexander I (in âldomke fan Willem-Alexander trouwens, hy koe de dûbelgonger wêze fan dizze lange, ljochthierrige tsaar. De mâlkoppigens fan de Oranjes skynt ek fan it Romanovbloed te kommen). Alexander ferstoar hommels, dus it wie oan syn opfolger Nikolaas II om de opstân del te slaan. Tolstoi is wol begûn mei in roman oer de Dekabristen mar hy is der yn stekken bleaun.
It ferhaal oer de Dekabristen en harren froulju dy’t de steatsfinzenen yn de sulverminen yn Siberië fan de dea en de twangarbeid besochten te rêden, is net hielendal ûnbekend yn Nederlân. Theun de Vries hat der twa histoaryske romans oer skreaun en it soe my net fernuverje dat er foar Sint-Petersburg en Terug uit Irkoetsk Sutherland ek rieplachte hie.
Sutherland, fan hûs út in Poalske dy’t mei Adam Zamoyski befreone wie en goed Russysk en Oekraynsk koe, sketst de fammejierren fan Maria Raevsky as in hast ûnwierskynlik moai mearke, yn Kiev en op grutte bûtens oan de Dnjepr, kompleet mei dronken húsdichter, Pusjkin. Ek de skiednis fan de Oekraïne en de geopolitike bysûnderheden fan it gebiet oant en mei de Krim krije har gerak. Ik sis dat mar sa subtyl mooglik, want gjinien wol begryp foar de hjoeddeistige tsaar opbringe, dy’t trouwens in portret fan Nicolaas II yn syn wurkkeamers hingjen hat.
As Maria trout mei Sergei Volkonsky, ien fan de rykste prinsen út it âlde Ruslân, begrypt se net wêrom’t er sa faak ôfwêzich is. Se tinkt dat er in freondinne hat. Mar in pear moanne nei de berte fan har soantsje, krijt se lang om let te hearren wat mei Sergei en syn maten bard is. Al dy tiid wie Sergei yn it geheim oan it gearspannen tsjin de autokratyske tsaar. Maria fernimt dat har man mei oare lotgenoaten yn de sulverminen yn Siberië bealgje moat, sûnder ea it deiljocht wer te sjen, en dan nimt se in drastysk beslút. Se lit tsjin de goede ried fan elkenien yn har bagaazje pakke en fleant yn de snie mei in slide yn fjouwer wike tiid nei de uterste grinzen fan it Russyske ryk, foar de rest fan har libben berôve fan har boargerrjochten. Maria har famylje hat sûnder dat se dat wit by har bagaazje in lytse klavikord ynpakt, it ynstrumint dêr’t se yn har ballingskip in soad wille fan belibje sil.
Wat makket Maria sa bewûnderensweardich? Neist it kreative aktivisme dat se mei in pear oare froulju oan de dei leit om it libben fan de twangarbeiders te fersêftsjen, is der noch wat oars. Se makke muzyk, har iennichste lyntsje nei de westerske beskaving dat se yn Siberië hie. Se liet oaren dêr ek yn diele. Fan Irkoetsk makke se in stêd mei in teater en in muzykseal. Se begûn mei in koar fan bern dy’t se krystferskes learde dêr’t se mei lâns de doarren gyngen. Se naam it lot fan hûnderten fûnlingen op ’e noed dy’t fertutearzge waarden yn in bernetehûs. It meast opmerklik fyn ik har iepen geast: se learde de taal fan in pear Siberyske stammen, besocht sjamanen yn harren yurt en geniete fan de wiidse Sibearyske natoer.
Wie der dan kultuer en keunst op de Sibearyske steppen en yn Mongoalië? De útstalling oer de Grutte Liao yn it Drents Museum lit dêr dizze simmer nijsgjirrige foarbylden fan sjen. Under mear yn de muorreskilderingen yn in grêftombe dêr’t in orkest op ôfbylde is. De musisy spilen mearstimmige muzyk mei fluiten, snaarynstruminten en slachwurk en begelaten dêrmei in dûnseres. Tûzen jier âld binne dy ôfbyldings. Yn West-Europa wie op dat stuit allinne Gregoriaansk te hearren.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *