Kollum Ferdinand de Jong: De Gysbert

logo.ensafh

Sa as faker hearden jo allinnich de tsjinstanners. Yn prachtige folsinnen, want ja skriuwe, dat kinne se wol. Wylst ik wit dat der ek in oare streaming is. In nijerwetske streaming. Dy’t bliid is mei it folle breder lûken fan de taal en de prizen dy’t dêr by hearre. Mar dy hâlde har wyslik stil, bang foar de freeslike dingen dy’t oer harren hinne komme sille, mochten se blike litte dat se der krekt wat oars oer tinke.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

5 reaksjes op “Kollum Ferdinand de Jong: De Gysbert

  1. Ferdinand slacht de spiker op ‘e kop.

    Net allinne elitair, mar ek arrogânsje is de Fryske skriuwers net frjemd. It idee fan Syds Wiersma is dêr in skitterjend foarbyld fan. ( Wy sille wol even sjen litte hoe’t it moat.) Komt fansels neat fan op ‘e haspel.

    Abe de Vries skriuwt oer syn gedichten yn termen as ‘Keunst’… We kinne foart wol fêststelle dat der gjin inkelde belangstelling is foar syn ‘Keunst’… Wurdt neat fan ferkocht. De saneamde literatuer skriuwers ( Abe de Vries yn it earste plak) libje yn in dreamwrâld fan arrogânsje!

    Wol mei stype fan de Provinsje fansels! Ja, dan mei Sietske de beurs wol lûke. Oh dy Sietske dat is in bêsten ien.

  2. IN JANKKOLLUM

    Ferdinand de Jong docht in protte goed wurk. Sa skriuwt er tagonklike Fryske boeken dy’t derta meiwurkje dat de minsken dy’t graach ris wat tagonklike Fryske boeken lêze har gerak krije kinne. Ek ferkeapet er boeken yn doarpen, neffens in systeem dat ik in pear jier lyn foar him betocht ha, en ek dat giet knap. Mar út en troch rekket er dochs wat fan de dyk, dan hat er it bygelyks oer in ,,jankkollum” fan Pieter de Groot. Of dan wol er wat oer de Fryske literatuer beweare. Ja, dan giet it wolris mis. Ik hoopje dat Ferdinand de Jong noch in protte, nee, bergen tagonklike Fryske boeken skriuwe en ferkeapje mei. Mar salang’t er gjin ûnderskied meitsje kin tusken taalbefoardering en literatuerbefoardering, moat er wat my oanbelanget mar net te faak mear, foar de radio of wêr dan ek, de mûle spiele oer de Gysbert Japicxpriis.

  3. Abe de Vries fynt dat allinnich Eppie Dam en hy foar de Gysbert yn oanmerking komme. Nuver spultsje. De oare trije nominearren wienen wol goed genôch om de brief oan Sietske ek te ûndertekenje. Dat paste Abe fansels wol. Dat troch de tekst fan Abe no ek Eppie Dam wol in streep troch de Gysbert helje kin leit foar de hân. Eppie hat al twa wiken de tyd hân om sich te distansjearjen fan Abe syn tekst. Safier ik wit hat hy dat net dien. Útskeakele!

    Dit is myn lêste reaksje hjirre.
    Oan’t sjen yn Boalsert 2019.

  4. Och dy Drost. Wat in draaikontsje mei syn eigen útspraakjes. As nimmen wat fan him hearre lit as der wat te dwaan is yn it Fryske skriuwerswrâldsje hat er oer skiters en as der dan in inistjatyf is fan skriuwers is it ek net goed.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *